Peter van Noort stapt nei in ûngelok net mear sûnder helm op'e fyts

Portretfoto Peter van Noort

In fytshelm wurdt troch in soad minsken sjoen as ûnhandich of ûnnedich, wylst der genôch ferhalen binne dêr't in helm in essinsjele rol yn spile of híd spylje kinne. Om safolle mooglik minsken hjirfan bewust te meitsjen, fertelt Peter van Noort syn ferhaal. Hy is direkteur fan Integraal Kindcentrum (IKC) De Vosseburcht yn de Vosseparkwyk yn Ljouwert. Yn oktober 2022 krige er in slim fytsûngelok ûnderweis nei syn wurk. Fiif moanne letter fertelt er wat der dy dei barde, wat de gefolgen wiene - en noch altyd syn - én wêrom't er tenei net mear sûnder fytshelm nei syn wurk fytst.

Mei de ambulânse nei it sikehûs 

Sûnt skoaljier 2018/2019 bin ik direkteur fan De Vosseburcht. Ik wenje yn Berltsum, dat leit ûngefear 12,5 kilometer fan skoalle. As it moai waar is, gean ik graach op myn elektryske fyts nei myn wurk. Sa ek op 4 oktober 2022: de dei dat ik om 8 oere moarns hinne in ûngelok krige op de Bildtsestrjitte, sa'n trijehûndert meter fan myn bestimming, de skoalle. 

Ik fytste sawat 23 kilometer yn'e oere - frij fluch, mar ik woe fansels op'e tiid op myn wurk wêze – doe't ik ynienen útglied. Nei alle gedachten troch fochtige blêden op de dyk. Ik koe my sa gau net opheine en kaam mei myn gesicht op'e grûn telâne. Hoewol't omstanners sizze dat ik de hiele tiid by bewustwêzen west ha, kin ik my it momint fan fallen net mear goed heuge. De ambulânse kaam te plak om my nei it sikehûs te bringen en dêr bin ik fuortendaliks ûndersocht. Sa feroare myn ‘ gewoane wurkdei ’ ynienen yn in dei dêr ’t ik mei in aaklik gefoel op weromsjoch.

Kaak- en noasoperaasje 

Troch de klap op myn gesicht wie myn boppekaak op meardere plakken brutsen, sieten der tosken los en wie myn noas brutsen. Ek hie ik in harsenskodding. In dei nei it ûngelok, op 5 oktober, bin ik operearre oan de kaak en de noas: in kombinearre operaasje dy't sawat fjouwer oeren duorre hat. Myn kaak is yninoar ‘puzzele’ en der binne titanium plaatsjes oanbrocht. 

Nei de operaasje haw ik noch fiif dagen yn it sikehûs lein om te werstellen en dêrnei bin ik, op advys fan de dokters, noch meardere wiken thúsbleaun om te werstellen. De earste seis wike nei de operaasje haw ik op floeibere iten libbe en dêrnei koe ik foarsichtich wer sêft iten ite. Omdat it groeden ûnnoflik fielde en ik druk fielen bleau yn myn boppekaak bin ik yn febrewaris, goed fjouwer moanne nei it ûngelok, op'e nij operearre om de plaatsjes fuort te heljen. 

Stap foar stap herstelle 

It gefoel yn myn kaak is spitigernôch noch altyd net as fanâlds. Dêrneist is ien fan myn foartosken ferlern gien by it ûngelok. Foar de oare tosken ha ik noch hieltyd ekstra kontrôles by de toskedokter, om yn de gaten te hâlden oft de senuwen goed herstelle. Der is nammentlik in kâns dat dizze tosken noch ôfstjerre. Troch it letsel oan myn kaak en tosken moat ik langer de tiid nimme om te iten en kin ik noch altyd gjin apel, rauwe woartel of stevich fleis ite. As ik út iten gean, moat ik dus goed sjen hokker gerjocht ik bestel. Spitigernôch is it foar my op dit stuit net fanselssprekkend om alles te iten dat ik lekker fyn. Dêrneist bin ik troch it ûngemak noch flugger wurch, wêrtroch't ik noch net folslein wer oan it wurk bin. De kommende wiken wurkje ik stadichoan ta nei in folsleine wurkwike. It keunststof plaatsje, as ferfanging fan de missende tosk, wol ik meikoarten ferfange litte troch in ymplantaat. Sa wurkje ik stap foar stap oan myn herstel.

"Ik koe my net foarstelle dat in fytsûngelok foar my sokke slimme gefolgen hawwe kinne soe."

Lok by in ûngelok 

As ik weromsjoch op de ôfrûne moannen, is it ûngelok in ôfgryslik yngripend barren west. En dan kin ik noch fan ‘gelok’ prate: ik bin net mei de holle op in stoeprâne of in pealtsje fallen. Yn dat gefal hie ik, yn stee fan in lichte harsenskodding, te krijen hân mei earnstiger harsenletsel. Ik haw der betrouwen yn dat ik wer folslein herstelle sil: dat myn libben úteinlik wer itselde wurde sil as it wie, ek al haw ik hjir noch in pear wiken of moannen foar nedich. 

Oertsjûge fan it belang fan de fytshelm 

Ik haw nea tsjin it dragen fan in fytshelm west, mar foar myn ûngemak hie ik wol de oanname dat dy allinnich foar beskate doelgroepen is. Ik bin sels 65 jier, mar ik ha nea tocht: ik moat in fytshelm drage. Foar myn gefoel wie in helm allinnich foar sporters, hurdfytsers, minsken op in speed pedelec en bejaarden. Ik rekkene mysels simpelwei net ta de doelgroep. Dêrneist koe ik my net foarstelle dat in fytsûngelok foar my sokke slimme gefolgen hawwe kinne soe. 

Dat dat wól kin, haw ik no spitigernôch ûnderfûn. Ik haw dêrom besletten om, sadree't ik wer fytse sil, myn snelheid te minderjen en in fytshelm oan te skaffen. En dat soe ik eins elkenien advisearje wolle. In ûngemak sit yn in lyts hoekje en bart altyd op in ûnfoarsjoen momint, ek al bist foarsichtich of hoechst mar in lyts stikje te fytsen. Litte wy mei-inoar besykje om safolle mooglik slimme skea foar te kommen, want as der wat bart, kin it herstel lang duorje. Dat wit ik ûnderwilens spitigernôch út eigen ûnderfining.