2025 Jier fan de Sirkulêre Ekonomy

Sirkulêr Koprinner yn Europa wurde, wêze én bliuwe! 

In skjin, sûn en lokkich Fryslân. In sirkulêr Fryslân dêr't grûnstoffen hieltyd wer brûkt wurde. Takomstmuzyk? Nee: it is it lûd fan nó. Al tsien jier lang wurdt der hurd wurke oan in sirkulêr Fryslân. 

Mei-inoar wurkje wy al tsien jier oan in skjinne, sûne en lokkige regio. Mei resultaat, want Fryslân is ien fan de sirkulêre koprinners fan Europa! Yn 2025 fiere wy ús sirkulêre súksessen. Wy litte mei in soad grutskens sjen wat allegearre al ‘made sirkulêr yn Fryslân’ is.

WCEF

Fan tiisdei 13 oant en mei freed 16 maaie 2025 fûn it World Circular Economy Forum 2025 (WCEF 2025) plak yn São Paulo, Brazilië. Yn dit wrâldwide evenemint kamen bedriuwen, (brânsj)organisaasjes, beliedsmakkers, eksperts en wittenskippers byinoar om kennis en ûnderfinings út te wikseljen oer de sirkulêre ekonomy. Der waarden ferskate inisjativen, ynnovaasjes, ûntwikkelingen en útdagingen binnen de sirkulêre transysje presintearre. Op útnûging fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wie ek Fryslân fertsjintwurdige.

Frisian Model By in Accelerator Session presintearre Circle Economy ús unike regionale monitoaring-ysteem: The Frisian Model. Dizze monitor is ûntwikkele neffens de metoade fan it Sirarity Gap Report fan Circle Economy. Hy beskriuwt, yllustrearret en analysearret hoe't Fryslân wurket oan de transysje nei in sirkulêre ekonomy. De monitor jildt as in ynspirearjend foarbyld foar oare regio’s, dy’t dêrmei mjitte kinne hoefier’t se binne yn harren eigen sirkulêre transysje.

#watdochsto

Yn dizze rubryk fertelle ús kollega's hoe't sy in bydrage leverje oan de sirkulêre tema’s fan it Iepen Hûs.

Ofsluting – Fierder Gean 

Op 10 oktober 2025 sleaten we it jubileumjier fan tsien jier Circulair Friesland ôf by Caparis yn Drachten. Yn de ôfrûne tsien jier hawwe wy mei-inoar in soad berikt. Tagelyk makken we dúdlik dat de sirkulêre transysje noch folop yn ûntwikkeling is en dat we ek de kommende jierren gearwurkje oan in sirkulêr Fryslân. 

Tegearre foarútsjen 

Op de gearkomste seagen we net allinnich werom op tsien jier gearwurking, mar seagen we foaral foarút. Hokker útdagingen lizze der noch? En wat is der nedich om Fryslân fierder te bringen as sirkulêre regio? Besikers giene op ekspedysje by Caparis en ûntdutsen hoe't sosjale ynklusy en sirkulariteit inoar fersterkje kinne. Ek krigen de dielnimmers in ynspirearjende ferbylding fan in sirkulêre takomst te sjen: hoe sil ús libben en ús ekonomy har de kommende jierren fierder ûntwikkelje? 

Dêrneist seagen wy werom op it programmajier 2025 en alle inisjativen en resultaten dy’t mei-inoar berikt binne. Ek stiene wy stil by de útkomsten fan it Sirarity Gap Report Fryslân. Mei in sirkularity metric fan 10,6% behelle Fryslân neffens Circle Economy in skoare dy't wrâldwiid noch net earder metten wie. Fansels wolle wy dit persintaazje fierder ferheegje!