Subsydzjeferstrekking foar pilot mesthub Wijnjewoude Energie Neutraal

De provinsje Fryslân hat € 12 miljoen subsydzje ta oan Enerzjykoöperaasje Wynjewâld (WEN) foar it útfieren fan de pilot ‘Mesthub Wijnjewoude’. Doel is om hjirmei by te dragen oan stikstofreduksje en de enerzjytransysje. De pilot wurdt finansiere út de Ryksmiddels fan it programma Gebietsgericht fersnellen yn it lanlik gebiet, ûnderdiel fan de Maatregelpakketten Lanlik Gebiet dêr't yn 2024 troch it Ryk mei-inoar € 180 miljoen foar Fryslân beskikber foar steld is.

Stikfstofreduksje en enerzjytransysje 

It takennen fan de subsydzje foar WEN is de earste subsydzje út it pakket / ûnderdiel Lânbou / sosjaalekonomysk, dêr ’t mei-inoar € 89,8 miljoen foar beskikber is. It giet om ' laabeld ' jild dat beskikber steld is foar rjochte maatregels yn it lanlik gebiet, wêrûnder dizze pilot. De pilot draacht benammen by oan de doelen op it mêd fan stikstofreduksje en enerzjytransysje. Ek slút de pilot oan de op útgongspunten fan de Beliedsbrief Lânbou yn Fryslân, dy't ynset op takomstbestindige lânbou en it bydragen troch agraryske ûndernimmers oan maatskiplike opjeften lykas de fraach nei nije foarmen fan enerzjy.

Subsydzjebedrach en betingsten 

It eksakte bedrach fan de subsydzje is € 12.021.862. Dit bedrach dekt 65% fan de subsidiabele kosten. De rest fan it bedrach dat nedich is, wurdt ynbrocht troch de Enerzjykoöperaasje WEN, de dielnimmende melkfeehâlders en eksterne finansiers. De takende subsydzje makket útfiering fan it projekt yn Wynjewâld mooglik, mar wurdt pas definityf sadree't de fergunningen dy't nedich binne en eksterne finansiering fersekere is. Mei de subsydzje bekostiget WEN by dielnimmende feehâlders dat sy de nedige stâloanpassings finansjeel útfiere kinne; oanpassings dy't nedich binne om meidwaan te kinnen oan de pilot mei de dongfergister.

Stikstof- en broeikasgasreduksje 

De donghub-ynstallaasje moat tegearre mei likernôch 30 melkfeehâlders út de omjouwing soargje foar foarse stikstof - en broeikasgasreduksje en foar de produksje fan minimaal 1 miljoen kante meter yn it jier, genôch om Wynjewâld fossylfrij en enerzjyneutraal te meitsjen. Uterlik yn 2030 realisearje de likernôch 30 dielnimmende melkfeehâlders yn Wynjewâld tegearre mei WEN: 

  • n rûsde trochsneed stikstofreduksje fan 47% it bedriuw
  • in reduksje fan broeikasgasútstjit út stâlen mei 75%
  • de produksje fan alle jierren op syn minst 1 miljoen m grien gas
  • genôch om Wynjewâld fossylfrij en enerzjyneutraal te meitsjen.

Juridyske en finansjele betingsten 

Foardat it subsydzjebedrach troch de provinsje Fryslân útbetelle wurdt, moat WEN foldwaan oan de juridyske en finansjele betingsten. Utbetelling fan it subsydzjebedrach oan de koöperaasje WEN fynt plak nei ferliening fan alle nedige omjouwingsfergunningen - nammentlik foar miljeu, bouwen en it ôfwiken fan it omjouwingsplan - en nei definitive ynstap fan eksterne finansiers. Provinsje Fryslân (FUMO) is foar de omjouwingsfergunningen it befoege gesach en de gemeente Opsterlân hat in formele advys - en ynstimmingsrol yn de proseduere. Alle stikken lizze no by de gemeente ta ynstimming. 

Hoe wurket in donghub? 

De donghub is in regionale dongfergister dy't dong omset yn enerzjy. De produksje fan enerzjy hinget ôf fan de oanfier fan deifarske dong. It is de bedoeling om de deifarske dong út de direkte omjouwing ôf te nimmen. Dêrta slút WEN mei dielnimmende feehâlderijen langjierrige kontrakten. Deifarske dong is nedich om - mei de fergister - de beëage stikstof - en broeikasgasreduksje realisearje te kinnen.

Foarbyldfunksje en monitoring

De provinsje Fryslân en de enerzjykoöperaasje WEN rinne mei dizze pilot foarop. As de pilot suksesfol blykt, kin it tsjinje as foarbyld foar in lanlike útrol. Mear as 90% fan de melkfeebedriuwen yn Nederlân is technysk geskikt om oan te sluten by in Mesthub: in regionale dongfergister. 

De nedige ynspannings op it mêd fan prosesbegelieding en monitoaring freegje tiid en finansjele middels fan sawol WEN as fan de provinsje, mar binne krúsjaal om de beëage effekten ynsichtlik en oantoanber te meitsjen. De sammele mjitgegevens foarmje in wichtige basis foar mooglik fierdere opskaling op lanlik nivo. 

Deputearre Abel Kooistra: “It takennen fan dy subsydzje draacht by oan it beheljen fan de provinsjale maatregels lanlik gebiet. Mei dit beslút wolle wy as provinsje bydrage oan de doelen foar stikstofreduksje en de enerzjytransysje. De kennis en resultaten dy't dizze pilot opsmyt, smyt nije kennis op dy't wy nedich hawwe om fierder wurkje te kinnen oan de opjeften yn it lanlik gebiet fan Fryslân”.