Feit of fabel: Op'e gewoane fyts is in fytshelm oerstallich

Kinderen fietsend met een helm op

As it giet om dyn feilichheid en dyn harsens wolst fansels wis witte oft de ynformaasje dy ' tst earne lêst of hearst wol echt kloppet. Der geane allegearre fabels om oer it brûken fan in fytshelm. Mar gelokkich is der, tanksij eksperts, ûndersiken en sammele data, ek in soad grûnde ynformaasje beskikber: wichtige feiten dy't elkenien witte moatte soe. Yn ‘ Feiten en fabels: helmfeiten útlein ’ ûntkrêftsje wy de fabels en befêstigje wy de feiten oer it brûken fan in fytshelm. Witsto bygelyks oft de fytshelm allinnich foar hurdfytsers, mountainbikers of e-bikers is, of ek foar minsken op de gewoane fyts? Wy sochten it út.

Feit of fabel?

Dat je op de gewoane fyts gjin fytshelm op hoege, is in fabel. In ûngemak sit altyd yn in lyts hoekje, ék op'e gewoane fyts. VeiligheidNL die tusken 2020 en 2024 ûndersyk nei fytsûngefallen yn Nederlân. It giet dan om slachtoffers dy't har nei in ûngelok melde op de spoedeaskjende help (SEH) fan in sikehûs. Dêr docht út bliken dat yn 2024 op syn minst 19% fan de slachtoffers (= 14.100) op in elektryske fyts ried en it tal slachtoffers op in gewoane fyts minimaal 81% (= 60.200) wie. It die bliken dat de elektryske fytser in gruttere kâns hie op flink letsel of in sikehûsopname as de net-elektryske fytser. Ek hie sy / hy signifikant faker harsenletsel as de net-elektryske fytser. 

Tabel: tal SEH-besiken as gefolch fan letsel troch in fytsûngelok yn 2024, nei type fyts

Een tabel waarin wordt aangegeven hoeveel SEH-bezoeken als gevolg van letsel zijn geweest in 2024

Taljochting tabel: 

Neffens it niisneamde ûndersyk nei fytsûngefallen yn Nederlân fan VeiligheidNL docht bliken dat it tal slachtoffers dat op in elektryske fyts ried ûngefear in fiifde part wie fan it tal slachtoffers op in gewoane fyts. Yn 19% fan de gefallen fytste dyjinge op in elektryske fyts wêrfan 3% op in fatbike en yn 81% fan de gefallen hie it slachtoffer in gewoane fyts wêrfan 5% op in racefyts en 2% op in mountainbike.

Fytshelm-regels 

It dragen fan in fytshelm yn Nederlân is foar nimmen ferplichte, hokker fyts oftst ek brûkst. En dat yn tsjinstelling ta in soad oare Europeeske lannen. Offisjele wedstriden binne hjirby de iennige útsûndering. Dochs drage hast alle hurdfytsers of mountainbikers ek by rekreative ritten en trainingsritten in fytshelm. Dat in helm net lekker sit, giet foar harren net mear op. Troch de faasje is de impact grut ast falst en boppedat binne der tsjintwurdich fytshelms yn alderhanne soarten en maten. 

Harsenletsel nei in ûngelok 

Fytsers bedarje hieltyd faker op de spoedeaskjende help (SEH) mei slim letsel nei in ûngelok. Ien op de fjouwer slachtoffers hat harsenletsel. In ûngemak sit altyd yn in lyts hoekje, nettsjinsteande it type fyts. Mar hoe sit dat mei leeftiid? In soad foarkommende oanname is dat senioaren faker belutsen binne by in fytsûngelok, omdat se fysyk efterút gean. Wy sochten út hoe't dit sit.

Feit of fabel: senioaren komme faker op de spoedeaskjende help nei in ûngelok. 

Feit of fabel

As wy sjogge nei de slachtoffers fan in ûngelok mei de gewoane fyts, dan is dit in fabel. De ûngemakken mei gewoane fytsen binne nammentlik relatyf gelyk oer de leeftiidsgroepen ferdield. Ofset tsjin it tal ynwenners yn Nederlân, hiene 0 -11 jierrigen en 12 -17 jierrigen de measte kâns op in SEH-besite nei in fytsûngelok. By de elektryske fyts is dit byld oars: hast trijekwart fan de slachtoffers (73%) dy't op in elektryske fyts ried, wie 55 jier of âlder. 

Fytshelm foar elkenien 

De Nederlânske traumasinearringen telden yn 2022 mear as 15.000 fytsslachtoffers mei harsenletsel. Mei in fytshelm ferminderest de kâns op slim letsel mei 60%, en de kâns op deadlik holle - of harsenletsel sels mei 70%. Dêrom is in fytshelm oan te rieden foar elkenien: net allinnich foar mountainbikers, hurdfytsers, e-bikers, en senioaren, mar foar elke leeftiid en elke soart fyts. 

Bron: VeiligheidNL