Natura 2000
Yn Fryslân is it prachtich wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Der is moaie natuer om fan te genietsjen. Dy natuer foarsjocht ús fan alles wat wy nedich hawwe. Natuer is de basis fan ús bestean. Mar de natuer stiet ek ûnder druk, wy hawwe te folle fan de natuer frege en nommen. Dêrom is it wichtich om de natuer goed te beskermjen.
Yn Fryslân lizze 20 natuergebieten dy't diel útmeitsje fan it Europeeske Natura 2000-netwurk. Dit is in netwurk mei natuergebieten dy't fan ynternasjonaal belang binne. Der libje bysûndere planten en bisten dêr't wy de wichtige taak foar hawwe om se te beskermjen en te fersterkjen. Om dat te dwaan, meitsje wy foar al dizze gebieten in Natura 2000-behearplan. Dêryn stiet hoe't wy maatregels nimme om de oantsjutte soarten en libbensgebieten út de Fûgelrjochtline en Habitatrjochtline te fersterkjen en better te beskermjen. Sa behâlde wy de kwetsbere natuer en helpe wy de biodiversiteit foarút.
Mear witte oer wat Natura 2000 krekt is? Sjoch dan op dizze webside.
Oanmelde nijsbrieven Natura 2000


De Fryske Natura 2000-gebieten
Fan de 162 Natura 2000-gebieten yn Nederlân lizze der 20 hielendal of foar in part yn Fryslân - op it lân of yn de see. Hjirûnder steane alle Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Klik op de namme fan it gebiet om mear te lêzen oer it gebiet en it Natura 2000-behearplan en oare dokuminten te besjen. By guon natuergebieten is der ek de mooglikheid om jo oan te melden foar in nijsbrief oer de Natura 2000-maatregels yn dat gebiet.
Behearplannen

De provinsje Fryslân stelt behearplannen op foar de Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Yn dizze plannen stiet detaillearre beskreaun hokker natuerwearden wêr beskerming krije en hoe’t dat útfierd wurdt. Der wurdt rekken hâlden mei ekologyske, ekonomyske en sosjale (ûn)mooglikheden binnen en om it gebiet hinne.
De plannen komme ta stân yn gearwurking mei eigners, ûndernimmers, omwenners, ferskate oerheden en oare belutsenen. In behearplan jildt seis jier, en nei evaluaasje en in ynspraakproseduere kin it ferlinge wurde, mei mooglike oanpassingen. Oan de ein fan de rinningsperioade wurdt in nij behearplan fêststeld.
Omjouwingswet en fergunnings
De fêststelde behearplannen binne in wichtige basis foar de útfiering fan provinsjale taken yn ferbân mei fergunningferliening neffens de Omjouwingswet.
Neffens dizze wet is in natuerfergunning of in oar tastimmingsbeslút ferplichte foar aktiviteiten wêrby’t stikstof frijkomt. Dit soarget derfoar dat der net tefolle stikstof yn Natura 2000-gebieten delslacht. Mear ynformaasje oer fergunningferliening is te finen op Stikstof vergunning | Fryslan en op Vergunning voor Natura 2000-gebied aanvragen | Fryslan.
Natoerbrannen
De lêste jierren komt it hieltyd faker foar dat der brannen ûntsteane yn de natuer, benammen yn de simmer, mar soms ek yn it foarjier. Fanwege klimaatferoaring binne der langere perioaden fan drûchte: it reint minder en it grûnwetter stiet leech, wêrtroch planten útdroege reitsje. Dit makket bosken en heide kwetsber foar brannen.
Natuerbrannen wurde meast feroarsake troch minske-aktiviteiten. De trije grutste oarsaken binne: smoke, barbecueën en in hjitte útlaatpiip yn heech gers. It is dêrom wichtich om yn drûge perioaden foarsichtich te wêzen mei fjoer yn en om natuergebieten.
Aktuele risiko op natuerbrannen
By drûch en waarm waar nimt de kâns op natuerbrannen ta. De brânwacht wurket dêrom mei ferskate alarmfazen foar natuerbrânrisiko. Yn faze 1 binne brânwacht en natuerbehearders regulier taret en wurdt frege altyd foarsichtich te wêzen mei fjoer yn de natuer. Yn faze 2 is it lang drûch, wêrtroch't it risiko op natuerbrân grutter is en ekstra alertheid nedich is fan besikers, behearders en helptsjinsten. De aktuele faze ferskilt per feilichheidsregio en wurdt alle dagen fêststeld op basis fan ûnder oare drûchte, waarsomstannichheden en lokale omstannichheden. Besjoch de aktuele situaasje foar dyn regio op: www.brandweer.nl/natuurbrandrisico.
















