Bertineke Sikkema ferkiest sûnens boppe uterlik nei fytsûngelok

Op de fyts fan A nei B of gesellich mei-inoar in tochtsje meitsje troch Fryslân; foar in soad minsken is it fanselssprekkend. Op jonge leeftiid leare wy fytsen, om dat dwaan te bliuwen oant it écht net mear kin. En faak is dat pas op âldere leeftiid. Gelokkich mar, want tanksij ús (elektryske) fyts bliuwe wy langer sûn, sosjaal en selsredsum. Mar de sifers lige der net om: mear as de helte fan de minsken dy't ferstoar oan in fytsûngelok wie 75 jier of âlder. Alderen binne kwetsber op de fyts en holletsel nei in fal foarmet it grutste gefaar. Mar hoewol't it dragen fan in fytshelm de kâns op holletsel mei 62% ferleget (en de kâns op deadlik holle - en harsenletsel sels mei 70%), stappe in soad âlderen noch sûnder helm op'e fyts. Mar Bertineke Sikkema (64) fan Tytsjerk heart dêr sûnt har fytsûngelok nét mear by. Se fertelt har ferhaal.
Op fakânsje sûnder fytshelm
Bertineke en har man Hendrik hawwe tegearre in soarchbuorkerij yn Tytsjerk. Om der efkes lekker tuskenút te gean, setten se in fakânsje nei it kustplak út. “Mei ús elektryske fytsen achterop de camper setten wy ôf nei Noard-Hollân, sadat wy lekker fytse koene lâns it strân en yn de dunen.” Fóár de fakânsje hie it stel noch stien twifeljen foar it skip mei fytshelms. "We seinen noch tsjininoar: 'Moatte we ek in fytshelm keapje?' Mar omdat we dochs wat idel binne, lieten we se lizze.” Achterôf wie it oantugen fan de helms dochs wol ferstannich west.
Hurd ûnderút
As se by har ûngemak in fytshelm droegen hie, hie de ynfloed fan'e fal in stik minder grut west. Bertineke fertelt: “Doe't we nei in moaie tocht besletten werom nei de camper te fytsen, gie it totaal ûnferwachte mis. Troch miskommunikaasje gie myn man nei rjochts, wylst ik rjochttroch gie. Us stjoeren kamen yninoar en wy giene hurd ûnderút. In foarbykommende automobilist brocht ús nei de dokterswacht.” Wûnder boppe wûnder kaam Hindrik der mei de skrik fanôf, mar dat jilde foar Bertineke – mei troch de klap op'e holle - spitigernôch net.
“Al gau krige ik in aai op 'e holle en waard myn gesicht blau.”
Harsenskodding en blau gesicht
Se waard wiidweidich ûndersocht en bliek kniesde en brutsen ribben en in harsenskodding te hawwen. "Al gau krige ik in aai op'e holle en kleure myn gesicht blau.” Bertineke en Hendrik waarden troch in famyljelid thúsbrocht en de oare deis helle Hendrik de fytsen en de camper op. It ûngelok betsjutte de ein fan harren fakânsje. Mar dat net allinne: Bertineke hie noch wikenlang lêst fan har ribben en har holle.
Pine en tefolle prikkels
Op doktersadvys moast se it thús rêstich oan dwaan en hâlde har man har goed yn de gaten. "De earste nacht moast er my alle oeren wekker meitsje, de twadde nacht elke twa oeren." Nei in perioade fan fiif à seis wiken fernaam Bertineke dat it stadichoan better gie, mar dêrfoar wie se gau oerprikele. “As ik mei in soad minsken yn in romte wie of minsken trochinoar praten, koene myn harsens dat net ferwurkje. En dat kaam noch boppe-op de pine oan myn ribben, wêrtroch't ik de earste dagen sels sittend sliepe moast. "
“Wat is der no slimmer: harsenletsel of in fytshelm op 'e holle?”
Nea wer sûnder fytshelm
Nei in pear wiken pakte Bertineke har wurk yn de soarchbuorkerij bytsje by bytsje wer op en stapte se foar it earst wer op'e fyts, mar doe wól mei in helm. "Myn man en ik binne tegearre nei de winkel gien en ha ús advisearje litten troch de ferkeaper, sadat we seker wisten dat we in goede helm en de goede maat hiene. ”
Dochs fielt it foar Bertineke noch wat ûnwennich om nei it ûngelok wer op de fyts te stappen: "Ik moat noch wat selsfertrouwen weromkrije, mar de fytshelm biedt al ekstra wissichheid.” Allinnich it meinimmen fan de fytshelm is neffens Bertineke somtiden ferfelend. Dêrom hat se yntusken in helmslot oanskaft, wêrmei't se har eigen helm en dy fan har man tagelyk op slot sette kin.
Sûnens boppe uterlik
Yn har omjouwing hat Bertineke de ôfrûne wiken meardere minsken sizzen heard dat se ek in fytshelm oanskaffe sille. “Mar der binne ek famyljeleden of freonen dy ’t harren uterlik belangriker lykje te finen as harren sûnens. Dat begryp ik wol, want sa tocht ik earst ek, mar wat is der no slimmer: harsenletsel of in fytshelm op'e holle? In soad minsken tinke dat in fytshelm oerdreaun is, mar leau my: dat is it net. "