Sûnt 1 jannewaris 2017 is yn de Wet natuurbescherming de beskerming fan biste- en plantesoarten en fan habitattypen yn Nederlân regele. Dêrby moat in splitsing makke wurde tusken soartebeskerming (eardere Flora- en faunawet) en gebietsbeskerming (eardere Natuurbeschermingswet 1998). Dêrneist is ek de eardere Boswet yn dy wet ûnderbrocht. Mar ien wet en minder regels meitsje de wet oersichtliker.

Taken en foegen provinsje

De útfiering fan de Wet natuurbescherming is by de provinsje belein. Dêrûnder falt de beskerming fan natuergebieten, beskerming fan biste- en plantesoarten, skeabestriding en behâld fan houtopstannen. Foar in tal spesifike taken, dêrûnder bygelyks grûnstoffewinning of de oanlis fan in autodyk, hâldt it Ryk it foech.

Dêrneist hat de provinsje de rol fan tafersjochhâlder en hanthavener. De provinsje kontrolearret it neilibjen fan de wet (tafersjoch) en it neikommen fan betingsten dy’t yn in fergunning of ûntheffing oplein binne (hanthavening). De útfiering dêrfan wurdt troch de FUMO dien. Der wurdt gearwurke mei terreinbehearende organisaasjes en de plysje.

Faunabehearplan Winterguozzen 2023 goedkard

Op 29 novimber 2022 hawwe Deputearre Steaten it Faunabehearplan Winterguozzen 2023 goedkard.

It beslút kinne jo hjir ynsjen.

Dejinge waans belang streekrjocht by dy besluten belutsen is, kin binnen seis wiken nei ferstjoerdatum fan it beslút – fan 8 desimber 2022 oant en mei 19 jannewaris 2023 – in beswierskrift yntsjinje by: Deputearre Steaten fan Fryslân, Postbus 20120, 8900 HM yn Ljouwert.

Wêrom in Wet natuurbescherming?

De wet regelet de neikommende ûnderwerpen:

Gebietsbeskerming (eardere Natuurbeschermingswet)

Yn de Wet natuurbescherming is de beskerming fan biste- en plantesoarten en fan habitattypen yn beskerme Natura 2000-gebieten yn Nederlân regele. Binne jo fan doel wat te ûndernimmen dat in effekt hawwe kin op de natuerwearden yn in Natura 2000-gebiet, dan hawwe jo mooglik de plicht in fergunning oan te freegjen.

Mear ynformaasje en in fergunning oanfreegje

Soartebeskerming (eardere Flora & Faunawet)

Geane jo bûten oan it wurk wêr’t mooglik beskerme bisten of planten oanwêzich binne? Of wolle jo in evenemint bûtendoar organisearje? Jo krije dan mooglik te meitsjen mei de Wet natuurbescherming. Neffens dy wet meie jo gjin negative effekten oan fûgels en beskerme bisten of planten tabringe.

Mear ynformaasje en in ûntheffing oanfreegje

Houtopstannen (eardere Boswet)

Binne jo fan doel bûten de beboude kom beammen of oare houtopstannen te kappen of te roeien? Of wolle jo ûnderhâld oan in houtwâl dwaan? Dan moatte jo op syn minst seis wike yn ’t foar in kapmelding by de provinsje Fryslân yntsjinje.

Mear ynformaasje en in kapmelding yntsjinje

Programmatische Aanpak Stikstof (PAS)

Wolle jo in nije stâl bouwe, jo besteande stâl of feebeslach útwreidzje of in oare aktiviteit út ‘e wei sette dy’t mooglik stikstofdeposysje op beskerme natuergebieten as gefolch hat? Dan moatte jo in PAS-fergunning by de provinsje oanfreegje. 

Mear ynformaasje en in PAS-fergunning oanfreegje

Ferplichte ekologysk ûndersyk jout ynsjoch yn ekologyske effekten

Mei doelbewust ûndersyk wurdt dúdlik oft der op de bewuste lokaasje of tichtby dêrfan beskerme natuerwearden oanwêzich wêze kinne en oft jo plan of projekt ek neidielige gefolgen hawwe kin. Jo binne ferplichte om dêrfoar in ûnôfhinklike ekologysk saakkundige yn te skeakeljen. Op de webside fan it Netwerk Groene Bureaus(eksterne keppeling) kinne jo ferskate ekologyske advysburo's fine. As jo ûndersyk útfiere litten hawwe, riede wy jo oan, om it ekologysk ûndersyk oan ús foar te lizzen.

Fierder noch

Jo kinne de offisjele wetteksten weromfine yn de Staatscourant fan it Keninkryk fan de Nederlannen.

Troch ûndersteande links kinne jo de offisjele (wet)teksten op Overheid.nl rieplachtsje:

(De tekst yn ‘e wet is liedend njonken de webteksten).

Fia ûndersteande knop fine jo in oersjoch fan ferliende fergunnings en ûntheffings yn it Provinciaal Blad op Overheid.nl.

Provinciaal Blad(eksterne keppeling)

Dokuminten

Heeft u problemen met de leesbaarheid? Dan kunt u een formulier invullen of bellen met het Klantcontactcentrum. Zij helpen u graag verder.