ProDemos helpt dosinten by de ynfolling fan it boargerskipsûnderwiis troch fergees gastlessen te fersoargjen op skoallen. Entûsjaste gastdosinten sille mei de klasse op in ynteraktive wize oan de slach. Boek bygelyks in gastles oer politike partijen, de rjochtspraak of de Europeeske Uny.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Prodemos.

  • Kosten: Fergees
  • Tiidynfestering: Fariabel
  • Lokaasje: Yn de klasse op jo eigen skoalle

Steatelid yn 'e klasse

Steateleden kinne ek in gastles jaan op lokaasje of digitaal fia Teams. Jongerein kinne mei dizze gastlessen op ynteraktive wize yn 'e kunde komme mei de provinsje Fryslân. Politisy fertelle oer de polityk en de provinsje yn it algemien, mar ek oer harren eigen ûnderfinings. Nim kontakt op fia statengriffie@fryslan.frl om de mooglikheden te bepraten.