By it Provinsjespul rjochtsje jongerein harren eigen provinsje yn. Midden yn de Steateseal komt in grutte plattegrûn fan Fryslân te lizzen, mei dêrop in pear plakken en diken. Troch eigen oprjochte politike partijen beslút de jongerein mei-inoar oer de ynrjochting fan de provinsje. Hokker foarsjennings moatte der komme, en wêr? Hoe besteegje wy it jild? Ferskate fragen dy’t oan bod komme kinne. Liket dy dat wat? Gean dan nei Provinciespel - ProDemos(externe link). De oanfragen en organisaasje ferrinne fia ProDemos.

  • Kosten: Fergees
  • Tiidsynvestearring: 2 oeren
  • Lokaasje: De Steateseal yn it Provinsjehûs
  • Doelgroep: nivo mbo, praktijkonderwijs, vmbo, vso, havo en vwo
  • Plenning: Datum yn oerlis mei ProDemos