Dielnimmers oan it Steatespul krûpe yn de rol fan in politikus (Steatelid) of bestjoerder (deputearre). Yn de Steateseal yn it Provinsjehûs gean hja yn debat oer ien of twa agindapunten. In aardige wize om yn ‘e kunde te kommen mei de provinsjale polityk.

Yndieling fan de groep

De dielnimmers wurde yn groepen fan fjouwer of fiif opdield yn politike partijen (fraksjes). Dy fraksjes kieze foar elk ûnderwerp in wurdfierder. Ek moat der op syn minst ien deputearre oanwiisd wurde. Yn gearkomsten fan Provinsjale Steaten is de kommissaris fan de Kening foarsitter. By it Steatespul regelje wy in Steatelid foar dy rol.

Ferrin fan it Steatespul

  • Fraksjeberie: Yn it earste fraksjeberie nimme de fraksjes (politike partijen) harren stânpunt yn. Ek kinne fragen en opmerkingen foar de deputearre formulearre wurde. Guon partijen sjogge daliks al punten dy’t better kinne en meitsje in amendemint.
  • Earste termyn: De fraksjes kenne harren eigen stânpunt, mar net dat fan de oare fraksjes. De earste termyn wurdt brûkt om stânpunten nei foaren te bringen en om ferdúdliking oan de deputearre te freegjen. Eventuele amendeminten kinne ek oan ‘e oarder komme. It is wichtich om goed nei de oare fraksjes te harkjen en te ynventarisearjen wa’t de foar- en tsjinstanners fan de útstellen binne. Oan de ein fan de earste termyn jout de deputearre reaksje op wat de ferskate fraksjes sein hawwe. De deputearre ferdigenet dêrby de eigen útstellen. Ek beäntwurdet hy/sy eventuele fragen en opmerkings.
  • Twadde fraksjeberie: Nei de earste termyn is it twadde fraksjeberie. De stânpunten binne no bekend. Undúdlikheden binne weinommen. Yn dat fraksjeberie spilet de lobby by oare fraksjes in grutte rol. It is altyd goed safolle mooglik meistanners foar jo stânpunt te hawwen. Ek eventuele amendeminten kinne no makke wurde. Dêr jildt foar dat hoe mear fraksjes in amendemint stypje, hoe mear kâns fan slagjen oft it hat.
  • Twadde termyn: Yn de twadde termyn besykje fraksjes inoar fan harren stânpunt te oertsjûgjen. Oan de ein fan de sprekbeurt foar de fraksjes moatte de amendeminten by de foarsitter yntsjinne wurde. Oan de ein fan de twadde termyn jout de deputearre de definitive reaksje. Ek jouwe sy harren miening oer de yntsjinne amendeminten. Dêrnei is de stimming: earst oer de amendeminten en dan oer it folsleine útstel. Dat is ek de ein fan de Steatespul.

Oanmelde

Oanmelde kin fia statengriffie@fryslan.frl of 058 – 292 89 96. Jo krije dêrnei in boekje mei ynformaasje oer de politike partijen, de spulregels, de kwestjes, de rol fan deputearren en eftergrûnynformaasje.

  • Kosten: Fergees
  • Tiidsynvestearring: 60-90 minuten foar in ûnderwerp
  • Lokaasje: De Steateseal yn it Provinsjehûs
  • Oantal: 18 oant 45 persoanen
  • Plenning: Graach uterlik fjouwer wiken yn it foar oanfreegje, net mooglik op woansdei