Kommissaris fan de Kening

De kommissaris fan de Kening (kfdK) fertsjintwurdiget it regear yn de provinsje. De Kening beneamt de kommissaris foar 6 jier.
Taken fan kommissaris fan de Kening
De kommissaris fan de Kening (kfdK) hat ferskate taken:
- Foarsitter fan Provinsjale Steaten en Deputearre Steaten
De kfdK is foarsitter fan Provinsjale Steaten. De kommissaris is ek foarsitter fan Deputearre Steaten. As lid makket dy ek diel út fan Deputearre Steaten. - Provinsjale taken
De kfdK hâldt tafersjoch op it beliedsproses fan de provinsje. En advisearret en bemiddelet by bestjoerlike problemen yn gemeenten. - Rykstaken
De kfdK stimulearret gearwurking tusken ynstellings en organisaasjes yn de provinsje. De kommissaris sil geregeld op wurkbesite by de gemeenten yn de provinsje. Dêrneist hat de kommissaris in rol yn it proses fan beneaming of werbeneaming fan boargemasters. De kommissaris makket de 1e seleksje fan de kandidaten. De kfdK soarget derfoar dat it proses neffens de regels giet. Ek soarget de kommissaris derfoar dat de behanneling fan beswierskriften en klachten goed bart.
De taken fan de kfdK stean yn de Provinciewet en de Ambtsinstructie commissaris van de Koning.
Beneaming kommissaris fan de Kening
De Kening beneamt de kommissaris fan de Kening (kfdK) foar in perioade fan 6 jier. De kommissaris kin dêrnei wer foar 6 jier werbeneamd wurde.
Rjochtsposysje kommissaris fan de Kening
Op de webside politiekeambtsdragers.nl stiet ynformaasje oer de rjochtsposysje fan de cvdK. Bygelyks oer arbeidsbetingsten en pensjoen fan in kommissaris.
Oersjoch kommissarissen fan de Kening
Yn it oersjoch fan de kommissarissen fan de Kening (kfdK) stiet foar elke provinsje wa't de kfdK is en wannear't dy beneamd is.