Stikstofgefoelige natuergebieten
Fryslân hat tolve stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten. Yn dizze beskerme natuergebieten komme planten, bisten en leefgebieten foar dy't kwetsber binne foar in te hege delslach fan stikstof.
Tefolle stikstof feroaret de boaiem. Hjirtroch kinne bepaalde planten ferdwine en krije oare planten just mear kâns om te groeien. Dat hat gefolgen foar bisten dy't ôfhinklik binne fan dizze natuer.

Wannear is in natuergebiet stikstofgefoelich?
Foar elk type natuer is bepaald hoefolle stikstof oft it ferneare kin sûnder dat der in risiko ûntstiet op minder wurden. Dizze grins wurdt de krityske deposysjewearde neamd, ôfkoarte as KDW.
Wannear't de stikstofdelslach boppe dizze wearde leit, nimt it risiko ta dat de kwaliteit fan de natuer efterút giet. Yn in soad Fryske Natura 2000 - gebieten wurdt de krityske deposysjewearde foar ien of mear natuertypen oerskreaun.
Hoe giet it mei de natuergebieten?
Yn 2023 binne foar de tolve stikstofgefoelige Natura 2000 - gebieten natuerdoelanalyzes opsteld. Yn in natuerdoelanalyze stiet hoe't it mei de beskerme natuer giet, hokker doelen wol en net helle wurde en hokker omstannichheden natuerherstel yn it paad steane.
Ut dizze analyzes docht bliken dat stikstof net it iennige probleem is. Feelfoarkommende faktoaren dy't de natuer ûnder druk sette binne:
- in te hege stikstofdelslach;
- ferdrûging;
- fersnipeling fan natuergebieten;
- ûnfoldwaande of net-passend behear;
- gewaaksbeskermingsmiddels;
- ynvasive plante - en bistesoarten.
Hokker problemen spylje en hokker maatregels nedich binne, ferskilt per gebiet.
Werstel fan de natuer
Mei de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel (FASN) wol de provinsje fierdere efterútgong fan de natuer foarkomme en skansearre natuer werstelle. Dit is ek nedich om fergunningferliening op termyn wer mooglik te meitsjen.
De oanpak rjochtet him op maatregels binnen én bûten Natura 2000 - gebieten. Binnen de natuergebieten kin it bygelyks gean om it ferbetterjen en yntinsivearjen fan it natuerbehear. Bûten de gebieten kinne maatregels nedich wêze om ferdrûging tsjin te gean of ferbiningen tusken natuergebieten te ferbetterjen.
De konkrete natuerwerstelmaatregels wurde per gebiet fierder útwurke yn it útfieringsprogramma. Dêrby wurket de provinsje gear mei terreinbehearders, ûndernimmers, grûneigeners, Wetterskip Fryslân, gemeenten en oare belutsenen.
Lês mear oer de Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerferbettering | Fryslan
Ekstra oanpak yn Súdeast-Fryslân
Foar trije Natura 2000 - gebieten yn Súdeast-Fryslân is in ekstra fermindering fan de stikstofútstjit nedich:
- Dúnsânske Dunen;
- Drents-Friese Wold en Leggelderveld;
- Fochtelerfean.
Foar dy gebieten komt in oanfoljende gebietsrjochte oanpak. De provinsje wurket gear mei de belutsen gebieten út hokker maatregels nedich en mooglik binne. Wêr't dat kin, slute we oan by gebietsprosessen dy't al rinne.
Beslútfoarming
Deputearre Steaten hawwe it foarstel foar de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel fêststeld. Provinsjale Steaten beslute nei ferwachting op 28 oktober 2026 oer de oanpak.
Nei it fêststellen wurdt de oanpak fierder útwurke yn in útfieringsprogramma. Dêryn komt te stean hokker maatregels per gebiet naam wurde, wannear't dat bart en hoe't de resultaten folge wurde.
Natuerdoelanalyzes
Besjoch hjirûnder de natuerdoelanalyzes fan de Fryske stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten.
De natuerdoelanalyzes foar it Drents-Friese Wold en Leggelderveld en it Fochtelerfean stean op de webside fan de provinsje Drinte.
Dokuminten
Fragen
Hawwe jo fragen oer de stikstofgefoelige natuergebieten of de natuerdoelanalyzes? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.