Dokter Poos sjocht SEH oerspielen mei fytsslachtoffers

Mannelijke arts met stethoscoop om zijn nek

Mei in fytshelm beskermje je it orgaan dat derfoar soarget dat je bewege, ûnthâlde, tinke en fiele: je harsens. Dochs stapt 98 prosint fan de Nederlanners sûnder helm op de fyts, mei alle gefolgen dêrfan. Wat fine saakkundigen hjirfan? Op hokker wize hawwe se yn it wurk te krijen mei de gefolgen fan fytsûngefallen? En wat is har boadskip foar fytsend Fryslân? Je ûntdekke it yn 'ekspert oan it wurd'. Jeroen Poos is traumasjech yn it Medisch Centrum Leeuwarden. Hjir stiet er each yn each mei it letsel dat feroarsake wurdt troch fytsûngefallen.

Spoedeaskjende help en de operaasjekeamer 

Sûnt 2016 wurket Jeroen Poos as traumasjech. Yn it MCL behannelet er ûnder oare pasjinten dy't in fytsûngelok hân hawwe. Hy operearret, mar hat ek in rezjyfunksje. “ Ik bin it oansprekpunt fan de pasjint wannear ’t sy foar ferskillende letsels meardere behannelers hawwe. Ik wurkje ek in soad gear mei kollega's, lykas spoedeaskjende help dokters en neurologen. By in grut ûngelok, wêrby't in pasjint bygelyks akút bloed ferliest, bin ik fuort belutsen. ”Op de earste help kinne de dokters relatyf lyts letsel behannelje mei bygelyks hechtingen of gips. Dokter Poos is belutsen by de slimmere gefallen, wêrby't der in operaasje plakfine moat: “It giet dan meastentiids om brutsen bonken, wûnen of ynterne bliedingen.” 

Haadletsel nei in ûngelok 

Dat in fytsûngelok wolris foarkomt, dat witte wy allegearre. Mar neffens Poos wurde de oantallen faak ûnderskat: “Dit is net eat dat komselden foarkomt; der komme kontinu fytsslachtoffers binnen op de earste help, de hiele dei troch." Ien op de fjouwer fytsslachtoffers hat letsel oan de holle, meastentiids yn de foarm fan in harsenskodding. It ferfelende is dat 25 persint fan de minsken nei in healjier noch hieltyd lêst hat fan pineholle, konsintraasjeproblemen of wurgens. Dokter Poos: “25 persint klinkt miskien net in soad, mar ast 25 persint kâns hast om de lotterij te winnen, rinst dochs direkt nei de winkel foar in lot? ”

Fan ferplichtingen wurdt gjinien fleurich, mar fan sûne minsken dy't gelokkich âld wurde, wol. Dêr draacht de fytshelm oan by.” 

Iensidige ûngemakken 

By de measte fytsslachtoffers is sprake fan in iensidich ûngelok: neist it slachtoffer wie der net ien oars belutsen. “By 60 oant 70 prosint fan de ûngelokken komme pasjinten te fallen troch ûnhandichheid, glêdens of harren eigen snelheid. De kâns is dan minder grut dat je swierferwûne binne, mar faak is der dochs sprake fan mearfâldich letsel.” Dit betsjut dat ien njonken in brutsen pols bygelyks ek holleletsel hat. In brutsen bonke is relatyf maklik te werstellen, wylst it werstel fan holletsel in komplisearre en langduorjend proses is. Poos: “Dyn harsens binne de kompjûter fan dyn lichem. As hjir wat docht, dan hat dat ynfloed op de rest fan dyn lichem.” De measte pasjinten mei mearfâldich letsel binne 55-plussers. "Troch de kombinaasje fan de pine yn harren lichem én it harsenletsel, kinne se nei in ûngelok faak dreech foar harsels soargje. As dat it gefal is, moatte se earst fjouwer oant seis wiken refalidearje yn in refalidaasjesintrum", fertelt dokter Poos. 

In pasjint om nea te ferjitten 

Hoewol't dokter Poos de ôfrûne jierren in ôfgryslik soad pasjinten behannele hat, sil ien pasjint him altyd bybliuwe: “Yn 2014 kaam der in man binnen dy't oanriden wie by in tochtsje op syn elektryske fyts. Troch syn harsenletsel koe er net mear normaal funksjonearje en gie er om samar te sizzen werom yn de tiid. Sa foel er bygelyks werom op syn memmetaal. Ek koe er gjin aardige aktiviteiten mear ûndernimme mei syn frou, wylst er krekt mei pensjoen wie. Dat fûn ik sa treurich. "Yn deselde wike kamen der noch twa pasjinten mei slim letsel yn it sikehûs, wêrfan't der ien ferstoar. Poos: “ Allegearre fytsten se op in elektryske fyts, dy't yn dy perioade yn opkomst wie.” Dit triggere him om ûndersyk te dwaan en omtinken te jaan oan dit tema. Hy publisearre meardere wittenskiplike artikels oer fytsûngefallen en set him, as ûnderdiel fan de groep 'Artsen voor Veilig fietsen', yn foar de previnsje fan fytsûngefallen. 

Feroarjend ferkearsbyld 

Wat der de ôfrûne jierren feroare is yn it ferkear? Neffens Poos is de elektryske fyts no net mear allinnich foar âlderein: “Ek jongeren hawwe in elektryske fyts, tink bygelyks oan skoalbern dy't út doarpen nei skoalle fytse en jongeren dy't wurkje by besoarchtsjinsten. Sy hawwe in relatyf goed reaksjefermogen, mar kinne mei harren hege snelheid ek foar gefaar foar oaren soargje. Dêr stean se net by stil."

  • 25 persint klinkt miskien net in soad, mar ast 25 persint kâns hast om de lotterij te winnen, rinst dochs direkt nei de winkel foar in lot?

it goede foarbyld jaan 

Sûnt oardel jier draacht dokter Poos áltijd in fytshelm. "Dêrfoar joech ik dat advys wol oan oaren, mar fytste ik sels ek sûnder helm. As je sizze dat in oar wat dwaan moat, dan moatte je it sels fansels ek dwaan.” Njonken dat er it goeie foarbyld jaan wol, jout de helm him ek in feilich gefoel: “Ast deroan wend bist, dan wolst net oars mear. Sûnder helm fiel ik my kwetsber en ûngemaklik.” Dat is de reden dat hy, net allinnich mei syn elektryske bakfyts, mar ek op in OV-fyts, in helm draacht: “Myn fytshelm giet altyd mei, ek yn de trein.” Syn trije bern drage ek altyd in fytshelm: de jongste twa as sy yn de bakfyts sitte en de âldste op syn eigen fyts.

Sunich wêze op jinsels 

Neffens Poos giet it libben mank mei fallen en opstean: "Ungefallen kinne we net altyd foarkomme, mar we kinne it letsel dat we oprinne wol beheine troch in fytshelm te dragen. Het is makkelijk om te zeggen dat gemeenten de fietspaden veiliger moeten maken, maar je kunt ook jezelf beschermen. Hy hopet dat in helmferplichting - lykas by de snorfyts - net nedich is foar de gewoane of elektryske fyts: "Fan ferplichtingen wurdt net ien fleurich, mar fan sûne minsken dy't gelokkich âld wurde, wol. Dêr draacht de fytshelm oan by."