Oer it ROF
Ferkearsfeilichheid falt yn Fryslân ûnder de ferantwurdlikheid fan it Regionaal Orgaan Ferkearfeilichheid Fryslân (ROF). De missy fan it ROF is het befoarderje fan de ferkearsfeilichheid yn Fryslân.
Wat binne wy
It ROF is een ûnôfhinklik oerlisplatform fan organisaasjes die harren yn Fryslân ynsette foar it ferheegjen fan de ferkearsfeilichheid.
Manifest
It Manifest Verkeersveiligheid 2021 -2040 is troch de provinsje, alle Fryske gemeenten en ferkearsfeiligenspartners ûndertekene. Dêrmei sprekke se ôf gear te wurkjen oan feiliger ferkear yn Fryslân. It Manifest is de basis foar de útfiering fan de Friese Visie Verkeersveiligheid 2022 -2040, sadat elkenien deselde doelen en oanpak brûkt.
Feiliger op wei troch gearwurking
Ferkearsfeiligens is in saak fan in soad partijen. Lykas gemeenten, provinsjes en de Ryksoerheid. Mar ek de kennis en stipe fan wittenskippers, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes binne nedich om ûngelokken yn it ferkear foar te kommen. Al dizze partijen drage by oan it Strategisch Plan Verkeersveiligheid (SPV) en elk op harren eigen wize, soargje foar in ferkearsfeiliger Nederlân. Risikostjoerd belied biedt dêrby mear konkrete oanknopingspunten om de krekte maatregels op de goede lokaasjes te nimmen. Wy meitsje gebrûk fan lokale en regionale ynformaasje oer risikofaktoaren, dêrtroch kinne wy de beliedssyklus dêr krekter op ôfstimme.. Mear ynformaasje: Aanpak SPV
Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân
Postbus 20120
8900 HM Leeuwarden
Telefoon: 058 - 292 59 25 (Klantcontactcentrum)
Email: rof@fryslan.frl