Boargemastersoangelegenheden

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes nûget belangstellenden út te sollisitearjen nei it amt fan 

boargemaster 

Yn de gemeente Skiermûntseach (sirka 970 ynwenners), fakant per 1 jannewaris 2026.

It besit yn'e ynwennersklasse dêr't dizze gemeente ta heart is: € 8.760,55 bruto yn 'e moanne. 

De profylskets fan de te beneamen boargemaster kinne jo rieplachtsje fia de webside: burgemeesterworden.politiekeambtsdragers.nl. Ek kinne jo it downloade fia de webside fan de provinsje Fryslân: www.fryslan.frl/burgemeestersvacatures.

It is in eask dat de nije boargemaster yn de gemeente Skiermûntseach wennet of op koarte termyn nei de gemeente ferhuzet. Der is in amtswenning beskikber. 

In assessmint op ien of in pear seleksjekritearia kin eventueel diel útmeitsje fan de proseduere. Eachmerk dêrfan sil dan syn fertrouwenskommisje oer oanfoljende ynformaasje beskikke litte by de ôfrûning fan it advys. 

Foarôfgeand oan de foardracht wurdt de kandidaat dy't foar te dragen is troch de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes screend. De screening bestiet út neislach troch de AIVD en fiskaal ûndersyk troch de Belestingtsjinst.

Sollisitaasjes moatte foar freed 19 septimber 2025 stjoerd wurde oan de kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân. Dat kin digitaal fia: boargemasterszaken@fryslan.frl. As de post sollisitearre wurdt, wurde op de slúf de wurden “Kabinet” en “fertroulik” neamd.

De sollisitaasjebrieven moatte rjochte wurde oan Syn Majesteit de Kening. It wurdt op priis steld as sollisitanten in resinte pasfoto by de brief foegje. 

As sollisitanten in pasfoto by de brief foegje, dan wurdt dêrmei oan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tastimming jûn om dizze foto te brûken by de sollisitaasjeproseduere. 

Foar de seleksje wurde persoansgegevens ferwurke. Ferwurking bart yn oerienstimming mei de yn de Gemeentewet en dêrop basearre regeljouwing opnommen proseduere. De gegevens wurde neffens de wetlike terminen bewarre.

(wer)beneamingsproseduere

De kommissaris fan de Kening hâldt tafersjoch op in oarderlike proseduere oangeande beneaming en werbeneaming fan in boargemaster en ferfollet op oare mominten in fierdergeande rol.

De boargemastersbeneamingsproseduere stiet mei alle bysûnderheden yn de Sirkulêre beneaming, werbeneaming en klankboerdpetearen boargemaster (oktober 2017) beskreaun. Yn desimber 2020 waard troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ek in nije 'Handreiking benoemingsproces burgemeester' útjûn.

In beneamingsproseduere nimt fluch 8 moanne yn beslach en hat in soad stappen.

Wichtige mominten

Profylsketsgearkomste

De gemeenterie oerleit mei de KfdK yn in iepenbiere riedsgearkomste oer de easken dêr’t in nij te beneamen boargemaster oan foldwaan moat. Dy easken komme yn in saneamde profylskets, dy’t de ried fêststelt.

Betrouwenskommisje

De gemeenterie stalt út har midden in Betrouwenskommisje gear. Dêryn sitte meastal de fraksjefoarsitters. De kommisje bringt de rie advys út oer de te beneamen boargemaster. De ynstelling fan de Betrouwenskommisje is meastal yn of koart foar de de gearkomste oer de profylskets. It wurk fan de kommisje wurdt ûnder absolút geheimhâlden dien.

Iepenstelling fan de fakatuere

Inkelde dagen nei de profylsketsgearkomste is de iepenstelling fan de boargemastersfakatuere yn de Staatscourant en op de webside fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Kandidaten meie harren sollisitaasjebrief rjochtsje oan Syn Majesteit de Kening, mar ek stjoere nei de Kommissaris fan de Kening. De iepenstellingstermyn duorret trije oant fjouwer wiken.

Seleksje fan kandidaten

As de termyn sletten is, beoardielet de KfdK hokke sollisitanten geskikt wêze kinne. Hy wint ynljochtings oer de kandidaten yn en hat petearen mei harren. Hy selektearret in tal kandidaten en leit dy oan de Betrouwenskommisje foar. De kommisje kin de brieven en de cv’s fan alle sollisitanten ynsjen. De KfdK en de Betrouwenskommisje meitsje mei-inoar de definitive seleksje. De Betrouwenskommisje giet mei harren in petear. Nei de petearen kin der noch in assessment folgje.

Oanbefelling fan de gemeenterie

De Betrouwenskommisje bringt ferslach oer har wurksumheden út oan de CdK. Ek komt se mei in fertroulik advys oan de gemeenteried. De ried beslút efter sletten doarren hokker kandidaten as earste en twadde op de foardracht komme. De ried makket de namme fan de earstneamde kandidaat iepenbier.

Beneamingsbeslút

De gemeenteried stjoert de oanbefelling nei de minister fan Ynlânske Saken. De Cdk bringt ferslach út oan de minister. Dêrnei riedt de minister it Keninklik Beslút ta. Syn Majesteit de Kening ûndertekenet it beslút, lykas de minister, dy't dêr ferantwurdlik foar is. By gemeenten mei mear as 50.000 ynwenners leit de minister it konsept-Keninklik Beslút earst oan it Kabinet foar. De beneaming fan in kroanbeneamde boargemaster jildt foar seis jier.

Ynstallaasje en beëdiging

Nei publikaasje fan it Keninklik Beslút beëdiget de Kommissaris fan de Kening de nije boargemaster en folget de ynstallaasje yn in iepenbiere riedsgearkomste. De boargemaster leit foar de ried oer de eed mei ferklearring of belofte ôf op grûn fan kêst 65 fan de Gemeentewet. By de ynstallaasje krijt de boargemaster de amtsketting omhongen en de foarsittershammer oerlange. 

In beneamingsproseduere nimt fluch 8 moanne yn beslach.

Tafersjoch op it funksjonearjen fan de boargemaster

It is de gemeenteried dy't yn earste ynstânsje ferantwurdlik is foar it hâlden fan tafersjoch op it funksjonearjen fan de boargemaster. De ried fiert funksjonearringspetearen mei de boargemaster en kin ek by oare persoanen ynljochtingen ynwinne, lykas by de sekretaris, wethâlders of tredden bûten de ried. De ried makket fan dy petearen in ferslach. 

De KfdK fiert saneamde klankboerdpetearen mei de boargemaster. Yn it klankboerdpetear stiet de CdK mei de boargemaster stil by syn of har funksjonearjen, it bestjoerlik riden en silen fan de gemeente, de ferhâldingen yn it kolleezje fan B&W en de ried. Ek kinne bysûndere foarfallen en problemen oan de oarder komme en de persoanlike situaasje fan de boargemaster. 

In wichtich ûnderdiel fan dy petearen is yntegriteit. Op basis fan de Gemeentewet befoarderet de boargemaster de bestjoerlike yntegriteit fan de gemeente.

Werbeneamingsproseduere boargemaster

Yn it fiifde jier nei de beneaming hat de KfdK in klankboerdpetear mei de boargemaster. Dêr komt ek de fraach yn oan de oarder oft de boargemaster foar werbeneaming yn ‘e beneaming komme wol. De amtstermyn rint foar de boargemaster nei 6 jier ôf. As de boargemaster dat wol, set de KfdK mei de werbeneamingsproseduere útein.

Dy proseduere hat oerienkomsten mei de beneamingsproseduere (sjoch hjirboppe). De KfdK nûget de gemeenterie út om in Betrouwenskommisje yn te stellen. Dy kommisje fiert petearen mei de boargemaster, mar behellet ek riedsleden, wethâlders, de gemeentesekretaris en de riedsgriffier derby.
De Betrouwenskommisje advisearret dêrnei de rie. De rie stelt úteinlik de oanbefelling ta werbeneaming fêst. Dêrnei giet de proseduere fierder lykas by de earste beneaming.

Beneaming fan in waarnimmend boargemaster

Op grûn fan kêst 78 fan de Gemeentewet kin de KfdK yn guon gefallen in waarnimmer beneame.

Bygelyks as der ynienen in boargemastersfakatuere ûntstiet. As der nei ferwachting langer as twa moannen gjin boargemaster is, beneamt de KfdK in waarnimmend boargemaster. In waarnimming duorret oant it momint dat der wer in nije, troch de Kroanbeneamde, boargemaster is. Utgongspunt is dat eltse gemeente in troch de Kroan beneamde boargemaster fertsjinnet. 

KfdK Brok is fan oardiel dat langere waarnimmingen yn begjinsel minder winske binne, of it moat wêze dat der in bysûndere reden is. Dat kin wêze as der ûnwissichheid is oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente of as se dêr neitinke oer gemeentlike weryndieling of as besletten is ta gemeentlike weryndieling. Yn dy gefallen kin de waarnimming in pear jier duorje. It sprekt foar him dat de CdK dat dan oerleit mei de gemeenteried en mei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. 

By de beneaming fan in waarnimmend boargemaster hat de gemeenteried formeel gjin rjocht fan oanbefelling. Dochs freget de KfdK yn Fryslân foarôf in koarte profylskets of kernachtige winskelist oan de gemeenteried. Op basis dêrfan selektearret de KfdK in kapabele kandidaat dy't yn de profylskets past. De KfdK lit in riedsdelegaasje yn'e kunde komme mei dizze kandidaat. Nei't dúdlik is dat de ried de miening fan de KfdK dielt, beëdiget de KfdK fuortendaliks de waarnimmend boargemaster. 

De KfdK jout in 'nij' keazen gemeenteried primaat by de seleksje fan in nije boargemaster en net de âlde gemeenteried. Dêrom starte yn Fryslân fan 1 july foarôfgeand oan it jier fan de gemeenteriedsferkiezingen gjin prosedueres foar Kroanbeneamde boargemasters en komt yn dy gemeenten dan in waarnimmend boargemaster.

Ynteresse yn it boargemastersamt?

As jo ynteresse yn it boargemastersamt hawwe of dêr fragen oer hawwe, dan kinne jo kontakt mei de Kabinetsjef opnimme. Dy is te berikken fia it Kabinet fan de Kommissaris fan de Kening.

Kontaktynformaasje

Kabinet Kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân: burgemeesterszaken@fryslan.frl  

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.