Provinsjale Steaten
Provinsjale Steaten fan Fryslân binne de folksfertsjintwurdiging fan de provinsje. De Steateleden bepale de haadlinen fan it provinsjale belied en hâlde tafersjoch op Deputearre Steaten, it deistich bestjoer fan de provinsje. Sy beoardielje foarstellen, stjoere by wêr nedich en fertsjintwurdigje de belangen fan alle ynwenners fan Fryslân.
Provinsjale Steaten foarmje dêrmei it heechste bestjoer binnen de provinsje.
Alle ynformaasje oer Provinsjale Steaten Fryslân, lykas gearkomstedata, besluten, kontaktmooglikheden en wa’t de Steateleden binne, fine jo werom op harren eigen webside: Dashboard Provinciale Staten Fryslan

Meidwaan en ynfloed útoefenje
Ynwenners kinne op ferskate wizen belutsen wêze by it wurk fan Provinsjale Steaten. Jo kinne bygelyks ynsprekke oer ûnderwerpen dy't jo wichtich fine, Steateleden streekrjocht benaderje mei fragen of ideeën, of dielnimme oan aktiviteiten dêr't jo de Steaten better by kennen leare. Ek skoallen en groepen kinne op in leechdrompelige wize yn 'e kunde komme mei it provinsjale bestjoer.
Mear ynformaasje
Alle wiidweidige ynformaasje oer hoe't jo meidwaan en yn de kunde komme kinne mei Provinsjale Steaten Fryslân fine jo werom op Oer Provinsjale Steaten Provincie Fryslan.
Dêr lêze jo ûnder oare:
- hoe’t Provinsjale Steaten wurkje
- hoe’t jo yn kontakt komme mei Steateleden
- hoe’t jo ynsprekke kinne
- hokfoar aktiviteiten oft der binne om de Steaten te moetsjen
- wat de rol fan de Steategriffy is
- of start in firtuele toer troch ús histoaryske Steateseal!