Provinsjaal foarbyld: ‘Wearde tafoegje’
Yn in sirkulêre ekonomy draait it om mear as jild. Wy sjogge sa rûm mooglik nei it begryp ‘Waarde’: sosjaal, ekologysk én ekonomysk. Hoe kinne wy ekonomyske aktiviteiten ynsette foar in sûnere planeet en in sterkere maatskippij?
Provinsje Fryslân en ‘Wearde tafoegje, mear ympakt troch oars te tinken’
Al by de nijbou fan it hjoeddeistige Provinsjehûs wie der folop omtinken foar sirkulariteit. Dêrmei rûn ús organisaasje écht foarop. Yn de perioade foar 2011 wie duorsumens noch net sa’n wichtich tema as tsjintwurdich. It Provinsjehûs tsjinne yn dy tiid al as foarbyld en der wiene ek geregeld rûnliedingen yn ús sirkulêre pân as ynspiraasje foar oare organisaasjes. Wat wie der krekt sa foarútstribjend?
Enerzjylabel A
It provinsjehûs hellet enerzjy út de waarmte- en kjeldopslach út de boaiem (sjoch ôfbylding). De plom wurdt skerp monitoare om de balâns tusken waarmte en kjeld it hiele seizoen goed yn 'e gaten te hâlden. Troch horizontale spegelflakken wurdt mei ljocht fan bûten in sa heech mooglike ljochtynfal ferkrigen. De oanbrochte ferljochting is skeakele op oanwêzigens en ljochtsterkte. Alle wurkromten hawwe in CO2-regele fentilaasje. Sa wurdt der gjin enerzjy ûnnedich fergriemd en bliuwe de romten lekker fris by yntinsyf gebrûk.

Ynterieur
Foar in grut part fan it ynterieur is wurke op grûn fan de cradle-to-cradlefyzje. Dat betsjut dat der net in kar makke hoecht te wurden tusken ekonomyske óf ekologyske foarspoed: se fuortsterkje inoar krekt as der yn de ûntwerpfaze goed oer neitocht wurdt. Nei de gebrûksperioade kinne de materialen sûnder ferlies fan kwaliteit op 'e nij brûkt wurde. Toksyske stoffen (lykas formaldehyde) wurde mijd sadat dy gjin skealik effekt op it binnenklimaat fan ús kantoar hawwe kinne. Ek is der tûk sjoen nei ûntwerpen. Sa hawwe de kasten yn de pantrys gjin dûbele siden en net in efterwand om't de muorre al kreas ôfwurke is. Dat skeelt dus yn it materiaal dat brûkt is. Dêrneist wurdt der gebrûk makke fan skroefkonstruksjes yn stee fan ferlymje mei it each op wergebrûk.
Rubberwood as basis
Rubberwood is yn it hiele projekt brûkt as basismateriaal foar de fêste ynrjochtingsûnderdielen yn ús pân. It is in restmateriaal út de lateks-yndustry en frij fan it gefaarlike formaldehyde (spaanplaatgas). It is CO2-neutraal en der hoecht gjin bosk foar kapt te wurden. Omdat it ‘skjin’ materiaal is, wurdt it nei gebrûk net dumpt of ferbaarnd mar bliuwt it materiaal yn de basis beskikber foar in nij doel (sirkulêr gedachtegoed).
2025
It jier 2011 wêryn't it provinsjehûs oplevere waard leit alwer in skoftke efter ús en it Provinsjehûs is it wurkplak foar hûnderten wurknimmers. Soe der al wat ferfongen wêze nei al dy jierren én op de wize dy't se al foar 2011 foar eagen hiene? It antwurd op beide fragen is plan-út: ja én nochris ja!
Koartlyn is de beklaaiïng yn ús Wurkkafee (bedriuwsrestaurant) ferfongen troch de sosjale ûndernimming Joustra Stoelverzorgers. Hja hawwe op prachtige wize op ‘en nij foarmjûn oan de sirkulêre gedachte, wêrby’t wy dêrmei ek in ekstra ‘+’ op de MVO-ljedder berikt hawwe. Alle panielen en sittingen binne foarsjoen fan in nij jaske mei in grutte sirkulêre ympakt.
Sirkulêre takomstplannen
Noch hieltyd wurdt der folop neitocht om fierdere sirkulêre stappen te setten. Sa binne der moaie ideeën om de kofjebar yn de Publykshal op in duorsume wize in nije útstrieling te jaan wêrby't ek materialen út it pân op ’e nij brûkt wurde sille en de cradle-to-cradlefyzje yn stân bliuwt. Yn it neijier wurdt dat idee fierder útwurke en begjin takom jier sil it yn de praktyk útfierd wurde.