Yntsjinjen fan in ynfersomstelling
It provinsjebestjoer moat binnen in fêststelde perioade in beslút nimme oer jo oanfraach. Dizze perioade hjit de beslistermyn. Soms is dy termyn fêstlein yn de wet of in provinsjale feroardering.
As der gjin wetlike termyn is, dan jildt in ‘reedlike termyn’. Wat in reedlike termyn is, hinget ôf fan de soart beslissing.
Is de beslistermyn ferrûn en hawwe jo gjin berjocht oer útstel krigen? Dan kinne jo it provinsjebestjoer mei in brief derop wize dat der net op'e tiid beslist en oanmoanje om dochs noch te besluten.
Dizze brief wurdt in ynfersomstelling neamd. Nei ûntfangst dêrfan moat dochs noch binnen fjirtjin dagen beslist wurde.
Yntsjine fan in ynfersomstelling
Hawwe jo twa wike nei de ynfersomstelling noch gjin beslút ûntfongen? Dan kinne jo rjocht hawwe op in fergoeding (in twangsom) en jo kinne by de rjochter yn berop gean.