Sirkulêre Ekonomy

It is de missy fan de provinsje Fryslân om as regio ta de Europeeske top te hearren op it mêd fan sirkulariteit. Fryslân is dé regio yn Nederlân dêr't materialen weromwûn wurde, opnij brûkt en tapast wurde yn duorsume produkten, bou en konstruksje. Dat Fryslân wrâldwiid koprinner is yn de sirkulêre ekonomy die yn 2025 út it Circularity Gap Report bliken.

Ek wurkje wy yn noardlik ferbân gear op it mêd fan de sirkulêre ekonomy. De gearwurking krijt benammen foarm yn noardlike projekten. Sa wurkje wy yn it EFRO-projekt ‘plestik ready’ oan in noardlik kluster oangeande sirkulêre keunststoffen. En yn ‘Noord-Nederland verdient circulair’ wolle wy op tema’s as bou, yndustriële fabryksproduksje en tekstyl  it noardlik MKB helpe om mear sirkulêr te ûndernimmen.

Wy hawwe as provinsje in rol as gongmakker en sette dêr de krekte subsydzjes foar yn: fan proeftunen oant regellije sônes. Wy ûndernimme aktyf aksje om obstakels op wei nei sirkulariteit fuort te nimmen, bygelyks fia de ‘Ambitietafel wet- en regelgeving’ dêr't wy (knipende) wetlike ramten op it aljemint bringe en besykje te beynfloedzjen. Wy stelle ús yn gearwurkingen aktyf op en ferfolje in stimulearjende, koördinearjende en ynspirearjende rol. Wy stjoere op in goede (ynter)nasjonale profilearring: Fryslân as foarbyldregio. 2025 is it jier fan de sirkulêre ekonomy yn Fryslân.

Mear ynformaasje of meidwaan

Sirkulêre materialen

Sirkulêre materialen wurde hieltyd wichtiger yn ús regio. Der is sprake fan in sterke, groeiende string yn Noard-Nederlân, mei partijen as Greenwise, Vereniging Circulair Friesland (VCF), Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics (NTCP), Innovatiepact Fryslân (IPF), Building Balance/Nationale Aanpak Biobased Bouwen (NABB), Chemport, NHL Stenden en de Fryske oerheden. 

Op basis fan de maatskiplike opjefte, de spesjalisaasjes en it ûnderskiedend fermogen fan Fryske bedriuwen, identifisearje wy yn sirkulêre materialen twa niches:

Sirkulêre plestiks

Plestik is sterk, goedkeap en yn gâns foarmen tapasber. Dêrom is it in goede grûnstof foar de bou, mar ek foar ferpakkingen, tekstyl en soarchprodukten. De fraach nei plestik nimt noch hieltyd ta. Tagelyk is plestikfersmoarging in groeiend probleem, wrâldwiid likegoed as lokaal. Dêrom is it op ’e nij brûken fan plestik driuwend nedich. 

Wy wurkje gear mei kennisynstellings en bedriuwen oan it sirkulêr meitsjen fan plestik. Wy sette yn op sirkulêr design, heechweardige sortearring/skieding, ynnovaasje en ûndersyk, bewustwurding en edukaasje. Wy wurkje gear mei VCF oan in fyzje dêr't wy in dúdlik byld yn jouwe fan wat wy yn Fryslân dogge en wat ús ynbring oan de Noard-Nederlânske tafel is. Greenwise Circular Plastics hat oan dy tafel in koördinearjende rol. As partner binnen Chemport sykje wy aktyf nei noardlike gearwurking om de kennis oer sirkulêre materialen te ferdjipjen en te ferbreedzjen en it fêstigingsklimaat foar bedriuwen yn dizze sektor oantrekliker te meitsjen. In foarbyld is it projekt PlesTicReady, rjochte op it fergrutsjen fan de fertsjinkapasiteit fan sirkulêre-keunststoffebedriuwen yn Noard-Nederlân.

De ynteresse fan jongerein en stúdzjeferieningen oangeande sirkulariteit lit sjen dat it ûnderwerp fan belang is foar de jonge generaasje, dochs nimme de studinte-oantallen yn technyske stúdzjes ôf. De provinsje hat in rol as oanfiterder om de fraach út it bedriuwslibben better by it ûnderwiis oanslute te litten. Dêrneist stypje wy relevante partijen mei subsydzjes út provinsjale en Europeeske jilden wei en binne wy partner yn Europeeske projekten, lykas it Ynterreg-projekt Plastix. De middels en kennis dy't Europeeske gearwurkingen mei him meibringe, benutte wy ek yn de regionale gearwurkingen.  

Ien fan de gefolgen fan it fuortsmytplestik is al it ôffal dat wy kreëarje. Dat komt del op 20 kilogram de ynwenner yn ’t jier. Spitigernôch komt dat plestik net allinnich op de dêrfoar bedoelde ferwurkingsplakken, mar einiget ek in soad yn see. Dat taast sawol it miljeu, de bisten as úteinlik ek de minsklike sûnens oan. As provinsje sette wy ús yn foar it tebekkringen fan plestik om de waadgebieten hinne. Dat dogge wy troch ús krêften te bondeljen yn oparbeidzjen mei regionale belanghawwenden, lykas ûndernimmers, it ûnderwiis, ûntwerpers en de boargers yn it nije waadprogramma Wad Gaat Om.

Biobased bouwe

Wy steane oan it begjin fan de transysje nei in biobased ekonomy. Sawol de agraryske sektor as de bousektor moatte in transysje trochmeitsje om harren klimaat- en miljeu-ympakt te ferleegjen. Dy transysje is útdaagjend, mar biedt ek kânsen. Biobased grûnstoffen dy't yn de bou brûkt wurde, lykas fezelhimp, flaaks, miscanthus en tuorrebout, kinne de transysje yn de agraryske sektor ferhastigje en iepenje de doar nei nije merken en ynnovaasjes. Biobased bouwe biedt Fryslân in unike kâns om him ekonomysk te ûnderskieden. It past by de regionale ambysjes op it mêd fan de sirkulêre ekonomy, biedt nije fertsjinmodellen foar de (grutte) agraryske sektor en hat positive effekten op klimaat, stikstof, wetterkwaliteit en bioferskaat. 

Wy wurkje mei oanbelangjende partijen gear oan in systematyske oanpak fan biobased bouwe. De rol fan de provinsje leit benammen yn it kreëarjen fan de goede rânebetingsten: it ûntwikkeljen fan belied, finansjele stipe en it fasilitearjen fan de gearwurking. By it ûntwikkeljen en útfieren fan belied is it fan belang om opjeften as wenjen, lânbou, gastfrijheid, romte, ynfra en de opjeften út it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) mei-inoar te ferbinen. Dêrfoar wurkje wy op ferskate nivo's mei ferskillende belanghawwenden gear:

  • Op regionaal nivo sitte wy yn ‘e mande mei VCF, gemeenten, kennisynstellings en in tal merkpartijen oan de Versnellingstafel Biobased Fryslân. Ek wurkje wy nau gear mei VCF en it programma Fryslân Bouwt Circulair, om de fraachkant fan de string te stimulearjen troch opdrachtjouwers by konkrete bouprojekten te stypjen.
  • Op lanlik nivo binne wy belutsen by it Building Balance-programma. Wy leverje ek provinsjale kofinansiering oan it Groeifonds-projekt Toekomstbestendige Leefomgeving. O
  • p Europeesk nivo wurkje wy as Lead Partner yn it Ynterreg-projekt BBoBB gear mei oare Europeeske regio’s oan it opskalen fan it gebrûk fan biobased materialen. Sokke projekten helpe ús by it realisearjen fan ús ambysjes.
     

Koprinner yn Europa

Fryslân wol him sjen litte as de Europeeske koprinner yn de sirkulêre ekonomy. Net om it bêste jonkje fan de klasse te wêzen, mar wol om oare regio's te ynspirearjen ús foarbyld te folgjen. En om sa kânsen te kreëarjen foar Fryske bedriuwen en organisaasjes. Fia in sterke Europeeske posysje om belied te beynfloedzjen en troch it lizzen fan ferbiningen mei nije gearwurkings- en hannelspartners. Want allinnich mei-inoar kinne we de sirkulêre ekonomy alle dagen in stap tichter by bringe. 

Wy dogge dat troch it ûntwikkeljen en útfieren fan in Europeeske projekten. Dêrmei krije wy ynternasjonale kennis, kontakten en fûnsen dy't ús helpe by it heljen fan ús doelen. BBoBB, Plastix en European Circular Innovation Valley (ECIV) binne dêr in pear moaie foarbylden fan.

Tagelyk wurkje wy ek alle dagen oan it fergrutsjen, fuortsterkjen en bestindich meitsjen fan ús Europeeske netwurk. Sa is Fryslân al in pear jier lid fan it renommearre Europeeske netwurk ACR+ mei in plak yn it bestjoer. Op dy wize hawwe wy mei oare Europeeske stêden en regio's in dúdlike en werkenbere stim rjochting de Europeeske ynstellings. 

By einsluten folgje en beynfloedzje wy it Europeeske belied ek streekrjocht. Wy hawwe in werkenbere posysje yn it Comité van de Regio's en ûnderhâlde goede kontakten mei it relevante netwurk yn de Europese Commissie en it Europees Parlement. Fryslân hat in sterk profyl yn Brussel op it mêd fan de sirkulêre ekonomy. En tagelyk hjitte wy fansels elkenien dy't ús helpe wol of fan ús leare wol fan herte wolkom yn Fryslân.

Wetter 

De beskikberens fan skjin en foldwaande wetter is fan krúsjaal belang foar in sûne natuer, maatskippij en ekonomy. Wetter is de basis foar sûnens, natuer en ekonomyske ûntjouwing en in wichtige faktor foar itenswissichheid, wenningbou, bioferskaat, sirkulariteit en de enerzjytransysje. 

Op it mêd fan sirkulariteit set provinsje Fryslân yn op:

  • Oanpak (drink)wetterkrapte. Troch in hieltyd grutter ferbrûk fan drinkwetter en fersmoarging fan beskikbere boarnen, krimpt it oanbod fan drinkwetter yn Fryslân. Dêrtroch kinne hieltyd mear ûndernimmers dreech of gjin drinkwetteroansluting mear krije.
  • Wergebrûk fan ôffal- en proseswetter. Om de druk op de drinkwetterfoarried te ferminderjen is it ek wichtich om ôffal- en proseswetter op 'e nij te brûken. Dat jildt foar wetter ôfkomstich fan yndustriële en bedriuwsprosessen, mar ek foar griis wetter ôfkomstich fan húshâldingen.
  • Gebrûk fan nutriïnten yn ôffalwetter as grûnstof. Offalwetter is in wichtige boarne foar einige en krappe (mikro)nutriïnten. Bygelyks stikstof, fosfor, kalium, sink, izer en koper. Dy nutriïnten hawwe wearde en it op 'en nij brûken is in wichtige stap yn it sluten fan de nutriïntensyklus. 

Wy wurkje dêrby gear mei de partners fan de WaterCampus en Vereniging Circulair Friesland; kennisynstellings en ûndernimmers.

Sirkulêr ynkeapje 

Dêrnjonken leveret de provinsje sels ek in wichtige bydrage troch materialen sirkulêr yn te keapjen. Wy binne grutsk op ‘ús’ Swettehûs, it sirkulêre brêgebetsjinningssintrum en stipepunt fan Fryslân. Dêrneist besykje wy mear en mear yn ús VTH-taken (fergunning, tafersjoch en hanthavening) it sirkulêre tinken en dwaan foarm te jaan. Lês der mear oer op ûndersteande side: