De provinsje publisearret stikken yn it Frysk of it Nederlânsk. Foar ien dy't in Frysktalich stik ûntfangt en dy taal net behearsket, is op oanfraach in Nederlânske oersetting te krijen. Mei it ûndersteande formulier kin ek in oersetting fan ien of mear stikken oanfrege wurde. Alle fjilden moatte ynfold wurde. Jo persoanlike gegevens wurde net oan tredden jûn of foar oare doelen brûkt as dêr't jo se hjir foar efterlitten hawwe.

Oersetting oanfreegje

De kosten foar in oersetting

In oersetting is fergees as it giet om:

  • oantekens fan in gearkomste;
  • in fêststelling fan foarskriften en/of beliedsregels;
  • in beslút of in oare hanneling.