Provinsje Fryslân brûkt Zivver om feilich te e-mailen en bestannen út te wikseljen

Hawwe jo in e-mail fan in meiwurker fan ‘e provinsje Fryslân krige dy’t fia Zivver ferstjoerd is? Dan kinne jo derfan útgean dat de ôfstjoerder betrouber is. 

De provinsje brûk Zivver om feilich e-maile te kinnen en bestannen út te wikseljen. Jo hawwe dizze mail krige omdat in meiwurker fan de provinsje Fryslân ynformaasje mei jo diele wol, dy’t allinne foar jo bestimd is. Jo hoege gjin Zivverakkount te hawwen of oan te meitsjen om by jo ynformaasje te kinnen.

Notifikaasjemail

As in meiwurker fan de provinsje Fryslân fertroulike ynformaasje mei jo dielt fia Zivver, dan krije jo in notifikaasjemail. Mei in tagongskoade dy’t jo mei in e-mail of sms krije, kinne jo de befeilige ynformaasje iepenje. Dat soarget derfoar dat jo allinne tagong ta de ynformaasje hawwe.

Feilich ferstjoere

Zivver kodearret berjochten mei fertroulike ynformaasje, lykas persoansynformaasje, dossiers of ferslaggen dy’t de meiwurkers fan de provinsje Fryslân feilich ferstjoere wolle. Sa soargje wy derfoar dat jo allinne dy ynformaasje rieplachtsje kinne.

Striidber tsjin digitale drigings

De provinsje Fryslân makket sûnt 1 jannewaris 2025 gebrûk fan Zivver. Dat is ien fan de manieren wêrop’t wy ynfolling jouwe oan cybersecurity en digitale striidberens. Troch fertroulike ynformaasje better te befeiligjen, binne wy digitaal striidberder tsjin digitale drigings.

Sa wurket Zivver 

Hoe iepenje jo in berjocht dat fia Zivver ferstjoerd is? 

By de earste kear dat jo in e-mail fan de provinsje Fryslân fia Zivver krije, krije jo ek in e-mail mei in útlis, ynklusyf ynstruksjefideo. It werklike e-mailberjocht iepenje jo troch op de blauwe link mei de tekst ‘Klik voor bericht’ te klikken. Jo wurde dan automatysk trochstjoerd nei it befeilige fermidden fan Zivver. Dêr moatte jo in tagongskoade of sms-koade ynfiere.

Berjocht iepenje mei in tagongskoade

Jo hawwe in befeilige berjocht ûntfongen. Dejinge dy’t it berjocht oan jo stjoert, wol der wis fan wêze dat jo allinne it berjocht lêze kinne. De ôfstjoerder hat dêrom in tagongskoade oan jo trochjûn, fia de post, telefoanysk of persoanlik. Klik op ‘Klik voor bericht’ en folje dy tagongskoade yn. No kinne jo it berjocht lêze. Hawwe jo gjin tagongskoade krige? Nim dan kontakt op mei de ôfstjoerder.

Berjocht iepenje mei in sms-koade

Jo hawwe in berjocht krige dat is mei in sms-koade befeilige is. Dejinge dy’t it berjocht oan jo stjoert, wol der wis fan wêze dat jo allinne it berjocht lêze kinne. Klik op ‘Klik voor bericht’ en dêrnei op ‘sms sturen’. Folje dan de koade yn dy’t jo op jo telefoan krije. No kinne jo it berjocht lêze.

Wolle jo reagearje op in e-mailberjocht dat fia Zivver ferstjoerd is? 

Jo lêze it berjocht dat fia Zivver ferstjoerd is op in befeilige webside. As jo op it berjocht reagearje wolle, dan kin dat op dy side. Klik op de knop ‘Beantwoorden’. Jo kinne dan yn it antwurdfjild daliks jo reaksje type. Eventueel kinne jo ek in taheakke tafoegje mei de peperklip-knop. Jo ferstjoere de reaksje troch op de ferstjoerknop te klikken. As de ûntfanger dêrop reagearret, krije jo fia de e-mail wer in notifikaasje.