Portretfoto van Johanna Westerdijk

“ Ik bin sûnt febrewaris 2023 wurksum by provinsje Fryslân as jurist by it team Omjouwingssaken. Yn myn wurk hâld ik my dwaande mei VTH (fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening ). Hjirby beäntwurdzje ik juridyske fraachstikken, jou ik advys en stel ik belied op. Yn ‘e mande mei it VTH-team wurkje wy oan aktuele tema’s, mei as doel in bydrage te leverjen oan in skjin, feilich en leefber Fryslân!

It team

Us team bestiet út oandreaune kollega's mei kennis fan it fak en mei in fyzje om hieltyd te ferbetterjen. Der is in gesellige en gemoedlike wurksfear. Ik kin altyd by myn kollega's oanklopje as ik efkes sparje wol oer in fraachstik, dat fyn ik hiel noflik.

Frijheid

Yn myn funksje by provinsje Fryslân ûnderfyn ik in soad frijheid en fleksibiliteit. Ik krij de frijheid om de dingen te dwaan dy't ik leuk fyn. Sûnt ik begûn bin by provinsje Fryslân, haw ik oan ferskate ûnderwerpen wurkje mochten binnen myn eigen team. Ik haw ek de mooglikheid krigen om op oare ôfdielingen myn stientsje by te dragen. Sa bin ik ek wurksum by it team Vastgoed en Grondzaken, hâld ik my dwaande mei de Wet Bibob en de neisoarch fan stoartplakken. Ik fyn it hartstikke leuk om sa'n soad ôfwikseling yn myn wurksumheden te hawwen! Ik kin ek myn oeren fleksibel yndiele en kin der sawol thús as op it provinsjehûs wurke wurde. Troch dy fleksibiliteit kin ik myn wurk goed mei privee kombinearje.

Grutsk op 'e Fryske identiteit

Ik bin grutsk op myn baan by provinsje Fryslân. Ik fyn it moai om te sjen dat der binnen de organisaasje in soad wearde hechte wurdt oan de Fryske kultuer. In moai foarbyld dêrfan is de Fryske taal dy'tst weromfynst op de paadwizers yn it provinsjehûs. Ek wurde der fia de provinsje kursussen Frysk oanbean en kinst yn it Frysk kommunisearje mei dyn kollega's.

Mienskip 

Ik fyn it belangryk om in ferskil te meitsjen. Myn baan is fan tafoege wearde en biedt dêrmei de mooglikheid om in posityf ferskil te meitsjen, net allinnich binnen de organisaasje sels, mar ek foar de mienskip."