It ROF is it Regionaal Orgaan ferkearsfeilichheid Fryslân. It ROF wurket oan it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid. Dat dogge wy troch kampanjes, aktiviteiten op it mêd fan ferkearsedukaasje en ferkearsfeilichheidsprojekten. Fryslân is koprinner yn it aktyf en ynnovatyf ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid. Dêrfoar is de Fryske Strategy Ferkearsfeilichheid 2010-2025 fêststeld.

Kampanjes en publikaasjes

Benijd nei wat it ROF allegearre docht. Besjoch hjirûnder de ûnderskate kampanjes, lear oer ferkearsfeilichheid troch ûnderskate filmkes of besjoch de Atlas Ferkearsedukaasje om te sjen wêr’t it ROF yn Fryslân aktyf is.

Yn ûndersteand filmke fan it AD lit Professor Arend Schwab fan de TU Delft ûndersyk nei de keunst fan it fytsen sjen.

Keunst fan it fytsen(eksterne keppeling)