Gast van de Steaten
Wolst in moarnskoft fan tichteby meimeitsje hoe’t Steateleden debattearje oer wichtige saken yn de provinsje Fryslân? En bist benijd nei de gong fan saken yn it Provinsjehûs en de Steateseal? Kom dan del as Gast fan de Steaten. Oanmelde kin fia statengriffie@fryslan.frl of 058 - 292 89 96.
Programma
As Gast fan de Steaten wurde jo moarns troch immen fan de Steategriffy ûntfongen. Dan wurde jo nei de ûntfangstkeamer brocht dêr't jo in bakje kofje of tee drinke mei de kommissaris fan de Kening Brok as foarsitter fan Provinsjale Steaten en de griffier. Wilens dat je geniete fan in bakje kofje of tee jouwe sy in koarte útlis oer hoe ’t in gearkomste fan Provinsjale Steaten wurket en wat der dy deis op de wurklist stiet. Dêrnei kinne jo fan de publike tribune ôf de gearkomste folgje.
Om 10.45 oere hinne wurde jo ophelle foar in bakje kofje, folge troch in rûnlieding yn it provinsjehûs. As ôfsluting skowe jo by de lunsj mei de Steateleden oan.
- Kosten: Fergees
- Tiidsynvestearring: 09:30-13:00 oere
- Lokaasje: Provinsjehûs
- Doelgroep: Elkenien, maks. 10 persoanen / kear
- Planning 2026: 15 april, 27 maaie, 17 juny, 23 septimber, 28 oktober, 25 novimber, 16 desimber