Dizze tagonklikheidsferklearring is op 11 augustus 2020 opsteld.

Wy fine it wichtich dat elkenien de ynformaasje op ús websiden sa goed mooglik lêze, begripe en brûke kin. Mei elkenien bedoele wy elkenien, dus ek besikers mei in beheining. Dat wurdt digitale tagonklikens neamd. Wy besykje de ynformaasje op ús websiden sa tagonklik mooglik oan te bieden.

Hawwe jo problemen mei it lêzen, begripen of brûken fan ynformaasje op ús websiden? Of hawwe jo in fraach oer in ûnderwerp dat net op ús websiden stiet? Folje dan it formulier yn fia ûndersteande link.

Tagonklikheidsmelding dwaan

Dizze tagonklikheidsferklearring jildt foar de websiden:

De lêste fjouwer siden binne ûnderdiel fan de haadwebside.

Us oanpak

Om it doel te berikken dat de webside tagonklik is, hantearje wy de neikommende oanpak:

  • wy litte ús websiden alle jierren op tagonklikens hifkje troch in ûnôfhinklike partij. Us websiden binne foar it lêst  op 6 july 2020 hifke troch Stichting Accessibility. It ûndersyksrapport is ûnderoan dizze side te finen;
  • wy scanne ús websiden regelmjittich op flaters mei it online websideprogramma Siteimprove;
  • de redaksje fiert geregeld tuskentiidske kontrôles út op de ynhâld fan de websiden, ek mei help fan it online websideprogramma Siteimprove;
  • ús wurknimmers binne traind om flaters op de websiden te reparearjen, dit binne de flaters dy't it online websideprogramma Siteimprove sjen lit;
  • ús foarmjouwers hawwe in kursus digitale tagonklikens folge. Safolle mooglik dokuminten wurde tagonklik opmakke;
  • de webredaksje hifket nije teksten en filmkes op tagonklikens fóárdat se op de websiden pleatst wurde.

Net tagonklike of net folslein tagonklike ûnderdielen

De neikommende ûnderdielen binne fan digitale tagonklikens útsletten:

  • ynscande brieven en besluten en oare pdf-bestannen dy’t dreech tagonklik te meitsjen binne (sjoch de alinea ‘Pdf-bestannen’ fierderop dizze side);
  • ynformaasje fan ús websiden dy’t argivearre wurde op Archiefweb. It webargyf biedt ynformaasje út it ferline oan. Dy tsjinst makket alle dagen in net oanpasbere kopy fan ús websiden. Dy âlde ynformaasje is net altyd tagonklik;
  • aktuele bekendmakkings dy’t wy  op www.officielebekendmakingen.nl pleatse;
  • ús geo-ynformaasjekaarten.

Utslach tagonklikensûndersyk troch Stichting Accessibility

Lykas sein, binne ús websiden op 6 july 2020 hifke op tagonklikens troch Stichting Accessibility. Underoan dizze side is it ûndersyksrapport te finen. Yn it ûndersyksrapport fine jo in wiidweidige útlis foar alle ûndersochte tagonklikenspunten.

Hjirûnder folget in oersjoch mei in beheinde taljochting fan alle ûnfoldwaande skoarende tagonklikenspunten út it ûndersyksrapport. It grutste part fan de flaters út it ûndersyksrapport binne ûnderwilens ferholpen:

  • Sukseskritearium 1.3.1 (nivo A): Ynfo en relaasjes – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 2.4.1 (nivo A): Blokken omsile – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 2.4.3 (nivo A): Fokus folchoarder – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 2.4.4 (nivo A): Linkdoel (yn kontekst) – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 2.4.7 (nivo AA): Fokus sichtber - foar besikers dy't de webside mei in toetseboerd lêze, is it net dúdlik wêr’t hja op de webside binne. Dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 2.5.3 (nivo A): Label yn namme – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 3.1.1 (nivo A): Taal fan de side – Dizze taalynstelling koe allinne net foar de side www.fryslan.frl/frysk ynsteld wurde. Dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 3.3.1 (nivo A): Foutidentifikaasje – dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 4.1.1 (nivo A): Parsen – Dizze flater is ûnderwilens oplost;
  • Sukseskritearium 4.1.2 (nivo A): Namme, rol, wearde – dizze flater is ûnderwilens oplost;

Tagonklikenssertifikaat

Wy moatte foldwaan oan de wetlike tagonklikensrjochtline op it mêd fan websiden. Dat wurdt ek wol de WR2-AA rjochtline neamd. Wy hawwe hurd wurke om oan dat nivo te foldwaan en wy binne der benei. Tagonklikens is net allinne eat wat wy wetlik dwaan móátte. Wy wólle der ek oan foldwaan om't wy it wichtich fine dat elkenien, dus ek minsken mei in beheining, him/har op ús websiden rêde kin.

Foar hokker groepen is tagonklikens ekstra wichtich?

Wy stribje der nei dat elkenien, ek as der sprake is fan in beheining, ús websiden lêze, begripe en brûke kin. Der is yn de neikommende situaasjes sprake fan in beheining op it mêd fan digitale tagonklikens:

  • as immen in lêskompjûter nedich hat om de tekst te lêzen, bygelyks troch in fisuele of lichaamlike beheining;
  • as immen in gehoarbeheining hat en dêrtroch min of hielendal net lûden ferstean kin, bygelyks filmfragminten of audio-opnamen;
  • as immen de Nederlânske taal ûnfoldwaande behearsket (lêze, skriuwe, ferstean).

Digitaal tagonklik

Hoe soargje wy derfoar dat ús websiden sa tagonklik mooglik binne?

  • Wy besykje ús teksten yn ienfâldich Nederlânsk te skriuwen (op B1-lêsnivo), sadat safolle mooglik minsken de tekst lêze, begripe en brûke kinne;
  • Fideo’s op ús websiden befetsje ûndertiteling, sadat ek minsken mei bygelyks in gehoarbeheining de fideo’s lêze, begripe en brûke kinne;
  • De websiden binne mei alle pc’s, tablets of smartphones te brûken, sadat elkenien, hokker apparaat der ek brûkt wurdt, tagong ta de ynformaasje hat;
  • De websiden befetsje in foarlêsfunksje, sadat minsken dy in foarlêstool brûke tagong ta de ynformaasje hawwe.

Online websideprogramma

Fia it online websideprogramma Siteimprove (www.siteimprove.com) hifkje wy ús websiden in oantal kearen yn ‘e wike op tagonklikens, lêsberens en flaters dy't de websiden minder tagonklik meitsjen. Foarbylden fan dy flaters binne: ferkearde en/of dearinnende links, staveringsflaters en wurden en/of sinnen op in heger nivo as ienfâldich Nederlânsk (B1-taalniveau). Dy fouten losse wy sa gau mooglik op.

Pdf-bestannen

De tagonklikensrjochtlinen stelle hege easken oan pdf-bestannen. Wy kinne op it stuit net garandearje dat alle pdf’s op ús websiden oan de tagonklikensrjochtlinen foldogge. Sa binne der bygelyks op it webside-ûnderdiel ‘Gedeputeerde Staten’ pdf’s werom te finen dy’t ynscande brieven en besluten befetsje. Wy binne ferplichte om dy dokuminten iepenbier te publisearjen. It ferget foar ús tefolle tiid en wurk om al dy dokuminten tagonklik te meitsjen. Yn dat gefal is it wetlik net ferplichte om dat te dwaan.

Oare pdf’s

Alle pdf-bestannen binne trochsykber. Njonken de ynscande brieven en besluten, bliuwt it útgongspunt om pdf’s te publisearjen dy’t oan de webrjochtlinen foldogge.

N.B. Wy sette net alle beskikbere dokuminten op de websiden. De websiden soene dan fierstente fol wurde en dat giet ta skea fan de trochsykberheid. Dêrom kieze wy foar in seleksje.

Word- en Excelbestannen

Wy beheine it oantal Word- en Excelbestannen safolle mooglik. Sa gau’t dy bestannen delladen binne, kin de lêzer dy bewurkje. Dêrtroch is der kâns op it ferspringen fan ynformaasje, dat docht ôfbrek oan de tagonklikens. Om dy reden biede wy allinne pdf’s oan op ús websiden, omdat dit bestânstype net bewurke wurde kin.

Op it stuit steane der gjin Word- en Excelbestannen op de haadwebside www.fryslan.frl.

De Google Mapskaarten en geo-informatiekaarten die op onze websites staan, zijn niet voor iedereen goed te gebruiken. Er wordt gezocht naar een oplossing die volledig voldoet aan de webrichtlijnen. De kaarten zijn raadpleegbaar op computer, tablet en smartphone.

Bestannen net lêsber?

Treffe jo op ús websiden in bestân of tekst oan dat net lêsber is en dus net oan de webrjochtlinen foldocht? Dan kinne jo fia provincie@fryslan.frl of fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 in fersyk yntsjinje om it bestân of de tekst tagonklik te meitsjen.

Geo-ynformaasje

De Google Mapskaarten en geo-ynformaasjekaarten dy’t op ús websiden steane, binne net foar elkenien goed te brûken. Der wurdt socht nei in oplossing dy’t folslein oan de webrjochtlinen foldocht. De kaarten binne te rieplachtsjen op kompjûter, tablet en smartphone.

Alde ynhâld

Alde ferzjes fan siden, dokuminten en teksten fan ús websiden binne te rieplachtsjen fia Archiefweb, mei de browsers Google Chrome, Microsoft Edge, Safari en Firefox. Dy webside makket alle dagen in net oanpasbere kopy fan ús websiden, wêrtroch’t ynformaasje beskikber bliuwt.

It is net mooglik om de ynformaasje yn it argyf mei weromwurkjende krêft oan te passen. Wolle jo ynformaasje út it argyf brûke, mar is de ynformaasje net tagonklik? Nim dan kontakt mei ús op. Wy dogge ús bêst om de ynformaasje tagonklik te meitsjen en op te stjoeren.

Utslutings fan de tagonklikheidsferklearring

It kin foarkomme dat wy op ús websiden ferwize nei ynformaasje dy’t net fan ússels is, mar yn hannen fan oare organisaasjes is. Wy binne net ferantwurdlik foar de tagonklikens fan dy eksterne ynformaasje.

De neikommende ferwizings binne útsletten fan ús tagonklikheidsferklearring:

  • ferwizings nei eksterne digitale produksjes en websiden;
  • sosjale mediakanalen lykas YouTube, Twitter, Instagram, Facebook en LinkedIn.

Mear ynformaasje oer digitale tagonklikens

Op de webside Digitoegankelijk fine jo mear ynformaasje oer digitale tagonklikens.

Help nedich? Belje of mail ús!

Jo kinne kontakt mei ús opnimme fia de link nei it formulier boppe-oan dizze side of fia it telefoannûmer 058-292 59 25. Jo ûntfange binnen 2 wurkdagen in reaksje fan ús. Jo kinne ek in ôfspraak meitsje om by ús op it provinsjehûs*  del te kommen. Us provinsjehûs is rolstoeltagonklik.

*Yn ferbân mei de koroanasituaasje is ús provinsjehûs foar besikers tige beheind iepen. 

 

Het toegankelijkheidslabel van fryslan.frl. Volg de link voor de toegankelijke versie van dit label.