Yn Natura 2000-gebieden mei net safolle stikstof delslaan dat it de leefgebieten fan guon plante- en bistesoarten oantaast. Dochs is dat foar in soad gebieten yn Nederlân en Fryslân no wol it gefal. Troch in útspraak fan de Rie fan Steat yn maaie 2019 meie der yn in soad gefallen gjin nije stikstof produsearjende aktiviteiten mear begûn wurde.

Maatregels om stikstofútstjit fan de lânbou te ferminderjen binne faak ôfhinklik fan persoanlike situaasje en lokaasjes. Tink dêrby oan ekstinsivearring, omskeakelje nei in mear grûnôfhinklike bedriuwsfiering of biologyske lânbou. Mar ek oan it fertinne útriden fan dong, ynnovaasje en it duorsumer meitsjen fan stâlen. De útdaging foar de provinsje is om dy maatregels foar de agraryske sektor yn Fryslân sa oantreklik mooglik te meitsjen. Foar alle situaasjes binne ûnderskate regelingen en ynstruminten beskikber dy’t yn de ynfographic hjirûnder fierder taljochte wurde.

In infographic dy't útlis jout hoe stikstof minder te meitsjen is yn lânbou

Wat stiet der yn de infographic?