Fytsfeiligens

Jierliks komme der in soad toeristen nei Fryslân. Der binne foar alle gemeenten op de fêste wâl en op de Waadeilannen It Amelân, Skylge en Flylân ynstruksjefilms makke. Dizze films litte sjen hoe't it fytsen yn Fryslân moai en feilich bliuwe kin, ek as it drok is op it fytspaad. De filmkes binne yn it toeristysk seizoen fia ferskate media op ferskate plakken te sjen.
Fytstips
- Tink om dyn faasje;
- Jou inoar de romte;
- Hâld dyn oandacht by de wei.
Filmkes fytsfeiligens
Fytshelmgebrûk
Traumasinich Jeroen Poos fan Frisius MC Ljouwert, fertelt wêrom't it ferstannich is om in fytshelm te brûken.
Traumasinich Jeroen Poos oer de fytshelm, koarte ferzje
Traumasinich Jeroen Poos oer de fysthelm, lange ferzje
De keunst fan it frytsen
Professor Arend Schab fan de TU Delft doch al jierren ûndersyk nei de keunst fan fytsen. Yn ûndersteand filmke leit er út wat fytsen no krekt ynhâldt. Boarne: AD.
Tips foar feilicher fytse
Mei in pear lytse oanpassingen fytse je in stik feiliger. Tink oan: in fytshelm, in achterútsjochspegel, dyn snelheid oanpasse en op'e goede wize op- en ôfstappe.