Stikstoffergunning
Yn Fryslân is fergunningferliening foar stikstofaktiviteiten op it stuit mar tige beheind mooglik troch resinte rjochterlike útspraken. Underoan dizze side fine jo mear ynformaasje oer de aktualiteiten en resinte rjochterlike útspraken.
Yn Fryslân is it ferlienen fan natuerfergunningen foar aktiviteiten wêrby't stikstof frijkomt op it stuit tige beheind mooglik. Dat komt troch de steat fan de natuer en resinte útspraken fan de Ried fan Steat.
Jo kinne noch hieltyd in fergunningoanfraach yntsjinje. Oft in fergunning ferliend wurde kin, hinget ôf fan jo aktiviteit, de lokaasje, de gefolgen foar Natura 2000-gebieten en de mooglikheden om dy gefolgen foar te kommen of te beheinen.
Op dizze side lêze jo wannear't jo mooglik in natuerfergunning nedich hawwe, hoe't jo in oanfraach yntsjinje en hokker ûntwikkelings ynfloed hawwe op de fergunningferliening.
Foarbylden
- By de oanlis fan ynfrastruktuer moatte jo neigean oft der sprake is fan stikstofdeposysje;
- Jo wolle in nije wenning bouwe. Ofhinklik fan de grutte en de ôfstân ta de Natura 2000-gebieten kin der sprake wêze fan stikstofdeposysje;
- It útwreidzjen fan in feehâlderij kin ek liede ta mear stikstofdelslach op de omlizzende Natura 2000-gebieten.
ryske oanpak en fergunningferliening
Mei de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel (FASN) wol de provinsje de betingsten kreëarje om fergunningferliening stap foar stap wer mooglik te meitsjen. Dêrfoar moatte maatregels foar natuerherstel en stikstofreduksje per Natura 2000-gebiet fierder útwurke, útfierd wurde en juridysk boarge wurde.
De fêststelling fan de FASN betsjut dêrom net dat direkt wer fergunningen ferliend wurde kinne. De provinsje ûndersiket wol oft ûnder dúdlike betingsten earder fergunningferliening mooglik wurde kin foar projekten dy't geargeane mei ferduorsuming en oantoanbere stikstofreduksje. Dat neame wy oergongsbelied.
Lês mear oer de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerferbettering
Omjouwingsfergunning nedich?
- In omjouwingsfergunning kinne jo by ús oanfreegje. Miskien hawwe jo foar jo projekt ek oare tastimmingen nedich, bygelyks in omjouwingsfergunning foar in bouaktiviteit of in omjouwingsplanaktiviteit.
- Jo hawwe de mooglikheid om foar al dizze aktiviteiten yn ien kear in oanfraach yn te tsjinjen. Jo hawwe dan te krijen mei 1 proseduere en jo krije dan 1 besluten op jo oanfraach. Yn dat gefal kin it wêze dat de gemeente de oanfraach behannelet, mar wol yn ôfstimming mei de provinsje.
Online oanfreegje
Jo kinne in oanfraach yntsjinje fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Jo kieze dan foar ‘Oanfragen’. Yn stap 3 sykje jo op ‘Natura’. Dêrnei kinne jo kieze foar ‘Natura 2000-aktiviteit - Oanfraach fergunning’. De oanfraach wurdt troch it DSO by it juste befoege gesach yntsjinne. As jo allinnich in oanfraach yntsjinje foar in Natura 2000-aktiviteit, dan hat de provinsje it foech. Freegje jo foar mear aktiviteiten yn ien kear omjouwingsfergunning oan? Dan kin de gemeente it foech hawwe.
Foar de fergunningoanfraach is DigiD of eHerkenning nedich. Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt mei ús op fia 058 - 292 59 25.
Kosten
Op it momint dat jo by de provinsje in fergunningsoanfraach yntsjinje, binne jo de provinsje leezjes ferskuldige. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it brûken fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Helpdesk stikstof en Natura 2000
Hawwe jo fragen oer stikstof, it AERIUS-rekkenprogramma, Natura-2000 of fergunningferliening yn it algemien? Dat kinne jo terjochte by de Helpdesk Stikstof en Natura 2000 BIJ12. De helpdesk is alle wurkdagen fan 09.00 oant 12.00 oere telefoanysk berikber (085 - 486 25 90). Ek kinne jo in mail stjoere fia de webside.
Kontakt mei de provinsje
Hawwe jo fragen oer jo eigen fergunning of projekt? Of hawwe jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje op dizze side noch oare fragen of ûndúdlikheden? Nim dan kontakt mei ús op. Dit kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 59 25.


