Moetsje en belibje

Een geel met groene banner waar een tekstwolkje in staat met de tekst: Vergroot je invloed. Volg gratis de cursus Politiek Actief in jouw provincie.

DOCH MEI DE KURSUS POLITYK AKTYF FOAR DE PROVINSJE MEI!

Wêr moatte huzen komme en wêr litte wy romte foar natuer? Hoe faak moat de bus yn it bûtengebiet ride? Wêr komme wynmûnen? Dat binne inkelde fan de ûnderwerpen dêr’t de provinsje oer giet. Hoe wurde de besluten yn de provinsje nommen? En hoe kinne jo dêr ynfloed op útoefenje? Folgje de kursus Polityk Aktyf foar de provinsje en ûntdek it. Wa wit binne jo dêrnei wol sa ynspirearre rekke dat jo sels aktyf wurde wolle yn it provinsjebestjoer bygelyks as Steatelid.

De kursus set op tiisdei 7 april útein en duorret alle kearen fan 19.30 oant 22.00 oere. Der is romte foar 30 persoanen. Dêrnei komme jo op ‘e wachtlist. Meidwaan is fergees. Oanmelde kin fia statengriffie@fryslan.frl of 058 – 292 89 96.

Programma

De kursus bestiet út 5 gearkomsten:

Gearkomste 1 (7 april) Yntroduksje en yn ‘e kunde komme

  • hoe wurdt Nederlân bestjoerd en wat is dêryn it plak fan de provinsje?
  • ferkiezings / politike partijen

Gearkomste 2 (14 april): De provinsje

  • hoe wurket de provinsje?
  • de beslútfoarming yn ‘e provinsje
  • it beynfloedzjen fan de beslútfoarming

Gearkomste 3 (21 april): De Provinsjale Steaten

  • taken en rollen fan de Provinsjale Steaten
  • de ynstruminten fan in Steatelid
  • basiskennis provinsjefinânsjes
  • speeddate mei Steateleden

Gearkomste 4 (12 maaie): Oertsjûgjend debattearje

Gearkomste 5 (19 maaie): Steategearkomste

Mear ynformaasje

De kursus wurdt fersoarge troch: ProDemos – Hûs foar demokrasy en rjochtssteat.