Frysk Lanlik Gebiet

Boeren, natuerorganisaasjes, ûndernimmers, ynwenners en oerheden; mei-inoar brûke en beheare wy it lanlik gebiet yn Fryslân. Wy beskermje de natuer, en biede takomst foar de ekonomy yn it algemien en de lânbou yn it bysûnder. Dêrom wurkje wy mei-inoar oan in takomstbestindich Fryslân, dêr’t foar elkenien romte, perspektyf en brede wolfeart yn is.
Yn it Frysk Programma Lanlik Gebiet, ôfkoarte FPLG, is fan 2022 -2025 gearwurke oan it Frysk Programma Landelijk Gebied (FPLG), as Fryske ynfolling fan it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG). It programma is opholden, mar wy bliuwe fansels wol gearwurkjen oan de fjouwer doelen yn it lanlik gebiet: natuer, wetter, klimaat en lânbou. De útfiering fan de Maatregelpakketten Lanlik Gebiet is dêrby in wichtich ûnderdiel. De útfiering dêrfan – wêr’t troch it Ryk € 180 miljoen foar Fryslân beskikber steld is – rint troch oant en mei 31 desimber 2028.
Fia dizze webside, de nijsbrief lânlik gebiet en (digitale) bypraatmominten en oerlizzen hâlde wy inoar op 'e hichte.
Bliuw op 'e hichte fia de nijsbrief
lanlik gebiet Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de ûntwikkelings oangeande it Frysk Programma Lanlik Gebiet? Meld jo dan oan foar de nijsbrief.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer it FPLG of ien fan de ûnderlizzende tema’s? Dan kinne jo maile nei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl. Fierdere ynformaasje fan de Ryksoerheid oer dit ûnderwerp stiet oersichtlik byinoar op: Homepage Levend Landschap | Levend Landschap (onslevendlandschap.nl)