
Fryslân zet ‘m op
Fryslân zet ‘m op
Wisten je dat Nederlân it iennige lân fan de wrâld is dêr't mear minsken yn it ferkear ferstjerre op de fyts as yn de auto? En dat wylst it dragen fan in fytshelm it risiko op harsenletsel mei 36% ferlytse en in soad leed foarkomt.
It tal fytsslachtoffers mei slim letsel is yn de ôfrûne 10 jier flink omheech gien, nammentlik mei 40% yn de perioade 2013 -2022.
De meast resinte sifers litte sjen dat yn 2022 yn Nederlân 88.800 fytsers op de Spoedeaskjende Help bedarren. Dêrfan hiene 57.000 fytsslachtoffers mei slim letsel.
Goed in kwart fan harren, mear as 15.000 fytsers, rûn by it ûngelok harsenletsel op. En dat wylst ûndersyk sjen lit dat helmgebrûk de kâns op harsenletsel mei ien tredde ferleget en de kâns op holletsel wurdt sels 62% leger en de kâns op deadlik holle - of harsenletsel sels mei 70 prosint.










