Ryks - en provinsjetaken fan de Kommissaris fan de Kening
De kommissaris fan de Kening fertsjintwurdiget it regear yn de provinsje. De Kening beneamt de kommissaris foar 6 jier. Hy kin dêrnei wer foar 6 jier werbeneamd wurde.
Rykstaken
De histoaryske oarsprong fan de Rykstaken is werom te fieren op de Grûnwet fan 1814 doe't it amt ynfierd waard by it ûntstean fan it Keninkryk fan de Nederlannen.
It wichtichste argumint foar de ynstelling fan in kommissaris fan de Kening wie om te fersekerjen dat de noch prille ienheidssteat net bedrige wurde soe troch te machtige en eigensinnige provinsjebestjoeren. Fia de kommissaris koe it steatsgesach tafersjoch hâlde en grip hawwe op it provinsjaal bestjoer.
It amt hiet earst oars noch “Gouverneur” (letterlik: fertsjintwurdiger fan it gûvernemint). Yn de Grûnwet fan 1848 waard de namme feroare yn "kommissaris des Kenings" en yn 1983 yn “kommissaris fan de Kening”.
It út namme fan it Ryk tafersjoch hâlde op de provinsje is ûnderwilens foarby. De Rykstaken binne opnaam yn in saneamde Ambtsinstructie.
- De kfdK sjocht ta op in oarderlik ferrin fan prosedueres foar beneaming, werbeneaming en ûntslach fan boargemasters.
- De kfdK bringt periodyk amtsbesiten oan de gemeenten yn Fryslân.
- De kfdK advisearret oer de foarstellen foar it ferlienen fan Keninklike ûnderskiedingen, predikaten Keninklik en Hofleveransier en Keninklike earepenningen.
- De kfdK ûnderhâldt kontakten mei it Keninklik Hûs. Hy ûntfangt en begelaat leden fan it Keninklik Hûs as dy Fryslân besykje en liedt fersiken troch.
- De kfdK befoarderet de gearwurking fan de bestjoeren fan de provinsje, gemeenten en it wetterskip mei ryksamtners en de kriichsmacht. Dêrneist bemiddelet er by swierrichheden op it mêd fan (ynter)bestjoerlike ferhâldingen.
- De kfdK hâldt bestjoerlik tafersjoch op de Veiligheidsregio Fryslân.
- De kfdK rapportearret oan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oer de útfiering fan syn rykstaken. Hy kin frege of net-frege advys jaan oan it regear of yndividuele ministers.
- De kfdK docht represintative taken foar de provinsje.
Provinsje Taken
De wichtichste steatetaken binne it foarsitterskip fan sawol Provinsjale Steaten (it provinsjale parlemint) as it Kolleezje fan Deputearre Steaten (it deistich bestjoer fan de provinsje). As lid makket cvdK ek diel út fan Deputearre Steaten.
De kfdK sjocht ûnder oare ta op de kwaliteit fan it provinsjale belied- en beslútfoarmingsproses en is binnen it kolleezje koördinator fan it ynterbestjoerlik tafersjoch. Dêrneist advisearret en bemiddelet de kfdK by bestjoerlike problemen yn gemeenten.
Mear ynformaasje:
- De taken fan de kfdK stean beskreaun yn de Provinciewet en de Ambtsinstructie commissaris van de Koning.
- Op 'e webside politiekeambtsdragers.nl stiet ymformaasje oer de rjochtsposysje fan de kfdK.
- Yn it oersjoch fan de kommissarissen fan de Kening (kfdK) stiet foar elke provinsje wa't de kfdK is en wannear't dy beneamd is.