Subsydzje foar nij bosk en foar herstel fan bosk

Fan 17 july ôf kin subsydzje oanfrege wurde foar de realisaasje fan nij bosk en foar it refitalisearjen fan bosk, beide binnen Natuur Netwerk Nederland (NNN). Tink dêrby oan maatregels foar nij bosk en de refitalisearring/werstel fan besteand bosk. De regeling rint oant en mei 15 desimber 2025.

Foar nij bosk is € 367.500, - beskikber, foar refitalisearring fan bosk is € 3,0 miljoen beskikber. Dy maatregel stipet de Fryske beammen - en boskestrategy, mei as doel: 

  • it beheinen fan de effekten fan klimaatferoaring (troch CO 2 - fêstlizzing) en
  • it fersterkjen fan it bioferskaat en it Fryske lânskip.

Iepenstellingsbeslút SKNL Fryslân 2022, ûnderdiel realisaasje en refitalisearring fan bosk Fryslân 2025 | Fryslan

Foar wa is de subsydzje?  

Grûneigeners binnen it NNN kinne in oanfraach yntsjinje. Tink dêrby bygelyks oan It Fryske Gea, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer, Bosgroep Noordoost-Nederland, Natuurcollectief Fryslân en Vereniging Particulier Grondbezit.

Maatregelpakketten Lanlik gebiet 

De subsydzje is de twadde iepenstelling fanút de Maatregelpakketten Landelijk Gebied. Yn april gie de regeling ‘ Optimalisaasje greidefûgelbiotoop ’ al iepen; beide regelingen hearre by maatregelpakket Natuer. Foar it útfieren fan alle 23 maatregels yn it lanlik gebiet, krige Fryslân mei-inoar € 180 miljoen fan it Ryk.

€ 15,8 miljoen foar Beammen en Bosk 

Foar de 6 maatregels Bomen en Bos is mei-inoar € 15,8 miljoen beskikber. Ein dit jier wurdt de folgjende regeling foar Beomen en Bos ferwachte. Dêrby giet it ek om nij bosk, herstel fan bosk en útwreiding en werstel fan houtige lânskipseleminten, mar dan bûten Natuur Netwerk Nederland (NNN). Dêrneist is it de bedoeling om foar itensbosken en foar agroforestry (kombinaasje feetylt / lânbou mei planten / behearen fan beammen) in subsydzje iepen te stellen. 

Der binne fjouwer maatregelpakketten Lanlik Gebiet: 

  1. Natuer;
  2. Wetter en Boaiem;
  3. Klimaat-Feangreide; en
  4. Lânbou / Sosjaalekonomysk. 

Ek de útfiering fan de oare maatregels Landelijk Gebied giet troch. Sa wurdt yn it neijier úteinset mei pilots foar KPI-doelsturing (Maatregelpakket Lânbou) en komme der ferskate ûndersyksprojekten yn de útfiering (Kennisontwikkeling, ûnderdiel fan pakket Natuer).