Feit of fabel: Fytsen is gefaarliker as autoride

Twee jonge vrouwen fietsen met een fietshelm op

As it giet om dyn feilichheid en dyn harsens wolst fansels wis witte oft de ynformaasje dy'tst earne lêst of hearst wol echt kloppet. Der geane allegearre fabels om oer it brûken fan in fytshelm. Mar gelokkich der is, tanksij eksperts, ûndersiken en sammele data, ek in soad grûnde ynformaasje beskikber: wichtige feiten dy't elkenien witte moatte soe. Yn ‘Feiten en fabels: helmfeiten útlein’ ûntkrêftsje wy de fabels en befêstigje wy de feiten oer it brûken fan in fytshelm. Wat tinkst: is it feiliger om op ' en paad te gean mei de fyts óf mei de auto? Lês fierder foar it antwurd.

Feit of fabel?

Fan sydtsjiltsjes oant kilometers fytse nei de middelbere skoalle: yn Fryslân groeie wy op mei fytsen. It is fanselssprekkend en we fiele ús feilich op de fyts. Dochs is it, as je sjogge nei it tal ferkearsdeaden, feiliger om yn de auto te stappen, dan op de fyts. 

Ferkearsslachtoffers yn Nederlân 

Hoewol't Nederlân ien fan de bêste ynfrastruktueren hat op de wrâld, binne ferkearsûngelokken net oer te kommen. Dit soarget jierliks foar in soad slachtoffers. Fan slachtoffers mei skaafwûnen of brutsen bonken oant in deadlike ôfrin. Yn 2021 kamen yn Nederlân 582 minsken om it libben troch in ferkearsûngelok. It goede nijs: dit oantal is sûnt it jier 2000 enoarm sakke. Doe foelen der noch 1.166 deadlike slachtoffers yn it ferkear. Nettsjinsteande de groei fan de befolking is it tal ferkearsdeaden de ôfrûne tsien jier halvearre. Mar wylst it oer it algemien feilich wurdt yn it ferkear, bliuwt it oantal deadlike fytsslachtoffers jierliks skommeljen om de 200 hinne. 

Ferkearsdeaden troch fytsûngelok 

Yn 2024 kamen yn Nederlân 24 minder fytsers om it libben as yn 2023. Dochs wiene de measte ferkearsslachtoffers yn 2024 fytsers (246), folge troch ynsittenden fan in persoane-auto (220). Yn 2023 ferstoarne 270 persoanen troch in fytsûngelok en 194 troch in auto-ûngelok. Yn 2022 wie it tal fytsdeaden it grutst yn 25 jier (290).

Een staafdiagram die aangeeft hoeveel slachtoffers er in het verkeer zijn.

Bron: CBS

Utlis staafdiagram ferkearsdeaden per ferfiersmiddel 

  • Personenauto 
    2023: 194 ferkearsdeaden. 2024: 220 ferkearsdeaden.
  • Fyts 
    2023: 270 ferkearsdeaden. 2024: 246 ferkearsdeaden.
  • Motorfyts 
    2023: 46 ferkearsdeaden. 2024: 56 ferkearsdeaden.
  • Fuotgonger 
    2023: 71 ferkearsdeaden. 2024: 59 ferkearsdeaden.
  • Brom- en snorfyts en brommobyl 
    2023: 32 ferkearsdeaden. 2024: 30 ferkearsdeaden.
  • Motorisearre ynfalefoerreau
    2023: 53 ferkearsdeaden. 2024: 57 ferkearsdeaden.
  • Bestelauto, frachtwein 
    2023: 16 ferkearsdeaden. 2024: 6 ferkearsdeaden. • Oare dielname 2023: 2 ferkearsdeaden. 2024: 1 ferkearsdeade.

Is de fytshelm de oplossing? 

Ferkearsûngefallen binne nea hielendal foar te kommen, mar je kinne josels wol beskermje tsjin earnstich of sels deadlik letsel. Al hielendal op it ferfiermiddel wêrmei ' tst it grutste risiko rinst: de fyts. In fytshelm is in maklike én effektive wize, want dêrmei ferlegest de kâns op deadlik holle - en harsenletsel mei wol 70 prosint. Nei skatting binne der 85 ferkearsdeaden en 2.500 oant 2.600 slimme ferkearsferwûnen minder per jier as elke fytser in helm drage soe. Setsto him tenei ek op?