Mienskipsinisjativen

Foar alle (takomstige) maatskiplike inisjativen; fan wyk ta doarp, fan sport oant tsjerke. Mienskipsinisjativen fan ûnderen op, byinoar. Alle mooglikheden op in rychje.

Wolle jo tegearre oan de slach? Hjirûnder jouwe wy jo in oersjoch mei stipe en subsydzje- en finansieringsmooglikheden. 

Frysk Enerzjyhûs 

Op dit stuit wurdt der wurke oan de oprjochting fan it Frysk Enerzjyhûs. Hjir kinne inisjativen terjochte foar: 

  1. Advys
  2. Kennisdieling
  3. Eksperiment 

Fan 1 jannewaris 2024 ôf is it Frysk Enerzjyhûs iepen foar fragen fan ynwenners oer kollektive duorsumensprojekten yn in wyk, buert, doarp of stêd. Dizze kollektive projekten kinne bygelyks gean oer enerzjybesparring, mei-inoar opwek - of waarmtetransysje. 

Mear ynformaasje is te finen op Mienskipsenergie | Energietafel (frieseenergietafel.nl) Mienskipsenergie | Energietafel (frieseenergietafel.nl)

Stipe

  • Fia de streekkantoaren fan de provinsje Fryslân kinne jo help krije foar it oanfreegjen fan subsydzje út bygelyks it Iepen Mienskipsfûns wei. De meiwurkers helpe jo graach mei advys by ynwenner inisjativen it meitsjen projektplannen en it sykjen fan projektfinansiering.
  • Ús Koöperaasje Helpt pleatslike inisjativen op wei en set him yn foar de enerzjybelangen fan enerzjykoöperaasjes yn Fryslân.
  • Energie van Ons Troch de krêften fan lokale enerzjykoöperaasjes te bondeljen, makket Enerzjy fan Us lokale griene enerzjy foar en fan ús allegearre.
  • Friese Milieu Federatie De FMF wurket oan in moai en duorsum Fryslân: in rike biodiversiteit, in moai lânskip en in sûne leefomjouwing foar minske, plant en bist - foar in duorsume ûntwikkeling fan de provinsje.
  • Doarpswurk  Set him yn foar frijwilligers dy't oan de slach wolle mei enerzjytransysje.
  • Energiebank Fryslân Hat as missy enerzjy-ûngelikens te bestriden en set frijwilligers yn dy húshâldingen stipe dy't muoite hawwe mei it beteljen fan de enerzjyrekken.
  • Energieteam Fryslân Understipet inisjativen troch mei de lokale bewenners in doarp of buert te ferduorsumjen mei lytse en grutte enerzjybesparjende en isolearjende maatregels.
  • FREON It Frysk Regionaal Ontwikkelnetwerk, stiet foar it fersterkjen fan de eigen enerzjyfoarsjenning en it mei-inoar dêrmei oan de slach gean.

Subsydzjes

  • Voucherregeling Energiecoöperatie Fryslân 2022 | Fryslan Subsydzje foar enerzjykoöperaasjes yn Fryslân foar it ynskeakeljen fan ekstra ekspertize.
  • LEI-Fryslân - FSFEDe Untwikkelfinansiering LEI-Fryslân is in ûntwikkelfinansiering foar lokale enerzjy inisjativen. Dizze liening mei in rintiid fan 2 jier is bedoeld foar projekten dêr't de helberens fan ûndersocht is. Nei in suksesfolle ûntwikkeling folget realisaasje fan it projekt en wurdt de liening werombetelle.
  • Iepenmienskipsfûns (IMF) In provinsjaal fûns om inisjativen fan ynwenners yn Fryslân fierder te helpen. Hjir fine jo ynspiraasje foar jo projekt.
  • Leader Streekwurk | Fryslan LEADER is in subsydzjeprogramma foar projekten op it plattelân. Europeeske, lanlike, provinsjale en gemeentlike oerheden ynvestearje yn ideeën út de maatskippij dy't soargje foar in moai en leefber plattelân. De subsydzje is beskikber foar Noardeast en Noardwest Fryslân.
  • Waddenfonds In regeling dy't ynvestearret yn inisjativen en projekten dy't de ekology en duorsume ekonomyske ûntwikkeling fan it Waadgebiet fersterkje.
  • KlimOp Fia it KlimOp-programma fan de provinsje Fryslân kinne jo as fêstgoedeigener fan lyts maatskiplik fêstgoed kosteleas ferduorsudingsadvys krije.
  • Sjeck jo gemeente webside foar eventuele gemeentlike subsydzjes.
  • Samenwerkingsverband Noord-Nederland Subsydzjewizer foar Noard-Nederlân.
  • Rijksdienst voor ondernemend Nederland Lanlike en Europeeske subsydzje - en finansieringswizer.

Websides

  • Hier opgewekt HIER opgewekt helpt jo op wei nei skjinne duorsume enerzjy. Oft jo no yn'e hûs, mei de buorlju of mei doarps - of stedsgenoaten oan de slach wolle.
  • Energie Samen Energie Samen behertiget de belangen fan enerzjykoöperaasjes en oare duorsume enerzjycommunities by oerheden, tafersjochhâlders en netbehearders.
  • Buurkracht Buurkracht is de krêft dy ’ tsto en dyn buorlju byinoar hast. De krêft om de buert moaier, better, griener, feiliger of geselliger te meitsjen.
  • Rijksoverheid In oersjoch fan alle duorsumenskampanjes út it Ryk wei op in rychje.

Mei hokker wet- en regeljouwing fan de provinsje kinne jo te meitsjen krije?

Sels duorsumer, tegearre helpe wy de Fryske enerzjytransysje fierder!