Wurkje by provinsje Fryslân

Wurkje by provinsje Fryslân

In baan by provinsje Fryslân is in baan fan betsjutting. Do wurkest oan wichtige tema’s en draachst by oan in moai en sterk Fryslân.

Wurkje bij provinsje Fryslân

In baan by provinsje Fryslân is in baan fan betsjutting. Do wurkest oan wichtige tema’s en draachst by oan in moai en sterk Fryslân. Wy binne in grutte organisaasje mei likernôch 750 meiwurkers. Wolsto mei kollega's meibouwe oan de takomst fan ús moaie provinsje? Dan is in baan by provinsje Fryslân dyn kâns! Wy biede dy folop mooglikheden om troch te groeien en dysels te ûntwikkeljen; persoanlik én yn dyn wurk.

Mei-inoar sette wy ús yn foar in noflik wen-, wurk- en libbensklimaat foar alle ynwenners en ûndernimmers fan Fryslân, yn ‘e mande mei de mienskip. Dêrby sykje wy de balâns tusken ekonomyske belangen en in sûne natuer. Wy wolle bygelyks sawol ús (wetter)wegen befarber hâlde as goed soargje foar de Fryske natuer. Wolsto in rol fan betsjutting spylje yn de moaiste provinsje fan Nederlân? Wy leare dy graach kennen!

Fryslân hat in dúdlike eigen identiteit en dy koesterje wy. Dêrom is twataligens by provinsje Fryslân in basisprinsipe. Foar dy ek?

                                                                                                                                   #wijzijnprovinciefryslan 

  • Informatieanalist (32-36 uur)

    Technologie speelt een belangrijke rol bij de realisatie van de strategische doelstellingen van de provincie, zowel beleidsmatig als qua uitvoering.

  • Adviseur Natura 2000 (32-36 uur)

    Fryslân heeft prachtige, diverse natuur die het beschermen en ontwikkelen waard is. En dat is precies jouw werk!

Vier mensen op een rij voor het provinciehuis

Ferhalen fan ús kollega’s

  • Esther Heida

    Esther Heida is koördinator Public Affairs. Ienfâldich sein giet dat oer lobbywurk yn Den Haach en Brussel om dingen foarinoar te krijen foar Fryslân. Lês wat Esther fertelt oer har wurk.

  • Hilde Kloosterziel

    Hilde Kloosterziel is koördinator fan it romte- en kwaliteitstiim. Dat tiim advisearret yntern en ekstern oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Lês it ferhaal fan Hilde oer har wurk.

  • Marten Kalsbeek

    Marten Kalsbeek is nautysk hanthavener by Provinsje Fryslân. Gjin kantoarbaan, mar alle dagen it wetter op mei ien fan ’e boaten fan Provinsjale Wettersteat. Lês wat Marten fertelt oer syn baan.

Staazje rinne

Wolsto staazje rinne by ús? Dat fine wy hiel leuk en gesellich, do bist fan herte wolkom! By ús krigest de mooglikheid om ûnder begelieding ûnderfining op te dwaan of in ôfstudearopdracht út te fieren. Fia ûndersteande link kinst it staazjeformulier ynfolje. Do meist yn it formulier oanjaan by hokker ôfdieling oftst staazje rinne wolst, hokker oplieding oftst folgest, yn hokker learjier oftst sitst, wat dyn leardoelen binne en yn hokker perioade oftst beskikber bist. Mochtst oer dyn staazjefersyk kontakt hân hawwe mei ien fan ús meiwurkers, folje dy namme dan op it formulier yn. Do krigest dêr in ûntfangstbefêstiging fan en wy stribje dernei datst binnen twa wiken antwurd op dyn staazjefersyk krijst.

Staazje rinne

Traineeship

Hâldst do it leafst alle dagen om healwei fiven op, bliuwsto by foarkar de hiele dei efter dyn laptop sitten en genietest fan fêste wurksumheden yn in standert proses? Lês dan net fierder. Wy sykje nammentlik projektlieders dy't ferantwurdlikheid doare te pakken, fleksibel wurkje wolle en fluch trochgroeie wolle. Past dat by dy en sikest in tof traineeship yn it Noarden? Lês dan fierder fia ûndersteande link!

Traineeship

Iepen sollisitaasjes

Wolst graach wurkje by Provinsje Fryslân mar stiet dyn dreambaan net by de fakatueres? Ek dan wolle wy graach witte wa'tsto bist en watst kinst. Stjoer in iepen sollisitaasje fia de sollisitaasjelink hjirûnder en wa wit komme wy ynkoarten mei-inoar yn 'e kunde!

Iepen sollisitaasje(eksterne link)

Fragen?

Hasto in fraach oer sollisitearje of wurkje by provinsje Fryslân? Nim dan kontakt op mei recruitment@fryslan.frl

Op ’e hichte bliuwe 

Wolst as earste op ’e hichte wêze fan de fakatueres by provinsje Fryslân? Folgje ús op X(eksterne link) en LinkedIn(eksterne link).

Collega Fenna aan de balie van het Swettehûs