• Jo binne no op de webside fan de provinsje Fryslân. Hjir kinne jo ynformaasje op fine fan en oer it bestjoer fan de provinsje.
  • Wy besykje de webside sa goed as mooglik by te hâlden. Dochs is it mooglik dat ynformaasje net mear goed of ferâldere is. As jo dat sjogge, kinne jo in e-mail stjoere nei website@fryslan.frl. Jo kinne hjir ek te plak foar oare fragen oer de webside. Binnen trije dagen krije jo in antwurd. Skilje kin ek, nei 058 - 292 5925.
  • Op dizze webside meitsje wy links nei websiden fan oare oerheden lykas ministearjes, oare provinsjes, gemeenten en wetterskippen, mar net nei bedriuwen. 
  • De teksten, foto's en films op dizze webside binne eigendom fan de provinsje, útsein de foto's fan de leden van Provinsjale Steaten. Se binne eigendom fan het Hoge Noorden - Jacob van Essen.
  • Foarmjouwing: SIMgroep, www.simgroep.nl(eksterne keppeling)
  • Technyske realisaasje: SIMgroep, www.simgroep.nl(eksterne keppeling)

Tagonklikheidsferklearring

Besjoch ús tagonklikheidsferklearring op dizze side

Privacy 

Jo besykje dizze webside sûnder dat wy witte wa’t jo binne. Wol set it kompjûtersysteem automatysk in bestantsje mei letters en sifers op jo kompjûter, mar dêr stiet gjin ynformaasje oer jo yn. Dat wurdt ek wol in ‘cookie’ neamd. De cookies dy’t wy brûke binne needsaaklik foar de technyske wurking fan de webside en jo brûkersgeriif. Troch de cookies soargje wy derfoar de de webside goed wurket en ûnthâldt de webside bygelyks jo foarkarsynstellings. Jo kinne ús webside anonym besykje, of it moat wêze dat jo persoanlike gegevens yn bygelyks in digitaal formulier ynfolje. Dy ynformaasje brûke wy allinne om in antwurd op jo fraach jaan te kinnen.

Privacyverklaring

Besjoch de algemiene privacyferklearring van provinsje Fryslân. Der is ek in Ingelske ferzje beskikber. 

Funksjonaris gegevensbeskerming

In funksjonaris foar gegevensbeskerming (FG) is belêste mei it tafersjoch op ‘e beskerming fan jo persoansgegevens. De FG fan de provinsje Fryslân is berikber fia it Klant Contact Centrum fan de provinsje: telefoannûmer 058-292 59 25 of mei in e-mail: functionarisgegevensbescherming@fryslan.frl.

Mochten jo leaver streekrjocht jo fraach oan de FG stelle yn stee fan fia it KCC, dan kinne jo dat by harren oanjaan. De operators binne op ‘e hichte fan de dan te folgjen proseduere.

Responsible Disclosure provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân fynt de feiligens fan de provinsjale ynformaasjesystemen tige wichtich. Nettsjinsteande ús soarch kin it foarkomme dat der dochs swakke plakken yn de provinsjale ynformaasjesystemen sitte. As jo in swak plak yn ien fan ús ynformaasjesystemen fûn hawwe, dan hearre wy dat graach sa gau mooglik fan jo. Mei jo kinne wy dan passende maatregels nimme en sa it swakke plak oplosse.

Wy freegje jo om:

  • jo befiningen te mailen nei abuse@fryslan.frl of te beljen mei 058 -292 59 25;
  • de befiningen as it kin mei ús PGP-kaai te kodearjen om tefoaren te kommen dat de ynformaasje yn ferkearde hannen falt;
  • genôch ynformaasje te jaan sadat wy it probleem reprodusearje kinne. Fermeld yn alle gefallen it IP-adres of de URL fan it troffen ynformaasjesysteem en in omskriuwing fan it swakke plak. Mear ynformaasje is altyd wolkom. It brûken fan screenshots wurdt tige oanret;
  • minimaal in e-mailadres of telefoannûmer efter te litten, sadat wy kontakt mei jo opnimme kinne;
  • ynformaasje oer it swakke plak net mei oaren te dielen oant it oplost is;
  • ferantwurdlik om te gean mei de kennis oer it befeiligingsprobleem troch gjin hannelingen te dwaan dy’t fierder geane as needsaaklik is om it swakke plak oan te toanen.

Mij dus yn alle gefallen de neikommende hannelingen:

  • it brûken fan hackingtools en malware;
  • it kopiearjen, wizigjen of wiskjen fan gegevens yn in ynformaasjesysteem (in alternatyf dêrfoar is it meitsjen screenshots om de swakkens oan te toanen);
  • it oanbringen fan feroarings yn it ynformaasjesysteem dat de wurking fan it ynformaasjesysteem feroaret;
  • it hieltyd wer tagong ta it ynformaasjesystemen besykje te krijen troch gebrûk te meitsjen fan ‘bruteforce’ metoaden;
  • it gebrûk meitsjen fan denial-of-service metoaden of social engineering.

Wat jo ferwachtsje meie:

  • as jo by de melding fan in troch jo konstatearre swak plak yn in ynformaasjesysteem fan de provinsje Fryslân oan alle boppesteande betingsten foldogge, sille wy gjin juridyske konsekwinsjes oan dy melding ferbine;
  • Wy behannelje in melding fertroulik en diele persoanlike gegevens sûnder tastimming fan de melder net mei tredden, of it moat wêze dat dat wetlik of op grûn fan in rjochterlike útspraak ferplichte is;
  • yn ûnderling oerlis kinne wy, as jo dat wolle, jo namme fermelde as de ûntdekker fan it melde swakke plak;
  • wy stjoere jo binnen 1 wurkdei in ûntfangstbefêstiging;
  • wy reagearje binnen 3 wurkdagen op in melding mei de beoardieling fan de melding en in te ferwachtsjen datum foar in oplossing;
  • wy hâlde jo op ‘e hichte fan de fuortgong fan it oplossen fan it probleem;
  • wy losse it troch jo konstatearre swakke plak yn in ynformaasjesysteem sa gau mooglik, mar uterlik binnen 90 dagen, op. Yn ûnderling oerlis kin besletten wurde oft en op hokker wize oer it swakke plak, nei’t it oplost is, publisearre wurdt.

Wolle jo it ynformaasjebefeiligingsbelied fan de provinsje witte, dan kinne jo dat fia abuse@fryslan.frl opfreegje.

Digi-D en eHerkenning

As jo fia in digitaal formulier fan de webside in oanfraach dogge, moatte jo jo by in tal formulieren identifisearje mei help fan jo DigiD of eHerkenning. Nei de identifikaasje wurde dy gegevens brûkt foar de troch jo yntsjinne oanfraach of wiziging, dat wy der wis fan binne dat wy de krekte persoan helpe.

Dat jildt no noch foar in tal formulieren. Yn ‘e takomst jildt dat foar formulieren dy’t ynfolle wurde om in melding te dwaan of om in fergunning of subsydzje oan te freegjen. Foar koarte formulieren, lykas in oanmeldformulier foar in evenemint meitsje wy gjin gebrûk fan DigiD of eHerkenning.

Siteimprove

Dizze webside makket gebrûk fan de programma Piwik Analytics en Siteimprove. Dat binne webanalyze-programma’s dy’t wy brûke om de website te analysearjen. Sa krije wy ynformaasje oer it tal besikers, hokker siden it meast besocht wurde of de tiden fan besite. Wy kinne gjin persoanlike ynformaasje oer de besikers fan de webside ynsjen. Mei persoanlike ynformaasje bedoele wy bygelyks de âldens, it wenplak en it geslacht fan de besiker.

Cookies wegerje

Jo kinne it brûken fan cookies wegerje troch dat yn jo browser yn te stellen. Wy wize jo der lykwols op dat jo yn dat gefal faaks net alle mooglikheden fan dizze webside brûke kinne.

Frysk op dizze webside

It brûken fan it Frysk op de webside hat ek de oandacht fan Deputearre Steaten en de amtlike organisaasje.

Dokuminten

Ferskate dokuminten op dizze site biede wy oan yn pdf-foarm (Portable Document Format). Om pdf-bestannen lêze te kinnen en te printsjen binne jo Adobe Reader(eksterne keppeling) nedich.