Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerferbettering
Fryske oanpak stikstofreduksje en natuerferbettering Yn Fryslân is it op dit stuit hast net mooglik om nije natuerfergunningen te ferlienen oan boeren, bouwers en oare ûndernimmers. Dat komt trochdat de natuer yn ferskate Natura 2000 - gebieten ûnder druk stiet, ûnder mear troch in te hege stikstofdelslach. Salang't net genôch wis is dat de natuer werstelt en net fierder efterút giet, bliuwt fergunningferliening juridysk kwetsber.
Mei de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel (FASN) wol de provinsje de natuer werstelle en de útstjit fan stikstof struktureel ferminderje. Sa wurkje wy oan de betingsten om fergunningferliening stap foar stap wer mooglik te meitsjen.
Foarstel nei Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten hawwe it foarstel foar de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel fêststeld. Provinsjale Steaten beslute nei ferwachting op 28 oktober 2026 oer de oanpak.
De FASN is ta stân kaam nei petearen mei ûnder oaren lânbou- en natuerorganisaasjes, gebietsinisjativen, gemeenten, Wetterskip Fryslân, kennisynstellings en fertsjintwurdigers fan de sektoaren bou, mobiliteit, yndustry en enerzjy.
Wêrom is in nije oanpak nedich?
Yn 2022 stelde de provinsje it Utfieringsprogramma Stikstof Fryslân 2035 (UPS) fêst. Sûnt dy tiid is de juridyske situaasje feroare. Ut ferskate útspraken fan de Ried fan Steat docht bliken dat stikstofromte pas foar in nije natuerfergunning brûkt wurde mei as foldwaande ûnderboud is dat dizze romte net nedich is foar it werstel fan de natuer. Dit hjit it additionaliteitsfereaske.
Dêrom sjocht de provinsje net allinnich nei it ferminderjen fan de stikstofútstjit. Per Natura 2000-gebiet moat dúdlik wurde hokker maatregels nedich binne om fierdere efterútgong foar te kommen en de natuer te werstellen. Dy maatregels moatte boppedat foldwaande wis en juridysk boarge wêze.
De FASN folget it UPS út 2022 op en ferbynt stikstofreduksje, natuerherstel en fergunningferliening mei-inoar.
Wat hâldt de oanpak yn?
De Fryske oanpak bestiet út fjouwer ûnderdielen.
1. Natuerherstel binnen Natura 2000-gebieten
Binnen alle tolve Fryske stikstofgefoelige Natura 2000 - gebieten wurde ekstra maatregels naam om de natuer te werstellen en it natuerbehear te ferbetterjen.
Hokker maatregels nedich binne, ferskilt per gebiet. De provinsje sjocht dêrby net allinnich nei stikstof, mar ek nei oare oarsaken dy't de natuer ûnder druk sette. Tink oan ferdrûgjen, fersnipeling, ûnfoldwaande behear, gewaaksbeskermingsmiddels en ynvasive plante- en bistesoarten.
2. Natuerherstel bûten Natura 2000-gebieten
Guon problemen binnen in natuergebiet kinne allinnich oplost wurde mei maatregels dêrbûten. Sa kin it nedich wêze om wetter langer fêst te hâlden, ferdrûging tsjin te gean of ferbiningen tusken natuergebieten te ferbetterjen.
Wêr't dat nedich is, wurket de provinsje dêrom ek gear mei ûndernimmers, grûneigeners en oare belutsenen yn de omkriten fan Natura 2000-gebieten.
3. Spearingsbrede fermindering fan de stikstofútstjit
Yn hiel Fryslân binne maatregels nedich om de stikstofútstjit te ferminderjen. Foar de lânbou is it doel om de ammoniakútstjit yn 2035 mei 30% te ferminderjen neffens 2019.
De provinsje stjoert by de lânbou op de útstjit fan bedriuwen. Undernimmers kinne harren eigen útstjit nammentlik direkt beynfloedzje, mar net bepale wêr't de stikstof úteinlik delkomt. Dat lêste neame we deposysje.
Boeren krije safolle mooglik romte om sels te bepalen mei hokker maatregels sy harren útstjit ferminderje. Dat kin bygelyks troch it feefoer oan te passen, kij faker weidzje te litten, dong better te benutten of oare maatregels te nimmen dy't by it bedriuw passe.
Ek oare sektoaren, lykas yndustry en mobiliteit, moatte bydrage oan it ferminderjen fan de stikstofútstjit. Foar dy sektoaren jildt in lanlike doelstelling fan 50% fermindering fan de útstjit fan stikstofoksiden (NOx).
4. Ekstra oanpak yn Súdeast-Fryslân
Foar trije Natura 2000-gebieten yn Súdeast-Fryslân is de provinsjebrede fermindering fan de stikstofútstjit net genôch. It giet om:
- Dúnsânske Dunen;
- Drents-Friese Wold en Leggelderveld;
- Fochtelerfean.
Foar dy gebieten komt in oanfoljende gebietsrjochte oanpak. De provinsje wurket dy oanpak gear mei ûndernimmers, ynwenners, terreinbehearders, mei-oerheden en oare belutsenen út.
Hokker maatregels naam wurde en wat dy foar ôfsûnderlike bedriuwen betsjutte, stiet noch net fêst. Dat wurdt fierder útwurke yn de gebietsprosessen. Wêr mooglik slút de provinsje oan by gebietsprosessen dy't al rinne.
Frijwillich dêr't it kin, normearjend as it moat
De provinsje set oant 2035 maksimaal yn op frijwillige maatregels, doelstjoering en stipe. Undernimmers krije romte om maatregels te kiezen dy't passe by harren bedriuw. Dêrby kinne subsydzjes, begelieding en kennis ynset wurde.
Mei de Fryske Monitor Tûk Buorkjen wurdt folge hokker resultaten helle wurde. Dizze monitor is tegearre mei Fryske boeren en agraryske kollektiven ûntwikkele. De monitor jout dielnimmende boeren ynsjoch yn de prestaasjes fan harren bedriuw op ûnder mear stikstof, wetter, klimaat en natuer.
Yn 2030 wurdt beoardiele oft Fryslân op koers leit om de doelen foar 2035 te heljen. As de frijwillige oanpak net genôch resultaat opsmyt, kin fan 2035 ôf in normearjend ynstrumintarium ynset wurde. Hoe't dat ynstrumintarium der krekt útsjen sil, wurdt de kommende jierren fierder útwurke.
Wannear kin fergunningferliening wer op gong komme?
De fêststelling fan de FASN betsjut net dat direkt wer fergunningen ferliend wurde kinne. Dêrfoar moatte de maatregels per Natura 2000 - gebiet earst konkreet útwurke wurde en juridysk boarge wurde. Ek moat foldwaande wis wêze dat de maatregels útfierd wurde en it ôfsprutsen resultaat opsmite.
It doel is om fergunningferliening fan begjin 2028 ôf wer breder mooglik te meitsjen. Oft dat slagget, kin de provinsje op dit stuit noch net garandearje. Dat hinget ôf fan de útwurking, útfiering en juridyske boarging fan de maatregels.
De provinsje ûndersiket dêrneist oft ûnder dúdlike betingsten al earder fergunningen ferliend wurde kinne. Dêrby wurdt ûnder mear sjoen nei projekten dy't geargeane mei ferduorsuming en oantoanbere stikstofreduksje. Dat neame wy oergongsbelied. It stribjen is om hjirmei mooglik fan healwei 2027 ôf in earste fergunning ferliene te kinnen.
Wat bart der no al?
De provinsje wachtet net mei alle maatregels oant it útfieringsprogramma klear is. Yn Fryslân wurde al maatregels útfierd dy't bydrage oan natuerherstel en it ferminderjen fan de stikstofútstjit.
It giet bygelyks om:
- ekstra natuerherstel;
- oanpassingen yn de bedriuwsfiering om minder stikstof út te stjitten;
- it ferheegjen fan wetterpeilen;
- subsydzjes foar agroforestry en foederhagen;
- de ûntwikkeling en tapassing fan de Fryske Monitor Tûk Buorkjen.
De resultaten fan dizze maatregels telle mei by it berikken fan de doelen fan de FASN.
Gearwurking mei gebieten en sektoaren
Yn de earste helte fan 2026 hat de provinsje yn tematafels, gebietssesjes en ôfsûnderlike petearen praat mei sektoaren, gebieten, mei-oerheden, kennisynstellings en maatskiplike organisaasjes.
De ophelle opmerkings, sinjalen en ferbettersuggestjes binne beoardiele en wêr mooglik ferwurke yn it foarstel. Yn it partisipaasjeferslach stiet hokker ûnderwerpen besprutsen binne en wat mei de ynbring dien is.
Ek by it meitsjen fan it útfieringsprogramma en de gebietsrjochte útwurking bliuwt de provinsje gearwurkjen mei belutsen partijen.
Ferhâlding ta de lanlike oanpak
It Ryk wurket ek oan maatregels foar natuerherstel, stikstofreduksje en fergunningferliening. De lanlike en Fryske oanpak slute op in oantal ûnderdielen opinoar oan, bygelyks by doelstjoering, gebietsrjochte maatwurk en stipe fan ûndernimmers.
Op oare ûnderdielen kiest Fryslân foar in oare útwurking. It Ryk giet út fan in lanlike emisjereduksje fan 42 oant 46% foar de lânbou en oanfoljende maatregels yn sônes om stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten hinne. Fryslân kiest foar in provinsjebrede reduksje fan 30% en in oanfoljende gebietsrjochte oanpak op de plakken dêr't dat neffens de provinsje nedich is.
De FASN foarmet de basis foar de petearen fan de provinsje mei it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Voedselzekerheid en Natuur. Sadree't de lanlike maatregels fierder útwurke binne, besjocht de provinsje wat dy foar Fryslân betsjutte en oft de Fryske oanpak oanpast wurde moat. Dêrby wol de provinsje foarkomme dat ûndernimmers ûnnedich te meitsjen krije mei ferskate of opinoarsteapele regels.
Hoe giet it fierder?
Provinsjale Steaten behannelje de FASN nei ferwachting op 28 oktober 2026. Nei it fêststellen wurdt de oanpak fierder útwurke yn in útfieringsprogramma. Hjiryn komt te stean hokker maatregels naam wurde, wannear't dy útfierd wurde, wa't dêrfoar ferantwurdlik is en hoe't de resultaten folge wurde.
De provinsje wol dit útfieringsprogramma yn 2027 opstelle. Dit bart yn `e mande mei ûndernimmers, gebieten, gemeenten, Wetterskip Fryslân, natuerorganisaasjes en oare belutsen partijen.
Fragen
Hawwe jo fragen oer de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel? Besjoch dan de fragen en antwurden of nim kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.
Fragen en antwurden oer de Fryske oanpak
Hawwe jo nei it lêzen fan de Fryske Oanpak Stikstofreduksje en Natuerherstel noch fragen? Hjirûnder fine jo antwurden op gâns fragen. Stiet jo fraach der net by? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.