Finânsjes fan de provinsje Fryslân

Elke ynwenner fan Fryslân draacht fia belestingen by oan wat wy as provinsje dogge. Dêrom fine wy it wichtich om goed út te lizzen wêr't ús jild weikomt, wêr't wy it oan útjaan en hoe't wy dêroer ferantwurding ôflizze. 

Sa wurkje wy iepen, earlik en transparant oan in finansjeel sûne provinsje.

Fryslân yn 2027: dit binne ús plannen 

Wêr ynvestearje wy yn as provinsje? En hoe soargje wy derfoar dat Fryslân in noflike, berikbere en sterke provinsje bliuwt? 

Yn dizze koarte animaasje litte wy graach sjen wêr’t wy yn 2027 mei oan de slach gean en hokker karren wy meitsje foar ús mienskip.

Wat wurdt der ferteld yn de animaasje

 Ynlieding 

Fryslân is it plak dêr’tsto wennest, libbest en wurkest. Dêrom is it wichtich datst witst wat der yn ús provinsje spilet. 

As provinsje wurkje wy mei dy oan in omjouwing dêr’t minsken harren thús fiele en wêr't romte is om noflik te libjen mei elkoar. 

Alle jierren meitsje wy in begrutting: wat wolle wy berikke, en hoe betelje wy dat? Yn dizze fideo nimme wy dy mei yn ús plannen foar 2027. 

Ferfier & Ynfrastruktuer 

Wy wolle dat, yn 2050, elkenien yn Fryslân feilich, flot en duorsum fan A nei B komme kin. 

Dêrom ynvestearje wy yn diken, farwegen, brêgen en goed iepenbier ferfier. Mar ek yn fytspaden mei feiligere oerstekplakken foar fytsers. 

Natuer & Lânbou 

Wy hâlde fan it Fryske lânskip. En dat wolle wy beskermje en fersterkje. 

Dêrom wurkje wy yn ‘e mande mei boeren en doarpen oan ynnovative lânbou, natuerherstel en in libbensomjouwing dy’t takomstbestindich is. Op de fêste wal, mar ék yn it waadgebiet. 

Romte & Klimaat 

Hieltyd mear minsken wolle hjir wenje. Dêrom kieze wy foar tûke oplossingen yn enerzjy en romte. 

Om’t Fryslân ryk is oan wetter, sette wy yn op wetterwaarmte. En troch sirkulêr te bouwen, wurkje wy oan in duorsum Fryslân, klear foar de takomst. 

Ekonomy & Mienskip 

Fryslân is sterk as wy gearwurkje. Dêrom jouwe wy romte oan inisjativen fan ynwenners, kultuer en in sterke regionale ekonomy.. 

Karakteristike tsjerken kinne mei in nije bestimming in plak wurde foar moetsjen, aktiviteiten en de mienskip. 

Ek grutte, bysûndere eveneminten sette Fryslân op de kaart. Se bringe minsken byinoar, jouwe wille en fleur én soargje foar ekstra bedriuwichhyd yn ús provinsje. 

Bestjoer & Organisaasje 

Tegearre mei gemeenten, ûndernimmers en (feilichens)partners sette wy ús yn om ûndermynjende kriminaliteit tsjin te gean. Troch gear te wurkjen en kennis te dielen, meitsje wy ús provinsje werberder en hâlde wy Fryslân feilich. 

Ofslúting 

Dit is de begrutting foar 2027. Makke foar Fryslân, en mei Fryslân. 

Wolst mear witte? De hiele begrutting kinst fine op ús webside. 

Want ús Fryslân, dat meitsje wy mei-inoar

Wat is der te sjen yn de animaasje

Audiobeskriuwing Begrutting 2027

00:00 – 00:03: Iepeningsbyld fan de fideo mei it yntro fan Provinsje Fryslân. In read pompeblêd kloppet yn byld en dêrneist ferskynt it logo mei de tekst “Provinsje Fryslân”.

00:03 – 00:10: It logo ferdwynt en in animearre kaart fan Fryslân ferskynt grut yn byld. Om de kaart hinne ferskine trije rûne bylden. Dêryn sjogge wy in húshâlding, in persoan dy't ûntspannen mei in boek leit en in persoan by in tal hege gebouwen. Yn it midden fan de kaart ferskynt in lyts pompeblêd.

00:10 – 00:13: De trije rûne bylden ferskowe nei de sydkanten fan de kaart. It pompeblêd yn it midden fan Fryslân wurdt ûnderdiel fan it folsleine logo fan Provinsje Fryslân.

00:13 – 00:22: De kaart ferdwynt en makket plak foar in Frysk lânskip. Op de eftergrûn ferskine ûnder oare huzen, in tsjerke, hege gebouwen, beammen en wynmûnen. Fûgels fleane troch de loft. Troch it lânskip rinne ferskate brede paden. Der fytse minsken troch it byld en op de foargrûn ferskine ferskate ynwenners: in frou, bern en in man. Op de eftergrûn leit immen ûntspannen in boek te lêzen.

00:22 – 00:26: De persoanen ferdwine. Ut it lânskip groeit in rôze paadwizer omheech. Op it boppeste boerd stiet “Wat wolle wy berikke?”. Dêrûnder ferskynt in grien boerd mei de tekst “Hoe betelje wy dat?”.

00:26 – 00:34: It lânskip bliuwt earst op de eftergrûn stean en de fraach “Wêr giet it jild hinne?” ferskynt grut yn byld. Dêrnei ûntstiet in sirkel mei dêryn “2027”. De sirkel feroaret yn in sirkeldiagram mei ferskate kleurde flakken. Dy kleuren steane foar de ferskate ûnderdielen fan de begrutting. It rôze flak wurdt útlichte. Yn de sirkel ferskynt “164,8 miljoen” en dêrûnder stiet “Ferfier & Ynfrastruktuer”.

00:34 – 00:40: In wrâldbol ferskynt yn byld. Om de wrâldbol hinne groeie griene blêden. Under de wrâldbol stiet “2050”. Rjochts ferskine trije finkjes mei de wurden “Feilich”, “Flot” en “Duorsum”.

00:40 – 00:53: Der ferskynt in stippele, slingerjende rûte fan lokaasjepunt A loftsboppe nei lokaasjepunt B rjochtsûnder. By de rûte lâns ferskine rûne bylden mei ferskate ferfiermiddels. Earst binne ûnder oare in auto en in bus te sjen. Dêrnei komme in sylboat en fytsers yn byld. De bylden litte ferskate manieren sjen wêrop minsken har oer de dyk, it fytspaad en it wetter troch Fryslân ferpleatse.

00:53 – 00:57: De rûte ferdwynt en it sirkeldiagram komt opnij yn byld. It griene diel wurdt útliichte. Dêrûnder ferskynt de titel “Lânbou & Natuer”.

00:57 – 01:03: In reade kaart fan Fryslân ferskynt en feroaret yn in read pompeblêd. Der wurdt útzoomd. Om it pompeblêd hinne ferskine twa ljochtblauwe hannen dy't it symboal as it ware beskermje.

01:03 – 01:16: Underoan ferskynt in grien Frysk lânskip. In giele trekker rydt troch it byld, by planten, beammen en bebouwing lâns. Boppe yn byld ferskine efterinoar trije begripen mei byhearrende ikoanen: in lampke by “Ynnovative lânbou”, in plant by “Natuerherstel” en in each by “Takomstbestindich”. De trekker rydt fierder en der ferskynt in boer mei in heafoarke tusken blommen en gewaaksen. Ek rinne der hinnen troch it byld.

01:16 – 01:20: It lânskip feroaret yn in byld fan it Fryske Waadgebiet, mei wetter, in fjoertoer, in sylboat en begroeiïng. Dêrnei ferskynt opnij it sirkeldiagram. It donkerblauwe ûnderdiel wurdt útliichte. Yn de sirkel stiet “46,3 miljoen” en dêrûnder “Romte & Klimaat”.

01:20 – 01:34: In nij lânskip ferskynt mei wenningen, wetter en grien. Yn it lânskip komme ferskate tapassingen fan duorsume enerzjy yn byld. Der ferskynt ûnder oare in “Enerzjyhub”, mei wenningen, wynmûnen en sinnepanielen. Ek wurdt in systeem ûnder de grûn sichtber wêrby't liedingen in enerzjyboarne mei bebouwing ferbine. Hjirmei wurdt akwatermy ferbylde.

01:34 – 01:39: Boppe it lânskip ferskynt in grutte donkerblauwe sirkel mei wite pylken dy't rûndraaie. Fan ferskate kanten ôf skowe kleurde sirkels nei it midden. Dêrmei wurdt de oergong makke nei it folgjende ûnderdiel fan de begrutting.

01:39 – 01:43: It sirkeldiagram ferskynt opnij. It ljochtblauwe diel wurdt útliichte. Yn it midden stiet “93,8 miljoen”. Dêrûnder ferskynt “Ekonomy & Mienskip”.

01:43 – 01:53: In grut read pompeblêd ferskynt. Fan ferskate kanten ôf groeie kleurde linen nei it pompeblêd ta. Op de plakken dêr't de linen inoar reitsje, jouwe lytse hannen inoar in hân. Om it pompeblêd hinne ferskine ferskate ûnderwerpen, wêrûnder “Ynwennersinisjativen”, “Kultuer” en “Sterke ekonomy”. De linen en hannen ferbyldzje gearwurking en ferbining.

01:53 – 02:02: It byld feroaret. Yn in grut ljochtblau pompeblêd ferskynt in karakteristike tsjerke. Om de tsjerke hinne sweve kleurde muzyknoaten. Minsken rinne nei de tsjerke ta en sammelje har deromhinne. It byld lit sjen dat karakteristike tsjerken mei in nije bestimming in plak wurde kinne foar moeting, aktiviteiten en de mienskip.

02:02 – 02:10: De tsjerke ferdwynt en trije rûne ikoanen ferskine neistinoar. It earste lit in kroan sjen en stiet foar “Keningsdei”. It twadde lit in grut sylskip sjen en stiet foar “Tall Ships Races”. It tredde lit in reus sjen en stiet foar “Reuzen CH2018”. De foarbylden ferbyldzje grutte eveneminten dy't Fryslân op de kaart sette.

02:10 – 02:14: It sirkeldiagram ferskynt opnij. It giele en donkerreade diel wurde útliichte. Yn it midden stiet “133,4 miljoen” en dêrûnder ferskynt “Bestjoer & Organisaasje”.

02:14 – 02:26: In giele kaart fan Fryslân ferskynt. Yn de kaart steane trije groepen dêr't de provinsje mei gearwurket: “Gemeenten”, “Ondernimmers” en “(Feiligens)Partners”. Om de kaart hinne ferskine ferskate rûne ikoanen dy't mei linen oaninoar ferbûn wurde. De ikoanen foarmje mei-inoar in netwurk om Fryslân hinne en ferbyldzje de ferskate soarten kriminaliteit. Alle ikoanen komme yn it midden byinoar. Troch gearwurking tusken de provinsje en ferskate organisaasjes en partners bestride wy de kriminaliteit.

02:26 – 02:32: It netwurk ferdwynt stadichoan. Oer de giele kaart fan Fryslân bewege twa grutte hannen nei inoar ta. Yn it midden fan de kaart ferskynt dêrnei in grien skyld mei in wyt finkje. Dat byld lit sjen dat wy Fryslân sa mei-inoar feilich hâlde.

02:32 – 02:39: De kaart ferdwynt en tsjin in donkerblauwe eftergrûn ferskynt opnij it folsleine sirkeldiagram. Yn it midden stiet “Totaal útjeften 2027 €675 miljoen”. Under it diagram ferskynt grut “Begrutting”. Dêrby stiet de tekst “Gemaakt vóór Fryslân, en mét Fryslân.”

02:39 – 02:48: It sirkeldiagram ferdwynt. “Begrutting 2027” komt grut yn byld. Boppe de titel ferskynt in sykbalke mei it webadres “Fryslan.frl/begroting2027”. Under de titel ferskynt de ôfslutende tekst “Want ús Fryslân… meitsje wy mei inoar.”

02:48 – 02:52: De animaasje slút ôf op in wite eftergrûn. Earst ferskynt it reade, klopjende pompeblêd en dêrnei it folsleine logo fan Provinsje Fryslân. Under it logo stiet “Fryslan.frl/begroting2027”.

Wêr komt ús jild wei? 

Wy fiere taken út foar de provinsje Fryslân. Hjirfoar ûntfange wy jild út ferskillende boarnen: 

  • Provinsjefûns
    It grutste part fan ús ynkomsten komt fan it Ryk. Elke provinsje ûntfangt dy middels fia it Provinsjefûns.
  • Opsinten motorreaubelesting
    Elkenien dy't in auto hat, betellet motorreaubelesting. In part dêrfan, de saneamde opsinten, giet nei de provinsje.
  • Doelútkearingen fan it Ryk
    Foar bepaalde taken, lykas natuer, taal en mobiliteit, krije wy ekstra jild dat wy allinnich foar dy doelen brûke meie.
  • Rendemint en dividint
    De provinsje hat finansjele reserves en ynvestearrings. Dêrmei fertsjinje wy jild, bygelyks fia rinte en dividint op oandielen.

Wêr jouwe wy jild oan út? 

Wy besteegje it jild oan wetlike taken en oan saken dy ’t wichtich binne foar Fryslân, lykas: 

  • goede wegen, fytspaden en iepenbier ferfier
  • beskerming fan natuer en lânskip
  • leefberens yn doarpen en stêden
  • ekonomy, wurkgelegenheid en ynnovaasje
  • kultuer en erfgoed
  • de Fryske taal en identiteit
  • Provinsjale Steaten (de folksfertsjintwurdiging) stelle dizze saken fêst en bepale dy op basis fan plannen en prioriteiten. 

Dy karren steane beskreaun yn de begrutting

Hoe wurket it? Us planning & kontrôl-syklus 

Om te soargjen dat wy soarchfâldich en transparant mei publyk jild omgean, meitsje wy alle jierren fêste stappen troch. Dit noemen we de planning- en controlcyclus.

DokumintWat stiet deryn? Wanneaer?
Ramtnota Rjochting en karren foar de kommende jierrenFoar de simmer 
Begrutting Wat wy takom jier en mearjierrich dogge en wat it kostet Fêststelling yn novimber 
Bestjoersrapportaazje (Berap) Tuskentiidske rapportaazje en eventuele bystjoering fan budzjetten 1× per jier
Autorisaasjebeslút Ekstra momint om de begrutting technysk oan te passen Ein fan it jier 
Jierstikken Wat wy wier dien hawwe en útjûn Foar de simmer nei ôfrin fan it jier

Dêrby jildt: 

  • Provinsjale Steaten stelle de begrutting fêst en kontrolearje oft it jild goed bestege wurdt.
  • In ûnôfhinklike akkountant kontrolearret alle jierren oft alles trou en rjochtmjittich bart. 

Sa wurkje wy soarchfâldich, kontrolearber en ferantwurde mei publyk jild.

De planning & kontrôl-syklus útbyld

De planning en control-cyclus van de verschillende documenten.

Wat stiet yn de ôfbylding planning- en kontrol-syklus

Yn dizze ôfbylding wurdt de planning fan ferskate stikken oanjûn. Mei giele boltsjes wurdt oanjûn wannear't de behanneling fan dizze stikken yn Provinsjale Steaten is. 

Yn de stippele bûgde boppeste linen wurdt oanjûn wannear't de behanneling is fan:

  • Ramtnota 2027 – jannewaris 2026
  • Begrutting 2027 – novimber 2026
  • Provinsjale steateferkiezings – maart 2027
  • Bestjoersakkoart 2020 -2031 – juny 2027
  • Begrutting 2028 – novimber 2027
  • Ramtnota 2029 - juny 2028
  • Begrutting 2029 – novimber 2028

Yn de ûnderste linen wurdt oanjûn wannear't de behanneling is fan:

  • Jierstikken 2025 – july 2026
  • Berap 2026 – septimber 2026
  • Autorisaasjemomint 2026 – desimber 2026
  • Jierstikken 2026 – july 2027
  • Berap 2027 – septimber 2027
  • Autorisaasjemomint 2027 – desimber 2027
  • Jierstikken 2027 – july 2028
  • Berap 2028 – septimber 2028
  • Autorisaasjemomint 2028 – desimber 2028

Dokuminten besjen

Alle finansjele dokuminten binne iepenbier en te finen op ús Finansjele portaal. 

Sa hâlde wy Fryslân finansjeel sûn 

Mei dizze stappen soargje we derfoar dat: 

  • publyk jildt doelmjittich en ferantwurde wurdt bestege
  • ynwenners kinne folgje wat der mei belestingjild bart
  • wy op'e tiid bystjoere as dat nedich is
  • wy ferantwurding ôflizze oer resultaten

Fragen?

Hawwe jo fragen oer ús finânsjes of dokuminten? Stjoer in e-mail nei: financien@fryslan.frl 

Begrutting 2027 yn ien eachopslach