De provinsjale keunstkolleksje bestiet út wurken fan Fryske keunstners of fan keunstners dy’t langere tiid yn Fryslân wenne en wurke hawwe. De provinsjale keunstkolleksje is in komplekse samling fan keunstwurken en as gehiel draacht it de spoaren fan de tige wikseljende bedoelings, wêrmei’t troch de jierren hinne troch de ûnderskate oankeapkommisjes tusken 1955-1992 oankocht is. De kolleksje jout net allinne in tige ôfwikseljend byld fan de Fryske keunstproduksje yn de ôfrûne desennia, mar lit ek de ‘artistike waan fan de dei’ sjen.

Besjoch de keunstkolleksje(eksterne keppeling).