Feit of fabel: 55-plussers rinne mear risiko op in fytsûngelok

Twee oudere mensen met een fietshelm op. De man doet de helm van de vrouw vast

Minsken fytse hieltyd langer troch. Dat is goed nijs, want sa bliuwe âlderen aktyf, sûn en mobyl. Mar spitigernôch giet fytsen net sûnder risiko's. Yn ‘Feiten en fabels: helmfeiten útlein’ ûntkrêftsje wy de fabels en befêstigje wy feiten oer it brûken fan in fytshelm. Witsto bygelyks oft 55-plussers mear risiko rinne op in fytsûngelok én dus mear baat hawwe by in fytshelm?

Feit of fabel?

Dat traumasinigjen harren soargen meitsje oer fytsende âlderen, is neffens VeiligheidNL terjochte. Resinte sifers toane oan dat it tal besites oan de spoedeaskjende help - fanwegen slim letsel troch fytsûngefallen ûnder 55-plussers - yn de ôfrûne jierren mei 54 persint omheech gien is. 

Dûbele fergrizing 

Dat hat meardere redenen. Sa binne der mear âlderen en dêrby fytse de âlderein dy't der binne ek nochris faker. In dûbelde fergrizing dus. Mar op'e fyts rinne âlderen in flink heger risiko: hast 75 persint fan alle fytsdeaden en hast 50 persint fan'e slim ferwûne fytsers is âlder as 60 jier. It risiko op ferstjerren is foar fytsers boppe de 80 sels fyftich kear sa heech as foar fytsers jonger as 60 jier. 

Ofname fan spiermassa 

Datst as 55-plusser mear risiko rinst, is te ferklearjen. Mei it âlder wurden nimt de spierkrêft en -massa nammentlik ôf. Hjirtroch falt men earder direkt op'e bonken, wêrtroch't dy flugger brekke. Boppedat nimt de frontaalkwab yn de harsens ôf neigeraden datst âlder wurdst. Dêrtroch wurdt it dreger om meardere hannelingen tagelyk út te fieren en kinne âldere minsken ferkearssituaasjes minder goed ynskatte. 

In fytshelm ferlytset it risiko op slim letsel 

De stigende sifers fan ferkearsûngelokken binne soarchlik. Dat jildt net allinnich foar âlderen, mar foar elke fytser. Dêrtroch wurdt it belang fan fytshelms hieltyd grutter. It dragen fan in fytshelm ferminderet nammentlik de kâns op slim letsel by in botsing of fal mei 60 prosint. Ek hawwe fytsers dy't in helm drage mar leafst 70 persint minder kâns op deadlik haad - of harsenletsel as fytsers dy't gjin helm drage. De konklúzje is dúdlik: mei in fytshelm op kinst in stik gerêster op ' en paad! 

Feiligere fytsrûtes 

Fytsen draacht by oan in sûn libben en wurdt dêrom krekt stimulearre troch ûnder oare VeiligheidNL. Wol jouwe ek sy dêrby it advys om sa feilich mooglik op ' en paad te gean. Men kin it risiko op in ûngemak bygelyks ferlytse troch jins fytsgedrach en snelheid oan te passen oan de ferkearssituaasje en de tastân op'e dyk. 

Sjoch ek ris nei de Doortraproutes fan provinsje Fryslân. Om minsken sa lang mooglik feilich fytse te litten, binne der sa'n 40 Doortraproutes útset. Dat binne ekstra feilige fytsrûtes fan sa'n 20 kilometer, oer rommere paden, rêstige diken, mei net folle obstakels en krúspunten. Sa kinst moai trochtraapje.