PAS-meldingen
PAS-meldingen
Op 29 maaie 2019 oardiele de Ried fan Steat (RfS) dat it PAS yn striid wie mei de Europeeske Habitatrjochtline. Troch de útspraak binne de eardere meldingen net mear rjochtsjildich. As jo in PAS-melding dien hawwe, koene jo oant 1 desimber 2022 jo gegevens oanleverje fia it RVO.
Legalisaasjeprogramma
Op 28 febrewaris 2022 is it legalisaasjeprogramma fêststeld. Hjiryn stiet hokker maatregels der naam wurde om stikstofromte foar PAS-meldingen frij te meitsjen. Binnen trije jier nei fêststelling fan it programma moasten maatregels troffen wurde wêrmei 't legalisaasje fan PAS-meldingen mooglik wie. It is spitigernôch net slagge om mei it legalisaasjeprogramma de problematyk fan in soad PAS-melders op te lossen.
It legalisaasjeprogramma is dêrom ferlinge. Op 10 febrewaris 2026 hat de Earste Keamer de wetswiziging oannaam dy't de termyn ferlinget en in maatwurkoanpak foar PAS-melders regelet. De wetswiziging helpt de provinsjes om ôfsjen te kinnen fan hanthavening en de oerheid bliuwt him binen oan de opdracht om alle PAS-melders te helpen.
Maatwurkoanpak
Dêrneist is ek de maatwurkoanpak presintearre, dy wurdt ûnderdiel fan it legalisaasjeprogramma. De kearn fan de maatwurkoanpak is dat net langer mei stikstofromte út boarnemaatregels legalisearre wurdt mar dat de oerheid tegearre mei de PAS-melder sykje sil nei in passende oplossing. It doel is om nei in legale situaasje te gean.
Saakbegelieders
Om de PAS-melder te stypjen yn it ferkennen fan oplossingen dy't by syn / har situaasje past, stelle ryk en provinsjes saakbegelieders ta beskikking. Dy sille fergees it petear oan oer wat mooglik is op it bedriuw en meitinke kinne oer de mooglikheden dy't ynnovaasje, (parsjele) beëiniging, skealoket, managementmaatregels of ekstinsivearring biede kinne.
Skadeloket PAS-meldingen
Undernimmers mei in PAS-melding ferkeare sûnt de PAS-útspraak yn uterst ûnwisse tiden. As in PAS-melder skea ûnderfynt wêrfoar 't it Ryk oanspraaklik is, dan kin in skeafergoeding oanfrege wurde. As it ôfsjen fan hanthavening bygelyks ûnferwachts net mooglik is, set it kabinet him maksimaal yn om skea te fergoedzjen dy 't PAS-melders op dat stuit ûnderfine. Lês hjir mear oer it skealoket PAS-meldingen.