Frank de Boer helpt minsken mei net oanberne harsenletsel

Mei in fytshelm beskermje je it orgaan dat derfoar soarget dat je bewege, ûnthâlde, tinke en fiele: je harsens. Dochs stapt 98 prosint fan de Nederlanners sûnder helm op de fyts, mei alle gefolgen dêrfan. Wat fine saakkundigen hjirfan? Op hokker wize hawwe se yn it wurk te krijen mei de gefolgen fan fytsûngefallen? En wat is har boadskip foar fytsend Fryslân? Je ûntdekke it yn 'ekspert oan it wurd'. Frank de Boer is bedriuwslieder by NAH Zorg, dêr't se begelieding, stipe en advys jouwe oan minsken mei net-oanberne harsenletsel, wêrûnder slachtoffers fan in fytsûngelok.
Yn petear mei professionals fan NAH soarch
Wiken, moannen, sels jierren nei in fytsûngelok kinst noch altyd lêst hawwe fan de gefolgen fan de klap op'e holle. En soms falt it nei langere tiid pas op, of jouwe minsken dan pas ta oan harren klachten. "Dan brâne se op en krije se somtiden sels ûnterjochte de stimpel burn-out", fertelt Frank de Boer. Frank is bedriuwslieder en ambulant begelieder by NAH Zorg: in stichting dy't yn it jier 2000 troch syn heit oprjochte waard, nei't er yn 1990 net-oanberne harsenletsel oerhold oan in auto-ûngelok en in gebrek yn de helpferliening konstatearre.
Bedriuwslieder Frank de Boer fertelt: “By ús kliïnten is de diagnoaze harsenletsel fêststeld troch in dokter óf is der in sterk fermoeden. Troch it letsel is de gearwurking yn it brein fersteurd, wêrtroch't de hegere harsenfunksjes dreech of sels ûnmooglik wurde. Men ûnderfynt dan bygelyks swierrichheden mei jins oandacht, konsintraasje, ûnthâld en it útfieren fan deistige hannelingen. ”Professionals fan NAH Zorg sille yn petear mei de kliïnt om te bepraten wat him of har oerkaam is en hokker gefolgen dat hat. "De earste stap is útlizze dat der in technysk defekt ûntstien is yn de harsens, sadat kliïnten én de minsken om harren hinne mear ynsjoch krije yn de relaasje tusken de skea en de gefolgen derfan. Hjirtroch ûntstiet romte om dermei oan de slach te gean.”
Ympakt op dyn deistich libben
De list fan klachten dy't kliïnten ûnderfine kinne, is hast ûneinich. Frank somt in oantal op: "Oandachts - en konsintraasjeproblemen, problemen mei ynsjoch en oersjoch, enerzjyproblemen, min sliepe en gau oerweldige en oerprikkele binne." Dêr't immen yn it deistich libben lêst fan hat, ferskilt ôfgryslik. Dat is ôfhinklik fan de lokaasje en de ympakt fan de skea yn dyn brein." In soad minsken mei harsenletsel hawwe muoite om harren steande te hâlden yn de hjoeddeiske maatskippij, wêryn't alles yn in rap tempo giet. ”
Fierder sit der in ferskil yn in harsenskodding en in harsenkniezing: yn in soad gefallen ferdwine de gefolgen fan in harsenskodding wer mei foldwaande rêst, wylst der by in harsenkniezing bliuwende skea is yn it brein. Dochs liket in harsenskodding faak ûnskuldige as it is: “In harsenskodding kin in grutte ympakt hawwe op dyn deistich libben, omdat dy faak mank giet mei pineholle, konsintraasjeproblemen en sliepproblemen.” En dy sliepproblemen soargje neffens Frank faak wer foar problemen op allegear oare mêden.
“In soad minsken mei harsenletsel hawwe muoite om harren steande te hâlden yn de hjoeddeiske maatskippij, wêryn't alles yn in rap tempo giet.”
Slachtoffers fan alle leeftiden
Frank ûnderskiedt twa foarmen fan harsenletsel: traumatysk en net-traumatysk. Traumatysk letsel ûntstiet troch in ynfloed fan bûtenôf, lykas in ûngelok, wylst net-traumatysk letsel ûntstiet troch in proses yn dyn lichem. "Fan de kliïnten mei traumatysk harsenletsel hat sawat de helte in ferkearsûngelok hân. Sawat trijekwart fan dizze slachtoffers siet op de fyts. Dit binne minsken fan alle leeftiden: bern dy't krekt fytsen leare, mar ek tieners, fjirtigers én âlderen." Yn de measte gefallen komme slachtoffers fuort nei de refalidaasje, likernôch twa-en-in-heale moanne nei in ûngelok, yn kontakt mei NAH Zorg, mar soms lûke minsken ek inkelde jierren letter pas oan de belle.
Gefolgen fan harsenletsel ûnderskat
Kinst it dy miskien net foarstelle, mar somtiden witte minsken net iens dat se harsenletsel oerhâlden ha oan in ûngelok. "Se ûnderskatte wat der bard is en pakke sa gau mooglik har wurk wer op. Wy hawwe in soarte fan driuw om wer mei te dwaan en werom nei it âlde te gean. Somtiden komme minsken letter yn de GGZ telâne mei klachten dy't lykje op in burn-out, wylst in ûngelok de werklike oarsaak is fan de klachten”, fertelt Frank.
Hy neamt in spesifyk foarbyld: “In man waard op syn racefyts oanriden en dêrnei thúsbrocht troch de automobilist. Hy hie in klap op'e holle hân, mar tocht dat it wol tafoel. Oant er yn de wiken nei it ûngemak problemen krige op syn wurk: hy wie net mear by steat om minsken oan te stjoeren en krige by gearkomsten net mear mei wat der sein waard. Fia de psychiater, dy't gelokkich trochfrege en tocht dat er traumatysk harsenletsel hie, kaam er úteinlik by ús terjochte. ”
Opsteapeljende problemen
Hoewol't harsenletsel net te werstellen is, krije guon kliïnten troch de goede help wer fertrouwen yn harsels. “It wurdt dan miskien net wer lykas eartiids, mar kliïnten kinne hjirtroch wol wer dielnimme oan de maatskippij.” Mar spitigernôch is dat somtiden ek net it gefal. Frank: “Soms liede gedrachsferoaringen ta in iensum libben, omdat minsken net begrepen wurde of omdat se troch ûntremd gedrach heftich wêze kinne yn de omgong. Dan bliuwe freonen fuort en wurdt it, yn ús rappe en digitale wrâld, dreech om te kommunisearjen mei bygelyks ynstânsjes. Dan steapelje problemen harren fierder op.” NAH Zorg bliuwt dêrom, as in soarte fan fangnet, beskikber foar kliïnten."It doel fan ús ynset is altyd om ússels oerstallich te meitsjen, mar dat slagget net altyd. Sawol kliïnten as harren neisten kinne ús altyd belje as it net goed giet. We binne net ferdwûn as de offisjele begelieding ophâlden is."
“Fan de kliïnten mei traumatysk harsenletsel hat sawat de helte in ferkearsûngelok hân. Sawat trijekwart fan dizze slachtoffers siet op de fyts.”
Begelieding, stipe en advys foar neisten
Ferjit en ûnderskatten de impact fan harsenletsel foar neisten ek net: “It letsel kin karaktereigenskippen ferswakje of fersterkje en dyn ynlibbingsfermogen oantaaste. As partner kinst dêrtroch it gefoel hawwe datst in oare man of frou krigen hast. Dêrom biede wy ek noed oan neisten", fertelt Frank. "Foaral yn jonge gesinnen is de impact grut, want dan binne der ek noch thúswenjende bern by belutsen. Soms skeakelje we meardere soarchferlieners yn binnen in húshâlding, want elkenien wurdt persoanlik holpen. Duo-coaching neame we dat. ”
Gefaren op'e fyts
Wêr't it gefaar foar fytsers krekt skûlet, ferskilt neffens Frank per leeftiidskategory: “Iensidige ûngelokken, dat binne ûngemakken wêrby't gjin oare weibrûkers belutsen binne, komme it meast foar by bern en âlderein. Foar lytse bern binne stoepen gefaarlik en âlderen rinne faak letsel op by it op- of ôfstappen, it omsjen en it fuortfytsen fanút stilstân op in e-bike. By krúspunten en rotondes ûntsteane in soad twasiedige ûngelokken. By jongeren is der faak ek in ferskil tusken jonges en famkes. Jonges nimme oer it algemien mear risiko's, wylst famkes faak ûnwis gedrach fertoane." Hoewol't wy yn dy situaasjes better oplette kinne soene, is it nóch better om dyn harsens te beskermjen mei in fytshelm. Frank: “Der binne kliïnten dy't wollen hiene dat se in fytshelm op hiene, mar ik ha ek wolris minsken sizzen heard: As ik myn helm net op hie, hie ik der miskien wol net mear west. "