Foar eks-majoar Marijke Waalkens is feilichheid altyd wichtich: yn in sweeffleantúch én op de fyts

Op de fyts fan A nei B of gesellich mei-inoar in tochtsje meitsje troch Fryslân; foar in soad minsken is it fanselssprekkend. Op jonge leeftiid leare wy fytsen, om dat dwaan te bliuwen oant it écht net mear kin. En faak is dat pas op âldere leeftiid. Gelokkich mar, want tanksij ús (elektryske) fyts bliuwe wy langer sûn, sosjaal en selsredsum. Mar de sifers lige der net om: mear as de helte fan de minsken dy't ferstoar oan in fytsûngelok wie 75 jier of âlder. Alderen binne kwetsber op de fyts en holletsel nei in fal foarmet it grutste gefaar. Mar hoewol't it dragen fan in fytshelm de kâns op holletsel mei 62% ferleget (en de kâns op deadlik holle- en harsenletsel sels mei 70%), stappe in soad âlderen noch sûnder helm op'e fyts. Marijke Waalkens (79) út Ljouwert heart dêr krekt by. Se fertelt har ferhaal.
Feiligens is alles
Marijke wurke jierrenlang by de loftmacht. Njonken alle bysûndere ûnderfiningen sil se ien les nea ferjitte: feilichheid is alles. “Troch de cockpitchecks, deistige ynspeksjes, medyske keuringen en eksamens oer feiligens waarden wy konstant mei ús noas op de feiten drukt. Je moatte alles dûbelchecke en altyd neitinke oer wat je dogge, oars kinne de gefolgen grut wêze. "Ast safolle dwaande bist mei feiligens, dan wurdt dit fansels ûnderdiel fan dyn tinkpatroan. Net allinnich ûnder it wurk, mar by alles wat je dogge yn it libben.
Skrokken fan fytsûngelok
Dochs fytste Marijke oant har 77ste ál sûnder helm."Mei de wyn troch it hier fytse is no ienkear nofliker en ek mei in bril kin in helm ûnhandich wêze. Mar nettsjinsteande de ûngemakken is in fytshelm in must.” Dat besef kaam yn 2021, doe ’t Marijke hearde dat in kennis in iensidich fytsûngelok hân hie: “Under it fytsen seach er in frachtwein temjitte kommen. Om romte te meitsjen, gie er op de klinkerts neist de dyk fytsen. Doe't de frachtwein foarby wie en hy de fytsstrook wer op woe, stjoerde er nei links. Mar omdat de dyk heger lei, gong de bân net oer it rantsje hinne, mar der tsjinoan. Hy rekke út balâns en foel mei syn elektryske fyts, mei de holle op it asfalt ” Troch syn fytshelm bleaune syn harsens gelokkich beskerme, mar hy kaam der net fan ôf: syn kaak wie brutsen, wêrtroch ’t er wikenlang allinnich ite koe mei in reidsje.
“In tochtsje meitsje sûnder helm, dat doch ik net mear.”
Gjin fytstochtsjes sûnder helm
Doe't Marijke hearde fan it ûngelok, realisearre se har opnij dat in ûngelok yn in lyts hoekje sit. "Even letter rûn ik troch de supermerk en dêr seach ik tafallich in fytshelm lizzen. Yn myn maat én ôfpriizge, as hie it sa wêze moatten. Ik tocht fuort: dy is fan my!" Fan de oankeap hat Marijke gjin momint spyt hân. "Op de fyts bin ik altyd alert: ik sjoch fier foarút en ik ha net ien, mar twa spegels op'e fyts, sadat ik goed efterom sjen kin. Dochs wol ik net mear sûnder fytshelm op ' en paad. Fansels ferjit ik him soms wolris, en as ik in boadskipke doch yn de buert fyn ik dat net hiel slim, mar in tochtsje meitsje sûnder helm, dat doch ik net mear."
Op'en paad mei de fytsklup
Dat tochtsje makket Marijke ûnder oare tiisdeitemoarns, tegearre mei har fytsklupke. De groep fan maksimaal tolve persoanen tusken de sechstich en tachtich jier sammelet by winkelsintrum Bilgaard en dêrwei fytst de groep in rûte tusken de 25 en 50 kilometer. "Yntusken sit ik al in oantal jierren by dit klupke. We sjogge inoar alle wiken en hâlde kontakt fia WhatsApp, wêrtroch't we in hechte groep wurden binne. En as it moai waar is, drinke we ûnderweis gesellich in kop kofje.” Op ien fytser nei hat elkenien yn de groep in elektryske fyts. Dochs drage der, ynklusyf Marijke, mar twa fytsers in helm. "De oare tsien fytsen sûnder helm. Ik fertel it ferhaal oer it fytsûngelok fan myn kennis wolris, mar ik gean net mei minsken yn diskusje oer it belang fan de fytshelm. Elkenien is fansels frij om sels in kar te meitsjen."
“Fansels kinst neat útslute, mar in fytshelm jout wol mear wissichheid, foaral op lettere leeftyd.”
Wissichheid op lettere leeftyd
Dochs is Marijke fan betinken dat in fytshelm foar elkenien in ferstannige kar wêze soe. “Dyn holle is kwetsber. In earm, bien of pols kinst werstelle mei gips of in operaasje, mar by in klap op'e skedel kin dat net. Fansels kinst neat útslute, mar in fytshelm joust wol folle mear wissichheid, foaral op lettere leeftyd.”
Liket it dy ek leuk om mei oaren te fytsen? Besjoch de Doortrappen fietsgroepen en slút dy oan by in fytsgroep by dy yn'e buert!