Antoon de Vries ferkeapet hieltyd faker fytshelms

Nederlân is ûnbetwist it nûmer ien fytslân fan de wrâld. Der binne mear fytsen as ynwenners yn ús lân en wy lizze yn trochsneed hast tûzen kilometer yn it jier ôf. Dochs komme fytshelms amper yn it strjitbyld foar: mar twa oant trije persint fan'e fytsers draacht in helm. Allinnich mei-inoar kinne wy dit persintaazje fergrutsje, om it letsel by ûngemakken te ferminderjen. Ferskate partijen sette har hjirfoar yn, en fertsjinje dêrom in plakje yn ‘ de spotlight ’. Sa ek Antoon de Vries: mei-eigener fan Bike Totaal Mient de Vries yn Ljouwert. Hoe draacht er by oan dizze missy? En hokker ûntwikkelings sjocht er om it dragen fan in fytshelm hinne?

Jimme ferkeapje sawol gewoane as elektryske fytsen. Wat is de ferhâlding hjirtusken en hoe faak ferkeapje jim hjir in helm by? 

"Al in oantal jierren ferkeapje we mear elektryske fytsen as gewoane fytsen. Dat persintaazje nimt allinnich mar ta; op dit stuit is wol 60 oant 70 persint fan de fytsen dy't we ferkeapje elektrysk. Dêrneist ferkeapje wy ek sportfytsen. Yn tsjinstelling ta de stedsfytsen, keapje minsken hjir wól in helm by. De helm heart dan by de útris, lykas bygelyks hurdfytsskuon en - klean. It komt net faak foar dat we in helm ferkeapje by in stedsfyts. Dat is echt noch in stap foar minsken. En dat wylst it dragen fan in helm op in sportfyts al mear as tsien jier normaal is. Dochs sjoch ik ek hjir wol in ûntwikkeling yn: der wurde al mear fytshelms ferkocht foar op de gewoane en elektryske fyts as in pear jier lyn.” 

Wat is de gemiddelde leeftiid fan de minsken dy't in fytshelm keapje foar op 'e stedsfyts?

"Fytshelms foar stedsfytsen wurde foaral kocht troch âlderen dy't har kwetsber fiele yn it ferkear. Der wurde ek bernehelms relatyf faak ferkocht. Wy ferkeapje hast gjin fytshelms oan jongerein en minsken fan middelbere leeftiid. Al giet de gemiddelde leeftyd al wol nei ûnderen; in fytshelm wurdt al 'normaler' op in jongere leeftyd. Dat is in resinte ûntwikkeling, dy ’t twa jier lyn sawat begûn is.”

“We moatte der eins allegear hinne dat we ús helm misse as we him drage, lykas mei in bril.” 

Hoe stimulearje jim it brûken fan fytshelms? 

"Yn 2022 ha we meidien oan in koartingsaksje fanút provinsje Fryslân, foar 55-plussers.. Sy koene 25 euro koarting krije op in fytshelm. Hoewol't de aksje pland wie foar acht wiken, wie nei goed trije wiken it maksimum oantal helmen al ferkocht. It is noflik dat 1600 Friezen dochs oer de streek helle binne troch dizze aksje.

Fierder bin ik gjin fan fan in agressive ferkeapstrategy, mar wy tinke wol mei klanten mei. As ik fernim dat ien ûnnoflik op'e fyts sit, beneam ik de fytshelm wol. Om't ik wit dat it foar in soad minsken in grutte stap is, besykje ik it normaal te meitsjen. It leuke is dat minsken somtiden net fuortendaliks oertsjûge binne, mar dat se in oantal moannen letter weromkomme, om dochs noch in helm te keapjen. By it ferkeapjen fan in bernefyts beneam ik de fytshelm ek. De reaksjes binne dan hiel wikseljend, mar as de âlden entûsjast binne, dan gean de bern hjiryn mei. Dat wie by myn dochter ek sa.” 

Wat is de reden dat dyn dochter in fytshelm op hat? En hoe hawwe jim dit as âlden oanpakt? 

"Myn dochter hat al in helm krigen foardat se in fyts hie. Dit hawwe wy der net trochhinne drigen hoegd; we ha derfoar soarge dat se de helm sels graach op wol. Foar myn dochter fyn ik it dragen fan in fytshelm belangryk, want sy kin harsels net goed opfange. As in bern falt, dan hat dat al gau dramatyske gefolgen. Foar myn dochter is it dragen fan in fytshelm sa gewoan wurden, dat se my der sels oan weromdocht. Doe't we lêsten by ûngelok sûnder helm ûnderweis wiene nei de opfang, sei se: 'Heit, ik ha gjin helm op'. Wy binne doe gau werom gien om him op te heljen. Hjir moatte we eins allegear hinne: datst de helm mist ast him net op hast, lykas mei in bril. ” 

Sjochst ek in ûntjouwing yn it oanbod fan fytshelms? 

"Ja, it oanbod is de ôfrûne jierren bot groeid. Net allinnich binne der helms yn allegear ferskillende kleuren en prints; ek binne der in soad nije technologyen. Sa binne guon helms útrist mei MIPS (multy-direksjonal impact protection system) of de KinetiCore technyk. Beide technologyen soargje foar in bettere beskerming by in fal út ferskillende hoeken wei. Der is tsjintwurdich fan alles op'e merk: helmje mei in magneetsluting, mei in netsje tsjin ynsekten, simmerhelms, winterhelms, spesjale binnenhelms; foar elk wat wils. Dat jildt ek foar de priis, want de goedkeapste helm is 35 euro, wylst der ek helms binne fan mear as 200 euro."

“In ‘minder goede’ helm drage is noch altyd folle better as gjin helm drage.”

Kieze de measte minsken dan faak foar in swarte, of in kleure helm? 

"Grappich datst it fregest, want we hiene in skoftke lyn in felrôze helm yn de winkel hingjen. Hjir krigen we in ôfgryslik soad reaksjes op, omdat er sa opfalt. In soad minsken dy't him foar de grap op setten, wiene dêrnei ferrast oer hoe leuk oft er stie. Faak komme klanten binnen mei de foarkar foar in swarte helm, mar geane se úteinlik foar in blauwe of rôze. Donkerblau falt bygelyks faak minder op as swart, omdat it minder ôfstekt tsjin dyn hûdskleur. Ast in helm wolst dy't net opfalt, kinst eins better foar in kleure helm gean, as foar in swarte."

Wat is dyn advys by de oanskaf fan in fytshelm? 

"Ik fyn it wichtich dat de klant der sels bliid mei is. Moatst net twivelje oer in helm, want dan setst him net op. Ik advisearje altyd om nei de winkel te kommen en de helm te passen. Kies foar in helm dêr'tst dy goed by fielst, dat fyn ik noch wichtiger as alle technologyen dy't der besteane. It is al super as ien dy't gjin helm draacht, derfoar kiest om dat tenei wol te dwaan. En in ‘minder goede’ helm drage is noch altyd folle better as gjin helm drage. ’

Wat moat der neffens dy barre om mear Friezen in helm op de fyts drage te litten? 

“It dragen fan in fytshelm moat normalisearre wurde. Dat feroarje je net samar; dat hat tiid nedich. Uteinlik soe it sa wêze moatte dat minsken je raar oansjogge as je gjin helm drage. Dat is no al sa op de racefyts. Sa ha ik sels in oantal kearen de Alvestêdetocht fytst. De earste kearen droech net ien in helm, mar no wurdst raar oansjoen sûnder helm. Ik ferwachtsje dêrom dat we oer in pear jier ek allegear mei in helm op ús stedsfyts sitte."