eHerkenning

Subsydzje oanfreegje? Regel op 'e tiid eHerkenning.

Wolle jo subsydzje oanfreegje by de provinsje Fryslân út namme fan in feriening, stichting, doarpsbelang, tsjerke, bedriuw of oare organisaasje? Dan hawwe jo eHerkenning nedich. Fan 1 oktober 2026 ôf kinne jo dêrfoar net mear mei DigiD ynlogge. 

Kontrolearje op tiid oft alles goed regele is. Sa foarkomme jo fertraging by jo subsydzjeoanfraach.

Tsjek yn trije stappen oft jim klear binne foar de oanfraach

1. Is eHerkenning oanfrege?

eHerkenning is in feilich ynlochmiddel dêr't jo út namme fan in organisaasje online saken mei regelet. It liket op DigiD, mar is bedoeld foar organisaasjes. 

Hawwe jo noch gjin eHerkenning? Dan kinne jo dat oanfreegje by in erkende leveransier. Jo kieze sels in leveransier. De kosten en mooglikheden kinne per leveransier ferskille. 

2. Is it goede betrouberheidsnivo regele?

Der binne 3 betrouberheidsnivo's. Foar in digitale subsydzje-oanfraach by de provinsje Fryslân hawwe jo minimaal eHerkenning nivo EH2+ nedich. 

Brûke jo eHerkenning ek foar oare oerheden of ynstânsjes? Sjoch dan, foardat jo eHerkenning oanfreegje, hokker nivo oft jo dêrfoar nedich hawwe. Dat kin per tsjinst ferskille. 

Hawwe jo al eHerkenning mei in leger nivo? Nim dan kontakt op mei jo leveransier om dit oan te passen. 

3. Is de krekte persoan machtige?

De persoan dy't de subsydzje-oanfraach yntsjinnet, moat machtige wêze om út namme fan de feriening, stichting of oare organisaasje by de provinsje Fryslân yn te loggen.

eHerkenning is persoansbûn. Elkenien dy't út namme fan in organisaasje ynlocht, hat in eigen eHerkenningsmiddel en de goede machtiging nedich. Jo kinne eHerkenning net mei oaren diele.

Kontrolearje dêrom oft de goede persoan machtige is foar de tsjinst 'Subsidieportaal' fan de provinsje Fryslân. Somtiden moatte meardere bestjoersleden tastimming jaan om dit te regeljen. 

Begjin op 'e tiid 

It oanpassen fan eHerkenning kin langer duorje as dat jo tinke. Seker as meardere bestjoersleden belutsen binne. Wachtsje dêrom net oant jo de subsydzje-oanfraach yntsjinje wolle. 

Hawwe jo de trije punten kontrolearre en is alles regele? Dan kinne jo fierder mei jo digitale subsydzjeoanfraach. 

Besjoch de subsydzjeregelingen fan de provinsje Fryslân

Faak stelde fragen

Kin ik noch mei DigiD subsydzje oanfreegje?

Fan 1 oktober 2026 ôf kinne jo net mear mei DigiD ynlogge as jo digitaal subsydzje oanfreegje út namme fan in feriening, stichting of oare organisaasje. Dêr hawwe jo eHerkenning foar nedich. 

Freegje jo as ynwenner foar josels subsydzje oan? Dan kinne jo DigiD brûken bliuwe.

Wat kostet eHerkenning?

De kosten ferskille per leveransier en betrouberheidsnivo. Jo kieze sels by hokker erkende leveransier oft jo eHerkenning oanfreegje. 

Hoe lang duorret it om eHerkenning oan te freegjen?

Dat ferskilt per situaasje en leveransier. It oanfreegjen of oanpassen kin langer duorje as jo tinke. Seker as meardere bestjoersleden tastimming jaan moatte. Begjin dêrom rom foardat jo subsydzje oanfreegje wolle. .

Us feriening stiet net ynskreaun by de KvK. Kinne wy eHerkenning oanfreegje?

Om eHerkenning oan te freegjen út namme fan in Nederlânske organisaasje, moat dy yn it Hannelsregister fan de Kamer van Koophandel (KvK) ynskreaun stean. 

Hoe wit ik oft ik machtige bin?

Freegje dat nei by de persoan dy't binnen jo organisaasje de machtigingen regelet. Jo kinne ek by jo eHerkenning-leveransier kontrolearje foar hokker tsjinsten oft jo machtige binne. 

Us bestjoer is feroare. Moatte wy wat oanpasse?

Kontrolearje oft de goede bestjoerders by de KvK ynskreaun stean en of de machtigingen noch klopje. Moat der wat feroarje? Nim dan kontakt op mei jo eHerkenning-leveransier.

Kin in oar ús subsydzje-oanfraach yntsjinje?

Ja, in adviseur kin bygelyks út namme fan jo organisaasje de subsydzje-oanfraach dwaan. Dêrfoar kin in spesjale machtiging nedich wêze. Dit hjit in ketenmachtiging. 

Wurket myn eHerkenning foar de Belestingtsjinst ek by de provinsje?

Ja, dat wurket as jo minimaal nivo EH2+ hawwe en machtige binne foar de goede tsjinst fan provinsje Fryslân. 

Tink derom: hawwe jo in spesjaal EH3-ynlochmiddel dat allinnich foar de Belestingtsjinst bedoeld is? Dan kinne jo dit net brûke by de provinsje. Nim kontakt op mei jo eHerkenning-leveransier om dit te regeljen.

Ik haw al subsydzje oanfrege. Moat ik wat dwaan?

Nee, besteande subsydzje-oanfragen rinne gewoan troch. Jo hoege dêr net op 'e nij in oanfraach foar yn te tsjinjen.

Wolle jo letter opnij digitaal subsydzje oanfreegje út namme fan in organisaasje? Soargje dan dat jo eHerkenning op 'e tiid regele hawwe.

Help nedich? 

Fragen oer eHerkenning? 

Hawwe jo fragen oer it oanfreegjen fan eHerkenning, it betrouberheidsnivo of machtigingen? Sjoch dan op  eHerkenning.nl of nim kontakt op mei jo eHerkenning-leveransier. 

Fragen oer jo subsydzje-oanfraach by de provinsje Fryslân? 

Belje 058 - 292 59 25 of mail nei provincie@fryslan.frl. Jo kinne ek ús kontaktside besjen.