Stikstof
Fryslân hat tolve stikstofgefoelige Natura 2000 - gebieten. De natuer yn dy gebieten stiet ûnder druk troch ûnder oare in te hege stikstofdelslach, ferdrûging en fersnipeling. Hjirtroch is it op dit stuit hast net mooglik om nije natuerfergunningen te ferlienen oan boeren, bouwers en oare ûndernimmers.
Mei de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel (FASN) wol de provinsje de natuer werstelle en de útstjit fan stikstof struktureel ferminderje. Sa wurkje wy oan de betingsten om fergunningferliening stap foar stap wer mooglik te meitsjen. Dat is nedich om romte te kreëarjen foar ûnder mear lânbou, wenningbou, ynfrastruktuer en enerzjyprojekten.
Foarstel nei Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten hawwe op 15 septimber 2026 it foarstel foar de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerferbettering fêststeld. Provinsjale Steaten beslute nei ferwachting op 28 oktober 2026 oer de oanpak.
De FASN is ta stân kaam nei petearen mei ûnder oaren lânbou - en natuerorganisaasjes, gebietsinisjativen, gemeenten, Wetterskip Fryslân, kennisynstellings en fertsjintwurdigers fan de sektoaren bou, mobiliteit, yndustry en enerzjy.
Fjouwer ûnderdielen
De Fryske oanpak bestiet út fjouwer ûnderdielen: ekstra natuerwerstel binnen de Fryske Natura 2000 - gebieten; wêr nedich natuerwerstelmaatregels bûten dizze natuergebieten, bygelyks tsjin ferdrûging;
- provinsjebrede maatregels om de stikstofútstjit te ferminderjen;
- wêr nedich natuerwerstelmaatregels bûten dizze natuergebieten, bygelyks tsjin ferdrûging;
- provinsjebrede maatregels om de stikstofútstjit te ferminderjen;
- in ekstra gebietsrjochte oanpak foar de trije swierst belêste Natura 2000 - gebieten yn Súdeast-Fryslân.
Foar de lânbou is it doel om de ammoniakútstjit yn 2035 mei 30% te ferminderjen neffens 2019. Boeren krije safolle mooglik romte om sels te bepalen hokker maatregels by harren bedriuw passe. Yn 2030 wurdt beoardiele oft de oanpak foldwaande resultaat opsmyt.
Hoe giet it fierder?
Nei fêststelling troch Provinsjale Steaten wurdt de oanpak fierder útwurke yn in útfieringsprogramma. Dat bart tegearre mei ûndernimmers, gebieten, mei-oerheden en maatskiplike organisaasjes.
De fêststelling fan de FASN betsjut net dat direkt wer fergunningen ferliend wurde kinne. Dêrfoar moatte maatregels earst fierder útwurke en juridysk boarge wurde. De provinsje ûndersiket ek oft ûnder betingsten earder romte ûntstean kin foar projekten dy't bydrage oan ferduorsuming en stikstofreduksje.
- Mear oer de Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerherstel
Op'e hichte bliuwe?
Wolle jo op'e hichte bliuwe fan de ûntjouwingen oangeande it ûnderwerp stikstof en updates krije oer it Lanlik Gebiet? Skriuw jo dan yn foar ús nijsbrief fia dizze knop.
Oanmelde nijsbrief Lânlik Gebiet
Fragen?
Hawwe jo fragen of wolle jo mear ynformaasje? Dan kinne jo maile nei stikstof@fryslan.frl of belje mei ús Klantekontaktsintrum, alle wurkdagen tusken 9.00 en 17.00 oere, op telefoannûmer 058 - 292 59 25.