Boeren, natuerorganisaasjes, ûndernimmers, ynwenners en oerheden; mei-inoar brûke en beheare wy it lanlik gebiet yn Fryslân. Wy beskermje de natuer, en biede takomst foar de ekonomy yn it algemien en de lânbou yn it bysûnder. Dêrom wurkje wy mei-inoar oan in takomstbestindich Fryslân, dêr’t foar elkenien romte, perspektyf en brede wolfeart yn is.

Yn it Frysk Programma Lanlik Gebiet, ôfkoarte FPLG, wurket Fryslân oan de takomst fan it Fryske lanlike gebiet. It FPLG is de Fryske ynfolling fan it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG ).

Fia dizze webside, ús nijsbrief en (digitale) bypraatmominten en oerlizzen hâlde wy inoar op 'e hichte.

Gebietsprogramma

Hoe 't wy omgean mei stikstof, natuer, wetter & boaiem, klimaat en in fitaal plattelân omskriuwe wy yn it gebietsprogramma. Dat gebietsprogramma moatte wy yn in earste ûntwerpferzje op 1 july 2023 oanleverje by it Ryk.

Wy wolle dat gebietsprogramma net allinnich skriuwe. Dêrom wurkje wy gear mei ûnder oare de lânbou, natuerorganisaasjes, kennisynstellings en de oare Fryske oerheden.  Binnen de beheinde tiid dy 't wy hawwe, sykje wy nei mooglikheden om de kennis en ekspertize út Fryslân op te heljen en yn it gebietsprogramma te ferwurkjen.

Earste reaksje fan Fryslân

De konseptferzje fan it gebietsprogramma is op 9 maaie troch it kolleezje foarlein oan de Mienskip, Provinsjale Steaten, Wetterskip en Fryske gemeenten om te reagearjen. Elkenien dy't dat wol kin oant 9 juny 2023 in reaksje jaan op it konsept.

De opmerkingen nimme wy mei nei de 1 july ferzje fan it gebietsprogramma. Nei simmer definityf gebietsprogramma Nei 1 july is it Ryk oan set om it ûntwerp gebietsprogramma te beoardieljen. De opmerkingen, suggestjes of tafoegingen fan it Ryk sille wy nei de simmer ferwurkje yn it Gebiedsprogramma Fryslân 2023. Dat oanpaste ûntwerp wurdt dan formeel op besjen lein. It gebietsprogramma wurdt dan nei ferwurking fan alle sjenswizen troch Deputearre Steaten en úteinlik Provinsjale Steaten fêststeld en is it startpunt foar de gebietsrjochte oanpak.

Utwurking yn gebieten fan 2024 ôf Gebietsrjochte oanpak

Gebietsrjochte oanpak (útklapber) It gebietsprogramma is in programma op haadlinen. It sil foar elk tema (lykas stikstof, natuer, wetter, klimaat ensfh.) en boaiemsoarte (klaai, sân, fean en Waad) omskriuwe hoe 't wy de oanpak foar ús sjogge.  Hoe 't dat oerset wurdt nei maatregels per (nij of besteand) gebietsproses, foar elk doarp of foar elk bedriuw komt oan bod by de gebietsrjochte oanpak fan 2024 ôf. Yn dy gebietsrjochte oanpak is ek folle mear tiid en romte foar de Mienskip om mei te tinken oer de lokale ynfolling.

Webinars

Yn Fryslân wurdt wurke oan it gebietsprogramma foar it Frysk Programma Lanlik Gebiet. Yn dit gebietsprogramma omskriuwe we hoe't we yn Fryslân wurkje wolle oan de opjeften rûnom klimaat, natuer & stikstof en wetter en boaiem.

Woansdei 10 maaie wie der in webinar oer it gebietsprogramma dêr 't wy de stân fan saken yn besprutsen hawwe.

Mei oan tafel:

  • Trienke Elshof fan LTO Noord
  • Hans van der Werf fan Fryske Miljeu Federaasje
  • Jan van Weperen fan gemeente Eaststellingwerf
  • Douwe Hoogland fan provinsje Fryslân

Der is in mooglikheid om it werom te sjen.

Sjoch hjir it webinar werom(eksterne link)

De ôfrûne tiid fûnen der in tal ynformearjende sesjes plak oer it FPLG. Wolst it nochris werom sjen? Besjoch dan de webinars werom-:

Nijsbrief

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de ûntjouwingen út it FPLG? Skriuw jo dan yn foar ús nijsbrief.

Oanmelde foar de nijsbrief

Fragen?

Hawwe jo fragen oer it FPLG of ien fan de ûnderlizzende tema’s? Dan kinne jo maile nei de provinsje Fryslân op provincie@fryslan.frl.

Nijsberjochten