Stikstofregelingen
It Ryk en Fryslân wurkje gear oan de opjefte om de útstjit fan stikstof te ferminderjen. Hjirfoar binne ek regelingen en subsydzjes beskikber. Op dizze side lêze jo dêr mear oer de wichtichste (subsydzje)regelingen om stikstof hinne.
Hawwe jo nei it lêzen fan dizze ynformaasje fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25. Wy helpe jo graach.
Lanlike regelingen foar oankeap
In tal lanlike stoppersregelingen, lykas de Landelijke beëindigingsregeling feehâlderijlocaties (Lbv en Lbv-plus), binne yntusken sletten foar nije oanmeldingen. Rinnende oanfragen wurde op it stuit ôfhannele, mar oanmelde is net mear mooglik.
Der wurdt achter de skermen wol wurke oan de frijwillige beëinigingsregeling feehâlderijlocaties (Vbr) foar feehâlders dy't ophâlde wolle. Op 12 jannewaris 2026 is de ynternetkonsultaasje úteinset foar de konsept regeling en yntusken sletten. De frijwillige beëinigingsregeling feehâlderijlokaasjes (Vbr) moat in romhertige subsydzjeregeling wurde foar it beëinigjen fan feehâlderijlokaasjes mei melkfee, bargen, plomfee, fleiskalfearren, oerich kij, geiten, fleiseinen en kninen. In wichtich ferskil mei eardere regelingen is dat feehâlderijlokaasjes binnen in strook fan 1000 meter rûnom oerbelêste natura 2000-gebieten mei foarrang oanspraak meitsje op de subsydzje.
Sadree ’t der mear nijs is om, bygelyks oer in iepenstelling fan de Vbr, sille wy dat fansels ek op de webside fan de provinsje melde.
Maatregel Gebietsgerichte Beëindiging veehouderijlocaties (MGB)
Dizze regeling is bedoeld as alternatyf foar de pykbelastersoanpak (LBV, LBV + en Sbv), sadat ek bedriuwen mei in lytsere stikstofdeposysje gebrûk meitsje kinne fan in (parsjele) beëinigingsregeling. Bedriuwen moatte dan wol lein wêze yn gebieten dêr't wurke wurdt oan gebietsopjeften foar wetter en / of klimaat. Lykas feangreidegebieten, beekdalen, (hege) sângrûnen en oergongssônes om Natura 2000 - gebieten hinne. De provinsje fiert dizze regeling út, de finansjele middels wurde beskikber steld fanút it ryk. Op dit stuit wurdt noch wurke oan de útwurking fan in Fryske MGB regeling.
De provinsje Fryslân hat gjin oanfoljende regelingen foar it oankeapjen fan jo bedriuw. Mochten jo net yn oanmerking komme foar de hjoeddeistige lanlike regelingen, mar wol al plannen hawwe om jo bedriuw te beëinigjen, dan kinne jo dat by ús oanjaan. Wy nimme dan kontakt mei jo op.
Regeling provinsjale maatregels PAS-melders (RPMP 2024)
It Ryk is ferantwurdlik foar de legalisaasje fan PAS-melders en moat hjirfoar stikstofromte oan PAS-melders beskikber stelle. Provinsjes kinne dêrnei in fergunning ferliene oan PAS-melders. De legalisaasje fan PAS-melders ferrint lykwols dreech. Dat hat twa redenen:
- Stikstofromte lit op him wachtsje en
- Fergunningferliening is op it stuit net mooglik fanwege it saneamde additionaliteitsfereaske. It additionaliteisfereaske hâldt yn dat de delgong fan de stikstofdeposysje troch de frijkommen stikstofromte fan de saldojouwer net nedich wêze moat om it minder wurden fan Natura 2000 - gebieten tefoaren te kommen.
Dêrom wurdt no sjoen oft PAS-melders ek op in oare wize as mei stikstofromte legalisearre wurde kinne. Ynearsten wie it idee om mei de finansjele middels út de SPUK RPMP 2024, subsydzjeregelingen op te stellen foar PAS-melders dêr't alternative wizen fan legalisaasje mei finansiere wurde kinne. Dêrby waard tocht oan regelingen foar omskeakeling nei in oarsoartige bedriuwsfiering, de reduksje fan stikstof troch bewiisde stikstofredusearjende techniken of ferpleatsing.
Lykwols, omdat yntern salderen op'e nij fergunningplichtich wurden is en ek hjir oan it addisjonaliteitsfereaske wurde moat, wurde der op dit stuit gjin subsydzjeregelingen iepensteld ûnder de RPMP2024. It soe nuver wêze om in subsydzje te ferlienen foar eat dat op dit stuit net te fergunber is. Der wurdt dêrom sjoen oft de finansjele middels út dizze SPUK wei ynset wurde kinne foar de MGB. Dat betsjut dat der in aparte pot komt foar allinnich PAS-melders dy't gebrûk meitsje wolle fan de MGB. Oare dielnimmers oan de MGB wurde net út dy pot finansiere, mar út de reguliere SPUK MGB.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer stikstofregelingen of sjogge jo oare mooglikheden dy't jo graach beprate wolle? Bygelyks ferpleatsing of it stopjen fan jo bedriuw? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25. Wy sille graach frijbliuwend mei jo yn petear.