Iepenstellingsbeslút SKNL Fryslân 2022, ûnderdiel realisaasje en refitalisearring fan bosk Fryslân 2025

Foar de realisaasje en refitalisearring fan bosk yn Fryslân kin subsydzje oanfrege wurde op basis fan kêst 8, earste lid sub c en e, fan de Subsydzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip provinsje Fryslân 2022 | Lokale wet - en regeljouwing SKNL Fryslân 2022, ûnderdiel realisaasje en refitalisearring fan bosk Fryslân 2025.

Subsydzjeplafond 

Foar oanfragen dy't yntsjinne wurde foar it realisearjen fan bosk jildt in subsydzjeplafond fan € 367.500. Foar oanfragen dy't yntsjinne wurde foar it refitalisearjen fan bosk yn Fryslân jildt in subsydzjeplafond fan € 3.000.000. Yn it Beslút fan Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân fan 8 july 2025, hâldende iepenstelling fan de Subsydzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip provinsje Fryslân 2022 foar de realisaasje en refitalisearring fan bosk binnen it Natuernetwurk Nederlân (Iepenstellingsbeslút SKNL foar realisaasje en refitalisearring bosk Fryslân 2025) | Lokale wet- en regeljouwing fine jo de plafonds per organisaasje.

Yntsjiningsterminen 

  • fan 17 july ôf oant en mei 15 oktober 2025 

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje? 

Jo kinne in oanfraach yntsjinje troch it ynfoljen fan it oanfraachformulier dat hjirûnder opnommen is. Hjiryn stiet ek hokker ynformaasje en hokker bylagen jo allegear oanleverje moatte. Yn it oanfraachformulier lêze jo hoe't jo dat dwaan kinne en dêr't jo de oanfraach hinne stjoere kinne.